Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Boelensloane roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.24654
Oan 'e Loane stie froeger in hûs, dêr wie in frommes yn formoarde. Sûnt dy tiid spoeke it dêr.
Sytse Smid hat dêr wenne. Der roan in greate hage foar 't hûs lâns. In protte minsken ha dêr in greate swarte houn sjoen.
Ik kom der al us lâns mei de faem.
Myn faem fleach ynienen om my hinne.
Ik sei: "Hwat wolste?"
"Och heden", sei se. Sy koe hast gjin wurd...
nl.verhalenbank.21683
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske.
De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat.
Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
Minse Griper fan Boelensloane - myn âldomke - hie in toverboek. Dêr hied er ris yn lêzen. Doe wie der fan alles op 'e lappen kom. Doe moest er alles like hurd werom lêze.
Mar dat koed er sa hurd net. Doe wienen de roeken allegear al om him hinne yn 'e hûs west.
Hy hie fan alles al prebearre om tiid to winnen. Hy hie earten en beannen trochinoar mingd, mar...
nl.verhalenbank.25592
Op 'e Boelensloane stie in hulzeboskje. Dêr roan altyd in hountsje om mei in kuorke yn 'e bek.
Dat spoeke dêr. 't Wie doe noch sânwei. Dêr wie elk bang foar.
(is dit nu weer wat anders dan de hond met de pappot?) A.A.J.
nl.verhalenbank.24313
Alde Jille Pultrum fan Houtigehage kom us by it heidetsjerkhôf lâns, doe stienen dêr in pear mei redenskleden oan.
"Goeije navend", sei Jille Pultrum.
Mar sy seinen neat werom.
Trije kear sei Jille 'Goeije navend'. Mar sy wienen gelyk stean bleaun. Doe tocht er: "Dit is gjin goed spul. Nou gean 'k mar mar fierder."
nl.verhalenbank.25179
Sake Booi wenne njonken Thomas en Klare (dat wienen de âlders fan Boardzer). Sake wie al in pear jier overleden doe kaem Thomas op in joun by ús heit yn 'e hûs stouwen. "O Jan, Jan," rôp er, "Sake stiet yn 'e daem, Sake stiet yn 'e daem!" Hy wie deabinaud en trille as in blêd oan 'e beam.
nl.verhalenbank.31116
't Gebeurde froeger faek, dat, as der ien overleden wie dan koe dyselde net rêste. Hwant dan wie der noch hwat dat hie dyselde foar de dea biloofd mar dat hied er net mear dwaen kind, hwant hy wie earder overleden. Dan woarde de doomny der soms by helle. Dy makke it dan bikend en dan foldie men oan 'e bigearte fan 'e forstoarne. Dan spoeke dyselde net wer.
nl.verhalenbank.24240
To Eagum wenne in roomse boer. Dy neamden se de duvel fan Eagum. Der wenne in grifformearde boer flak foar him oer. De roomse boer mochten se net lije. De roomse - en de grifformearde boer hienen elk like folle lân. Ik haw ris by dy roomse boer ûngetide. Dy fortelde my: De grifformeerde boer hie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. Nachts tolve ûre...
nl.verhalenbank.22039
By de hulzenehage to Boelensloane spoeke in swarte houn.
nl.verhalenbank.37785
As wy yn Grinslân to flaechsteppen wienen, hearden wy dat dêr spûkskuorren wienen. As se de doarren yn sokke skuorren ek nòch sa skoattelen, se wienen de doare deis altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.23792
Tusken Blauhûs en dy hulzenhage roan froeger in pleachbeest. It like in dikke grouwe houn.
nl.verhalenbank.24228
Heit en dy wienen ris op it Jachtfjild oan 't wurk. Doe seagen se op in stik lân dat de Foeke hiet, in frou út 'e groun kommen. Doe't se 't gesicht der ôf hienen, wie de frou ek wer fuort.
nl.verhalenbank.25867
Yn 'e Biskop (by Duerswâld) hie in man in kriikhoantsje oan in line op 'e tún. "Dat giet hjir fan liderom-laderom," sei er, "'t giet noch heger as 't gerjochtshôf."
Hy hie in striesket yn 'e keamer om de boaze geesten to kearen.
nl.verhalenbank.25454
To Hurdegaryp, by Bennema-State is in hekke, dy't yn 'e nacht samar iepen giet en net ien wyt hoe't dat kin.
nl.verhalenbank.37694
Op it eintsje fan Boelensloane nei it Blauhûs, dêr spoeke it. Dêr roan altyd in dikke swarte houn. Us heit wie skuonmakker, dy hat him dêr wol sjoen. Dy houn roan hinne en wer.
nl.verhalenbank.28039
Us mem sei froeger, as ik ris hwat tsjinkom yn 'e nacht: "Tink der om: as it wyt is, slach der dan net nei."
nl.verhalenbank.23798
Yn Uthuzermeden wenne in boer, dy hie twa skuorren.
Yn 'e iene skuorre koenen se wol sliepe, mar yn 'e oare net. Dêr spoeke it. Dêr wie 't net fortroud to sliepen.
nl.verhalenbank.22040
Ik bin ris yn 'e nacht fan Rottefalle kom. Doe gong der ien njonken my lâns. 'k Ha him twakear 'navend' sein, mar ik krige gjin antwurd. Doe is er fuortgong en sa is er ek weibleaun. 't Gebeurde by de grifformearde skoalle op 'e Langewyk.
nl.verhalenbank.23799
Us Jille wie ris op 't tsjerkhôf op 'e Boelensloane. Doe kom der ien neist him mei in regenskleed om. Dat roan in eintsje mei him op en wie doe samar ynienen wei.
nl.verhalenbank.23574