Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
't Wie op in joun. Heit siet to krantsjen en lytse Jan hie in boekje foar him en siet dêr hwat yn om to blêdzjen. Doe kom er in wurd tsjin, dat forstie er net.
"Heit," sei er, "hwat is 'in kammeraet'?"
"In kammeraet," sei heit, "dat is ien dêrst' goed mei oer de wei kinste. Dû en ík binne kammeraden. Mar mast my net mear lestich falle, ik wol lêze."
Even...
nl.verhalenbank.33737
Doomny van Velzen fan Droegeham leefde yn 'e tiid fan 'e ôfskieding. Hy wie ien fan 'e earste 'afgescheidenen' en in bulte lju koenen dat net sette. Hy hie gâns fijannen.
Op in kear - 't wie al let op 'e joun - doe kaem er to foet fan in forgadering werom.
Hy moest oer in brechje en dêr yn 'e bidelte hienen twa mannen har opsteld. Dy wachten him op om him...
nl.verhalenbank.37632
Yn Aldegea (Sm) op 'e Westersanding sieten trije man op in joune by elkoar. Se hâldden in weddenskip, dy't it bêste lige koe. Nou bin ik forgetten hwat de oare twa fortelden, mar deselde dy't it woun, wie in âld man. Dy sei: "Der wie in spin, dy kroade in greate boereskuorre in mich ta 't gat yn en 't is wier gebeurd."
nl.verhalenbank.33695
De flaeikloppe mocht froeger net op 'e tersk lizzen bliuwe, foar de nacht. Dy woarde altyd ophong. Oars gong it yn 'e nacht op in terskjen.
nl.verhalenbank.20602
Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar.
Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de...
nl.verhalenbank.33044
Twa prefessers sieten oan in diner. Hja krigen 't yn 'e holle om in weddenskip to hâlden. Hwa't it koartste rymke bitinke koe, dy soe it diner bitelje.
Doe krige de iene prefesser de fetleppel en liet in drip falle op 'e hân fan 'e oare. En hy sei: "Vet smet."
Mar doe krige de oare de fetleppel en sloech dêr syn kollega mei op 'e hân, en sei: "Ik tik."
De...
nl.verhalenbank.33736
To Eastemar op it Doarpslân stie froeger in boskje.
Piter Kamminga roan faek fan Eastemar nei Jistrum. Dat gebeurde meast by jountiid en dan gong er altyd de Achterwei lâns. Dy hat faek sjoen, fortelde er, dat der in gedaente út dat boskje wei kom, dy't dwars oer de wei hinne gong en weiwoarde yn it lân oan 'e oare kant
nl.verhalenbank.21865
Alle Tet sutele mei potten en pannen yn in kroade.
Sy hat har al ris yn in skiep foroare. 't Is ek al ris gebeurd doe ha se in kat smiten mei in stien.
Doe hie Alle Tet de oare deis in blau plak oan har.
nl.verhalenbank.12277
Der kom us in man by Sjoerd Mounder to Eastemar.
Dy sei: "Ik ha in nuver boadskip. Ik mis twa skiep. Doe ha 'k nei greate Wopke ta west. Dy sei: 'Jou skiep rinne to Eastemar yn in stik lân, dat hyt fan Wobbekamp'. Is hjir sa'n stik lân?"
"Ja", sei Sjoerd Mounder.
"Soenen jo mei my dêrhinne gean wolle?"
"Jawol." En Sjoerd Mounder gong mei.
It wie by de...
nl.verhalenbank.21871
Myn oerbeppe wenne op 'e Teijen ûnder Drachten. Sy wie troud mei Errit Errits de Jong. Se seach en hearde allerhande dingen foarút. Har man woe dêr neat fan wite en leaude der net oan, mar it kom altyd nei, hwat se sei. Op in kear sei se: Fannacht haw ik heard, dat se foar hûs yn 'e linebeammen omsagen. Har man wie werkelik fan doel dat de oare wyks dwaen...
nl.verhalenbank.12505
Foar it Jan Koartslân wienen se ek altyd hwat skruten. Dêr hat in man him ophinge en sy sizze ek wol dat de duvel him dêr de holle omdraeid hat.
nl.verhalenbank.32809
Der is in hynder yn 'Het witte paard' forbrând. Dat hat ôfgryslik skopt en trape. Alde Frytsen, de mem fan Willem Mulder, dy't mei de helm geboaren wie, hat dat skoppen fan tofoaren heard.
nl.verhalenbank.21875
Myn omke wenne op 'e Dunen yn Harkema, yn 'e buert fan Abe Nauta. Doe't se de betonwei troch Harkema leinen sei er: dat dogge se foar de soldaten. Hwant hy hie dúdlik sjoen, dat der Dútske soldaten oer de wei marchearden en dat der ek soldaten oer de Dunen kamen. Dat wie yn 1935. 5 jier letter hie men de sitewaesje sa't hy dy sjoen hie. Hy seach wol faker...
nl.verhalenbank.12267
Alle Tet wie in tsjoenster. Twa bern fan myn suster hat se deatsjoend. Doe't se stoar gong it nuver. Sy koe mei gjin mooglikheid stjerre.
Hja stompte mar mei de holle tsjin 't bêdsket oan. Dat hat wit hoe lang duorre, it wie in griis. Op it lêst is se dea gong.
Mar it wie net in gewoan lyk. Sy is noait stiif woarn. Sy wie al sa slop as in flarde. Krekt as...
nl.verhalenbank.12273
Yn 'e Burgumer Mar wie in spoekachtich ding yn minskegedaente. Dat riisde dêr út it wetter op. It wie in great ding.
nl.verhalenbank.21861
Der wie ris in feint, dy wenne by in boer. Hy hie dêr al in pear jier west en woarde dêr al aerdich eigen. Hy doarst dêr wol hwat yn 't formidden to bringen. Hwannear't dêr in fuorman kom mei in weinfol bitekoppen, sei er tsjin 'e boer: "Tink der om, dy man mat aenst in bakje kofje ha", en al sokke dingen mear doarst er to sizzen.
Op in kear sei er tsjin...
nl.verhalenbank.33691
Nei Eastemar út seagen se dêr froeger gauris ljochtsjes. Dat wienen wylde lantearnen, sa neamden se dy ljochtsjes. It ha de foarboaden west fan 'e fytslampen.
nl.verhalenbank.33849
Sterke Hearke is bikend om it forhaeltsje fan it ploegjen. Hy wiisde mei de ploege oan, dy't er omheechtilde, hwer't er wenne, doe't ien him dêr nei frege.
nl.verhalenbank.31910
Wylde lantearnen hienen jy froeger oeral. Se seinen letter, 't wienen de fytsljochten west: foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.37622
Ik wie goed twintich jier. It gebeurde op it Swartkrús yn 1883. Ik hie om boadskippen west.
Ik stapte oer de hekke en sette earst it doekje mei boadskippen del.
Doe seach ik in deakiste mei in wyt ding foar de hekke stean. It wie tusken Swartkrús en Jistrum.
Even letter bigong it wite ding to sweven, doe letter de kiste ek. (it wie in wyt ding as in...
nl.verhalenbank.21915