Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
34 datasets found
Narrator Gender: female Place of Narration: Augustinusga
Yn Bûtenpost wienen in man en in frou út to jounpraten. De dochter hie twa froulju by har to jounpraten noege. Sy dienen it dy jouns hiel mâl en seinen rare dingen. Se wedden der om hwa't it dy jouns it raerst opsizze koe. De jouns let gongen de fammen fuort. Doe wie der har in pleachbeest op side kom, 't like in hiele dikke swarte houn. Earst bleauwen...
nl.verhalenbank.27806
Yn Surhuzum seagen se froeger op in plak in wylde lantearne. Letter kom der op datselde plak in buorkerij to stean.
nl.verhalenbank.27807
Docht men duveldrek ûnder 'e drompel, dan kin de tsjoenster dêr net oerhinne komme.
nl.verhalenbank.27811
Trapet men op in pod dan begjint it to tongerjen.
nl.verhalenbank.27810
De boer en syn frou dy soenen togearre to praten. Se hienen in papegaei. De frou sei tsjin 'e papegaei: "Tink der goed om, hwat der yn 'e hûs gebeurt." De feint en de faem moesten hûswarje. Doe't de boer en de frou fuort wienen, sei de faem tsjin 'e feint: "Sille wy 't hjoed us bêst ha?" "Dat is my tige bêst," sei de feint, "my tinkt, dan moesten wy mar...
nl.verhalenbank.23055
Der wie in fanke, dat siet yn 'e skoalle. Doe frege master har, dy't oer de bibel oan 't fortellen wie: "Wie heeft de wereld geschapen?" It fanke sei: "Ikke niet." Doe bigongen alle bern to laitsjen. It fanke tocht, dat se 't forkeard sein hie, en dêrom forbettere se it gau. Sy sei: "Ikke, maar ik sal 't nooit weer doen."
nl.verhalenbank.23053
Der wenne in fanke yn 'e Westerein, dy woe forkearing ha. Op in kear sei se: "'t Kin my allegear neat skele, as wie 't de duvel ek, ik wòl in feint ha." Doe kom der in feint delsetten om har. Sy sieten goed en wol yn 'e hûs en sy hienen hwat mei elkoar praet, doe seach dat fanke ûnder 'e tafel. En doe seach se dat dy feint hynstepoaten hie. Doe woarde se...
nl.verhalenbank.33622
Us heit hat ek ris hwat bileefd, ek op 'e Lytse Wei, op itselde plak. Heit wie op 'e fyts. 't Wie nacht. Hy soe nei hûs ta. Wy wennen yn 'e Harkema op 'e Bulten. In great wyt frommes roan samar ynienen njonken syn fyts lâns. Heit stapte ôf. Hy woe sjen hwat dat wie. Doe gong dy wite gedaente fan heit ôf. It like dat se fuort gong. Doe gong heit wer op 'e...
nl.verhalenbank.33620
Op Feanwâldsterwâl, fortelde myn man, mat froeger in sekere Jehannes Meerstra wenne ha, dy koe mear as in oar. Dy koe elkenien samar stean litte, as er dat woe. It is us gebeurd, doe soe ien oer de barte, dy't oer de feart lei. "As ik wol," sei Jehannes, "komstû net oer 't bartsje." Doe koe dyselde der net oer komme.
nl.verhalenbank.22739
Yn Surhuzum stie in kroech, dêr wenne om 1880 hinne in sekere Hulshof yn. Dy wie dêr kastlein. Dêr siet us in ploechje manlju, dy woenen dêr yn 'e kroech it Heilich avondmael fiere. Mar it wie spotten. Der wie ien, dy soe de avondmaelswyn útdiele. De beker hie er yn 'e hân. Mar doe woarde him de beker samar út 'e hannen slein sûnder dat se sjen koenen...
nl.verhalenbank.22738
Us beppe dy't yn 'e Harkema wenne gong jouns altyd itselde paedtsje del om molke to heljen. Op in joun gong se dêr wer lâns. Mar doe woarde se ynienen samar fan 't paedtsje ôfset. En sy seach neat. In skoftsje letter gong se wer it paedtsje del. Mar doe woarde se nochris wer oan kant set, sûnder dat se hwat seach. Foar de trêdde kear gong se oer 't...
nl.verhalenbank.33621
Albert is myn broer. 't Wie yn syn jonge jierren in raren-ien. Hy hie forkearing yn 'e Westerein en hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun hied er nei de faem ta west. Yn 'e nacht kom er werom. Hy wie al omtrint yn 'e Harkema. Op 'e Lytse Wei tusken Droegeham en Harkema woarde er in greate wite auto gewaer. Dy stie dêr op 'e wei. It like raer, sa midden yn 'e...
nl.verhalenbank.33619
Us heit syn heit wie oan 'e drank. It wie in plakker en hy kom faek let yn 'e nacht thús. Op in kear, doe kom er thús, doe wied er alhiel fan 'e wize. Hy hie ûnderweis in greate fjûrbol sjoen, krekt as hied er hier op 'e holle. Hy wie sa kjel woarn en sa binaud, dat hy hie in skoftlang de drank stean litten. Hy tocht dat dit in straf wie foar syn sûpen.
nl.verhalenbank.22733
Yn 'e tiid doe't er noch gjin trein ried fan Ljouwert nei Grins hearden se op it Blaufallaet al it sûzjen fan 'e fjilden oer de rails. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.22732
Yn 't oast fan Stiensgea dêr sweefde in heal minske om dêr wienen de lju bang foar. 't Wie by in plaets en der wienen guon dy doarsten der jouns en nachts net lâns.
nl.verhalenbank.37301
Op 'e Bovenlannen achter de Bosk yn Stiensgea wenne Úlke Bouius. Dêr sweefden de geesten fan 'e forstoarnen om 'e hûs hinne. Se wienen by de doar en kipen yn 'e rútsjes. Dat wienen de geesten fan minsken dy't net goed bihandele woarn wienen. Dy koenen de rêst net fine en kommen sadwaende nei har dea by har eigen famyljeleden en spoeken dêr om.
nl.verhalenbank.22731
Pake hie in kammeraed, dat wie Marten. Dy wenne by de boer. Marten wie mei de helm geboaren. Nachts gong hy der ôf, dan moest er hwat sjen. Dat wienen yn de regel lykstaesjes. Sa'n helm mei net fornietige wurde.
nl.verhalenbank.22735
Us pake wie Jelle Kalsbeek. Hy wie ôfkomstich fan Aldeboarn. Dêr wied er bierbrouwer. De man wie ôfgryslike sterk. Op in kear hâldde er in weddenskip mei oaren. Der soe útmakke wurde, hwa't it sterkst wie, hy of syn hynder. It hynder stie oan 'e iene kant fan 'e feart en pake Jelle oan 'e oare kant. Sy sieten mei in tou oan elkoar fêst. It hynder luts oan...
nl.verhalenbank.22734
Heit kom us op Koatstertille. Doe kom er in hiele grouwe houn tsjin mei greate gleone egen. Hy hat noait witen hwat dat west hat.
nl.verhalenbank.22736
Myn skoanmem kom fan Oentsjerk. Sy wie fan boerefamylje. By har folk wienen se wol gau us yn 't achterhûs oan 't kaertspyljen. Doe't se wer us oan 't kaertspyljen wienen, kom der ynienen in swart ding by har yn 't achterhûs. Doe binne se sa binaud woarn dat sy ha noait wer kaertspile. Skoanmem woe biweare, dat dat de duvel west hie.
nl.verhalenbank.22737
35