Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
24 results
Place of Narration: Oudega
Op it gemeintehûs fan Wymbritseradiel yn Snits is in âlde kaert. Dêr stiet it kleaster Nazareth noch op. Dat kleaster is nou fuort. It stie oan de noardkant fan de dyk nei Heech, in 400 m it lân yn. De minsken fortelle: it spûke dêr. Winterjounen, sa in 't healtsjuster, koene jo dêr in man tsjin komme sûnder holle.
nl.verhalenbank.50539
Us mem hie to praten west nei Jistrum. Dat gong doe to foet. Sy wie op 'e weromreis. Tusken Skûlenburch en 't Heechsân kom der har in persoan op side. Dy wie yn 't swart. Mem bigong tsjin him to praten mar hy sei neat werom. Doe't se oan it tsjerkhôf to Eastemar ta wienen, gong er by har wei en sweefde ta de poarte fan it tsjerkhôf yn. Mem hat him net...
nl.verhalenbank.17063
It Rammelân leit oan 'e súdkant fan 't Krúswetter. Dy namme is sa ûntstien: Der wienen twa spoeken yn Olterterp of de Sweach, dat hienen by har libben advokaten west. De duvelbander Piter Poes hat se dêr wei helle op in wein. Mar it ried o sa swier, hwant dy beide advokaten sprongen fan 'e wein en hâldden him tsjin. Sy hâldden de speaken fan 'e fjilden...
nl.verhalenbank.15702
Op 't West yn Aldegea stie in boereplaets, dêr doarst net ien sliepe, hwant dêr gong it yn 'e nacht altyd bot oan wei. Dêr reizgen altyd guon om yn 'e stâl en yn 'e skuorre en op 'e souder en dan wie 't in lawaei fan jewelste. Der wenne in man yn Aldegea, dat wie âlde Thomas Elzinga. Dy woe 't net leauwe. It binne praetsjes, sei er. De feint, dy't op dy...
nl.verhalenbank.15704
28