Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Hier wónden óok reuze. As iemus ze de weg vroeg viejte ze de ploeg in de haand en mi die ploeg weeze ze dan de weg; zo stèrk waare ze.
nl.verhalenbank.44954
Greate Pier wie ris in kear oan 't ploeijen op 't lân. Doe kommen der twa minsken by him, dy fregen him hwer't greate Pier wenne. Sy koenen him net.
Pier krige de ploech en stuts dy rjochtút foar syn boarst en sei: "Dêr wennet er." Doe sette er de ploech op 'e groun en sei: "Hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33260
Hearke wie op in kear op it lân oan 't ploeijen. Dat wie yn Droegeham. Doe kamen der guon by him op it lân.
"Hwer wennet Sterke Hearke hjir?" fregen se. Doe krige Hearke de ploege op en doe sei er: "Dêr wennet er." Hy wiisde syn hûs der mei oan. Doe hoefde dy man net mear to freegjen hwa't Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.37402
Sterke Hearke wenne yn 'e Rottefalle (onjuist A.A.J.).
Der wie in man, dy hie in kou fan Hearke kocht. Dy wie op 'e merk forkocht woarn troch middel fan in koopman. Doe kom dat net út mei de datum fan 't kealjen. Doe tocht de man, dy't dy kou kocht hie: 'k Mat mar even nei Hearke ta om de juste datum fan 't kealjen gewaer to wurden. Doe trof er in man op...
nl.verhalenbank.24126
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Op in kear wied er oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him op 't lân en dy frege him of er ek wiste hwer't sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege en tilde him mei ien hân op. En doe sei er: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet de man sels."
Ditselde wurdt ek forteld fan Greate Pier.
nl.verhalenbank.32963
Sterke Hearke wie ris foar de boer oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?"
Hearke sei: "Hjir stiet er." Doe krige er de ploech yn 'e hân en dêr wiisde er syn hûs mei oan. "Sjoch, dêr wennet er", sei er. Doe seach dy man wol dat it foargoed in Sterke Hearke wie.
nl.verhalenbank.34452
Ik bin fan '79. It hie mooglik west dat ik sterke Hearke noch kend hie (H. is stoarn yn '89), mar ik ha hjir altyd wenne en kom as jonge noait yn Droegeham. Mar de forhalen wienen hjir wol.
Der mat him us in kear in man frege ha nei de wei. Doe wie Hearke krekt oan 't ploegjen. Doe hat er de ploege optild en dêr hied er de man it paed mei oanwiisd.
Hy...
nl.verhalenbank.27980
Sterke Hearke wie in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy frege him oft er him ek fortelle koe hwer't Sterke Hearke wenne.
Doe tilde Hearke de ploech mei de rjochterhân op en wiisde dêrmei nei 't hûs dêr't er wenne en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.34532