Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Mem wist fan tofoaren dat se ús Minne forlieze moest. Dat hie se sjoen. Minne wie 19 jier doe't er stoar. Dêr hie mem it hiel bot mei to dwaen. Hja wie hast in bytsje forstandeloas, sa slim wie 't.
Krekt fóár syn dea sei mem tsjin him: "Is 't goed mei dy, Minne?"
"Jawol," sei Minne, "ik kom goed toplak."
Mar mem wie dêr net gerêst oer. Hja twifele der oan...
nl.verhalenbank.32827
Mem wie op in middei by Boardzer Bruning to thédrinken.
Doe sei er tsjin mem: "Tryn, hwat mei dat nou west ha? Lêsten nacht seach ik in fisioen: Ik hie thédronken en ik hie in koekje hawn en dêr wie sa'n âlde muzykdoaze, dy't muzyk makke en ik hie hwat dânse en doe stie dêr in lyts mantsje by de tafel en dy sei: 'Boardzer, nou hast fan alles hawn, en...
nl.verhalenbank.32833
Ien fan sawn susters wie in nachtmerje. De nachtmerje kom by minsken en by hynders. By minsken setten se de toffels achterstofoar foar 't bêd. Dan kommen se net by har. By hynders hongen se wol in sichte boven de rêch. De nachtmerjes makken moaije flechtsjes yn 'e moanjes fan 'e hyns.
nl.verhalenbank.36116
Der woarde froeger altyd sein: Noait midden op 'e wei rinne by nacht. Dat wie fanwege de lykstaesjes.
nl.verhalenbank.33720
It gebeurde ek op in kear, doe hie Ymke toarst. Doe trof er ûnderweis in faem, dy siet ûnder in kou to melken.
Hy frege om hwat molke, mar de faem woe him gjin jaen.
Mar Ymke koe bûksprekke. Fuort dêrop sei de kou:
"Jow dy man hwat molke."
Doe woarde dy faem sa kjel, dat sy naeide út.
nl.verhalenbank.27755
Heit hat sjoen dat Ymke de Jong mei boarden op 'e noas fuortroan. Hy droech ek twa, trije stuollen op 'e noas. Dan hied er mar ien stoelpoat op 'e noas.
Sa reizge er de merken ôf.
nl.verhalenbank.27754
As in houn spûkgûlde koe men der mar fan op oan dat der in sterfgefal yn 'e buert kom.
Mem hie 't net op eksters bigrepen. As der in minske op stjerren lei kom der in hiele kloft eksters op it hiem en dy skatteren mar om 't hûs hinne.
Wy ha 't sels bilibbe mei in ekster. Doe't ús heit tige min wie kom der in ekster by ús op 't hiem. Dy gong op 'e hekke...
nl.verhalenbank.33721
Ien fan sawn soannen wie in wjerwolf, mar ik wyt net hwat in wjerwolf is.
nl.verhalenbank.36117
Piter Scheper fan Houtigehage koe de minsken de koarts ôfnimme. Hy brocht de koarts oer op in beam of in bjintepôlle. Dy beam (of de pôlle) bigoun dan to triljen en to skodzjen fan 'e koarts.
nl.verhalenbank.32832
Boardzer Bruning hat ris op in kear allegearre soldaten op 'e wei rinnen sjoen. Hy sei: "Nou komt hjir gau oarloch."
En 't wie èk sa. Ridlik gau dêrnei bruts de oarloch út. Doe kommen de Dútse soldaten op 'e lappen, dy't Boardzer sjoen hie.
nl.verhalenbank.32826
Tsjoensters hienen de eksters yn bidwang. As de eksters dan moarns yn 't finsterbank of yn 'e beammen om 't hûs hinne sieten to skatterjen, dan kaem der ûngelok oer dat hûs. Dan krigen se hwat mei 't fé of mei de minsken dy't dêr wennen.
Dat wie dan 't wurk fan in tsjoenster.
nl.verhalenbank.29584
Yn 'e lêste oarloch wenne ik noch op it Kattegat, op 't Wytfean, flak by de Leijen. Dêr wienen doe ûnderdûkers, dêr't ik faek mei praette. Twa rijnaken leinen der, en de lju, dy't dêr yn wennen krigen altyd molke fan my. De skipper fan ien fan dy beide rijnaken kaem ris by my op in joun, doe sei er tsjin my: "Sil ik jo ris hwat bûtengewoans fortelle?
't...
nl.verhalenbank.29579
Frijmitselers forkeapje har siel oan 'e duvel. Dêr krije se jild foar yn 't plak. Oan jild ha se noait gebrek. Nou en dan hâlde se in forgadering yn in gebou. Dêr wurdt dan ien útkiesd, dy't ien formoardzje mat.
nl.verhalenbank.29592
Se sizze fan 'e sawn famkes út ien húshâlding is ien in nachtmerje en fan 'e sawn jonges út in húshâlding is ien in wearwolf
nl.verhalenbank.32830
Doe't Berend, de buorman fan Boardzer Bruning fan 'e Boelensloane kom to forstjerren, koenen se dêr earst net in foargonger by krije. Mar Boardzer hie al fan tofoaren sjoen dat Durk Pultrum de foargong ha soe. Dêrom sei er: "Gean mar nei Durk Pultrum ta, dy wol wol."
nl.verhalenbank.32824
Frijmitselers wienen kûgelfrij. Hja hienen in forboun mei de duvel en hienen dêrtroch noait forlet fan jild. Dy't ienkear lid wie koe der net wer by wei. Om de safolle jier moast der ien fan har dea. Der woarde om lotte hwa't him formoardzje moest.
nl.verhalenbank.36115
In séman hat my wolris forteld, as der oan board ien tige siik wie, dan kommen de haeijen der op ôf.
nl.verhalenbank.33723
Heit wie ris in kear ergens op 'e merk. Dêr wie Ymke ek. Doe wie dêr ien, dy krige in bytsje wurden mei Ymke de Jong. Doe sei Ymke tsjin him: "Dû wytst noch wol, tink, hoe't ik it doe mei dy hawn ha? Dû koest net in foet mear forsette." Doe't de man dat hearde, gong er stil fuort.
nl.verhalenbank.27756
't Folk wie hjir froeger bang foar de kweamendeis.
De beesten woarden op mendei noait útlitten.
As Petrus Benedictus op mendei sichtsje soe, dan sichte er earst op saterdei in lyts hoekje. Dan wie 't oan 'e gong.
De ham fan 't hynder hongen de boeren hjir altyd heech yn 'e beam, dan soe de fôlle de kop heech hâlde, mienden se.
nl.verhalenbank.20978
As jo in swarte kat moetsje en dy rint dwars de wei oer foar jou egen, dan bringt dat ûngelok.
In tsjoenster, sizze se, kin har yn in swarte kat foroarje.
nl.verhalenbank.34448