Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
57 results
Place of Narration: Eastermar
Boardzer Bruining fan 'e Houtigehage wie mei de keppel op 'e Grinzer klaei. Dêr wie ek in neef fan myn wiif by. Doe seach Boardzer dêr op in nacht yn 'e skuorre, dêr't se yn slepten, twa neakene berntsjes omrinnen. Dy koenen de rêst net krije, omt se gjin deaklean oankrigen hienen.
nl.verhalenbank.22267
Yn Grinslân op 'e klaei binne plaetsen, dêr spûket it. It folk, dat dêr yn 'e skuorre slepte, koe soms samar oan kant smiten wurde. Dan moesten se op in oar plak lizzen gean. Ek bigong it dêr yn 'e nacht samar fansels to tsjernjen.
nl.verhalenbank.12526
In man op in skip seach in forskining. It wie in frou yn in regenkleed. Hy sprekt har oan. Hwat bigeart se? Hy mat nei in dame ta gean yn Ljouwert. Dy rint op 'e strjitte om mei in pakje yn 'e hân. As er it pakje hat giet er werom nei 't skip. Op itselde plak dêr't de forskining wie, is se nou wer. Hy jowt har it pakje, dat er oan 'e putheak hat. It wurdt...
nl.verhalenbank.21844
It gebeurde wol dat in deade al syn lykklean net meikrige yn 'e kiste. Dan kom de deade wer. Dan kom syn hân om 't hoekje fan 'e doar en dan sei er mei in raer hol lûd, hwat er ha moest. Se moesten dat him dan tasmite, net oerjaen, hwant dat wie net fortroud. As se dat dien hienen, krigen se der gjin lêst wer fan.
nl.verhalenbank.12524
Skoanmem fortelde hja wie op in joun oer 't Heechsân to Eastemar roun. Tusken de herfoarme tsjerke en de pleats fan Mame Ozinga hat in buorkerij stien mei de hekke by de wei. Dy pleats stie in eintsje achterút. Op dy hekke sieten de Harms-Antsje-froulju alle trije mei wite mûtsen op. Doe wienen se al lang dea. Dy froulju spoeken dêr.
nl.verhalenbank.32155
Op 'e Swarte Wei, seinen se, roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.28371
Op 'e Griene Wei to Eastemar roan froeger in fôlle mei in brijpot.
nl.verhalenbank.36167
By 't Blauhûs ûnder Boelensloane tusken de beide plaetsen yn gong it altyd op in spoekjen.
nl.verhalenbank.33618
In houn dy't spûkgûlt is de foarboade fan in sterfgefal. In soad minsken leauwe dêr sterk oan.
nl.verhalenbank.35931
Op 't Heechsân to Eastemar oan 'e ein fan 'e Parsingel stie in buorkerij. Dêr tsjinne in faem. Dy kom fan 'e Harkema. Dy faem seach dêr algeduerigen by in stikelbosk in lyts neaken berntsje, dat wei woarde yn 'e groun. Dy faem woarde op 't lêst sa binaud, dat sy woe dêr net langer by dy minsken bliuwe en sy gong wer nei Harkema ta nei har âlden. Mar doe...
nl.verhalenbank.17027
To Eastemar lei in faem op it lân to jirpelsykjen. Hja hie lêst fan pine yn 'e mûle. Doe joech in biis har de rie, hja moest nei it tsjerkhôf tagean en in rustige spiker opsykje en dy oan 'e kies hâlde, dan bikom de pine yn 'e mûle. Hja die dat. De jouns doe't de faem al op bêd lei, kloppe der ien by har op it glês en dy rôp al mar: "Myn spiker! Myn...
nl.verhalenbank.21740
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip. Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
To Eastemar by de dikke beammen op 't Heechsân spoeke in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20886
By Jan Koartslân oan 'e Swarte Wei, dêr't de Heale wei der op útkomt, spûke it. Dêr hat de duvel Jan de nekke omdraeid.
nl.verhalenbank.36602
Oan 'e Skûlenburchsterfeart yn 'e buert fan it hûs njonken dat dêr't wy sels yn wennen, roan altyd ien mei in lantearne om. Dy spoeke dêr. (Anders Bakker hat yn dat hûs wenne)
nl.verhalenbank.28373
Albert Postma wie de heit fan Klaes Oersetter. Hy wie fisker en gong der yn 'e nacht algeduerigen op út, mei syn boatsje. Hwerom, dat wie net bikend, mar men tocht, dat er dan hwat sjen moest.
nl.verhalenbank.21828
Us heit en ús Oebele en ik hawwe ris yn Uthuzen west op 'e klaei oan 't wurk. Ik wie doe fjirtsjin jier. Doe slepten wy yn in skuorre, dêr spoeke it yn. Dêr woarde in kat yn 'e nacht fan 't iene plak nei 't oare smiten. Mar wy ha noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.29316
Op 'e Sumarrewei - tusken Sumar en Eastemar - rint in fôlle mei in brijpot om 'e nekke. Guon doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.31217
Ik ha wolris heard yn myn bernejierren dat der yn Jistrum ergens in fôlle spûke mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.35924
66