Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: zeis Place of Narration: Harkema
Nachtmerjes komme in bulte by hynders. Dan ha de hynders lange flechten yn 'e manen. Dan matte se skerpe seinen boven de hynders hingje. Dan komme de nachtmerjes net wer, wurdt der sein. As der in nachtmerje by in hynder komt, kin men dat skoan fornimme. Dan dânset it yn 'e stâl om en it is trochwiet fan swit.
nl.verhalenbank.32994
Jan Hepkes wie ris in kear oan 't meanen, doe meande er de kop fan 't harspit ôf.
nl.verhalenbank.26364
Hy meande ek ris in kear doe hie er forgetten de fuorring fan 'e seine to dwaen. Mar hy hie krekt like goed trochmeand.
nl.verhalenbank.26148
Jan Hepkes harre by 't winter de seine. Dan wied er foar de simmer mar wer klear. By 't simmerdei makke hy de redens skerp. "Dan sil 'k fan 't winter de minsken us sjen litte, hoe't ik ride kin", sei er.
nl.verhalenbank.20695
Jan Hepkes fan Surhústerfean fortelde altyd, hy koe omraek meane. En hoe skerp hy de seine net altyd hie! Op in kear doe wied er op in stik lân oan 't meanen by in boer op 'e klaei. Doe sieten dêr trije harspitten yn 'e groun. Dêr meande Jan ien foar ien samar fan alle trije de koppen ôf. Sa'n bêste seine hied er, sei er, en sa goed koed er him skerpje!...
nl.verhalenbank.19992
Antsje Pluk wie 't roggewyfke. As omtrint it hiele stik rogge sichte wie, siet Antsje Pluk noch yn 't lêste hoekje.
nl.verhalenbank.21305
Jan Hepkes gong ris in kear to meanen. Hy gong by de hekke stean en smiet de seine yn 't fjild. Dêr't de seine to lânne kom, dêr bigong er to meanen. Dat wie doe sa de moade. As er in eintsje keal hie, die er de jas út en sette 't harspit njonken 't swé del. Doe't er ienkear yn 'e rounte west hie, soed er even harje. Mar doe koed er it harspit net wer...
nl.verhalenbank.28681
Jan Hepkes koe tige lige. Hy meande ris de kop fan 't harspit ôf, biwearde er.
nl.verhalenbank.23932
35