Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
83 results
Place of Narration: Opende
De kant nei Jistum út spoeket in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.27874
Ik had familie in Almelo. Doar stond ook een spoekhuus. Doar liep altyd een bij de trap omhoog.
nl.verhalenbank.26982
Oan 'e Iesterwei achter Doezum rint tusken tolwe en ien yn 'e nacht altyd in bolle mei it ket achter him oan.
nl.verhalenbank.25980
Wite wiven spoekje hjir net, wol yn Drinte op 'e heide.
nl.verhalenbank.26899
Op 'e Klontsjebuert ûnder de Pein is 't net plûs. Dêr spûket it.
nl.verhalenbank.25983
As in houn spûkgûlt, komt der meastal in sterfgefal. Net altyd.
nl.verhalenbank.24130
Op it plak, dêr't ús mem it swarte pleachbeest sjoen hat, seach omke Wibe in kear in swarte fôlle.
nl.verhalenbank.25951
Op 'e lange loane tusken de Pein en 't Fean yn, dêr roan in bigge sûnder kop. Forskeidene lju ha him sjoen.
nl.verhalenbank.26903
In dochter fan ús hie nei Wilhelmina-hoeve ta west to werken. 't Wie sahwat om in ûre of alve, healwei alven hinne, doe gong se der wer wei. 't Wie moai ljochtmoanne waer en hast sa ljocht as dei. Sy fytste de reed del fan Wilhelmina-hoeve. Sy moest even pisje en doe't se dat dien hie gong se wer op 'e fyts. Doe kom der in great wyt ding op har ôf. Doe't...
nl.verhalenbank.26022
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
Mem fortelde, hjir yn 'e Pein hat in huzinge stien mei in gracht der by. Dêr is alris in frommeske formoarde woarn. Sûnt seach men dêr nachts in frou yn 't wyt troch de gracht hinne rinnen. Dat wie dat formoarde frommeske.
nl.verhalenbank.37578
Als een hond spûkgûlt of de eksters skatteren komt der in dode.
nl.verhalenbank.27325
Gurbe fortelde ook, hij had doar in de buurt us in keer gesien, dat de bomen met de toppen noar de grond toe bogen.
nl.verhalenbank.26985
Myn swager wenne ûnder Rottefalle yn in donker hûs. As hja jouns de doar ticht dien hienen gongen de doarren even letter nochris wer ticht. En 't gong dêr alle jounen op in timmerjen sûnder dat se hwat seagen. Hja waerden bang en binne der om wei gong to wenjen.
nl.verhalenbank.37443
In Doezum het in old café west. In roetswarte frou stond achter in de krimpe fan 't café. Dy spoeke doar.
nl.verhalenbank.26347
Likele Kuipers, dy't op 'e Skieding wenne hat, seach alle nachten in keardel oer de Janke-dobbe sweven mei in wyt festje oan.
nl.verhalenbank.26025
Under 'e Kompenije, by de Skieding, is de Janke-dobbe. Dêr is froeger in fanke yn forsûpt en dy hiet fan Janke. Dêr komt de namme fan. Guon sizze dat Janke dêr noch omspûket.
nl.verhalenbank.26024
Jelle Polderdyk fan 'e Pein wenne hjir tichteby. Hy hie lân yn 'e Kompenije. Jelle soe der hinne to skoffeljen. Hy wie in eintsje fierder as ús hûs. Doe sei er: "Der leit hwat tusken de ierpels yn. Hwat kin dat wêze?" Hy der hinne. Doe rolle dat ding fuort. Jelle sei letter: "Ik kom dêr noait wer! It spûket dêr!"
nl.verhalenbank.27138
As in houn spûkgûlt stjert der gau ien dy't tichteby wennet. Gewoanlik duorret it in dei of trije.
nl.verhalenbank.27310
As eksters skatterje yn in beam by hûs, dan giet der ien dea. As de houn spoekgûlt giet der ek ien dea. As de kat him wasket, komt der bisite.
nl.verhalenbank.16126
84