Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Sterke Hearke wie ris oan it ploeijen. Doe kaem dêr in man by him op it lân. Dy sei tsjin Hearke: "Kinne jo my ek sizze hwer't de sterke man wennet?" Hearke tilde de ploege by de sturt op en wiisde syn hûs oan en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36730
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploeijen.
Doe kommen dêr ris minsken by him, dy fregen him of er ek wist hwer't dy en dy wennen.
Doe hie Hearke de ploech optild en sein: "Dan matte jo dêr en dêr lâns gean." En sa hied er mei de ploech yn 'e rounte wiisd. Hy hie him mei ien hân optild.
nl.verhalenbank.33066
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him. Dy woe wite hwer't Hearke wenne.
Doe loek Hearke de ploech ta de groun út, hy krige de beide sturten beet en sa stuts er de ploech foar him út.
Doe sei er: "Hjir stiet er, en dêr wennet er!"
nl.verhalenbank.34523
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Hy wie ris oan 't ploegjen op it lân. Doe kom der ien by him, dy frege: "Hwer wennet sterke Hearke?" Dy woed er wolris sjen.
Hearke tilde de ploege op. Hy hâldde him foar him út en sei: "Hjir is er en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37202
Der wenne in man to Stroobos, dy wie aerdich sterk.
Hy hie ek alris heard fan Sterke Hearke fan Droegeham.
Dy woed er ris opsykje om to sjen hwa fan beiden it sterkst wie. Doe kom er dêr yn 'e Ham by in man, dy wie op it lân oan 't ploegjen. Hy tocht, dy sil 'k ris freegje.
Doe sei er: "Kinne jo my sizze, hwer't Sterke Hearke wennet?"
"Jawol," hie dy oare...
nl.verhalenbank.28530
Sterke Hearke wie op 't lân oan 't ploegjen. Der kamen in pear mannen by him, dy fregen: "Wyt jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?"
"Ja, sjoch, hjir stiet er," sei Hearke en doe stuts er de ploech foar him út - "en dêr wennet er." Doe wiisde er nei syn hûs.
nl.verhalenbank.37148
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kamen twa man by him. "Hwer wennet hjir sterke Hearke?" fregen se.
Doe sei Hearke: "Nou sil ik jim sizze, hwer't Sterke Hearke wennet." Doe hie er de ploech optild en dêr mei wiisd en doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37835
Der wie us in mantsje by Sterke Hearke kom, dy woe hwat fan him keepje. Hearke wie oan 't ploeijen. Hy hie 't hynder úthekke en hy hie de ploech beetkrige en him optild. En doe hied er sein: "Dan matte jo dêr en dêr wêze."
nl.verhalenbank.26910
Myn pake hat flak by Sterke Hearke yn 'e Ham wenne.
Hy wie yn Hamsherne op in kear oan 't ploeijen. Dêr roannen doe skeanpaden troch en dêr kommen guon oan dy moesten nei in seker persoan ta. Sy bleauwen by Hearke stean en sy fregen: "Kinne jo ús dy man ek oanwize?"
Doe sei Hearke tsjin dy mannen: "Ja, ik kin jim àl helpe."
Doe krige er de ploech yn 'e...
nl.verhalenbank.29388
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kaem in man by him.
"Hwer wennet de man dy't se Sterke Hearke neame?" frege er.
Hearke tilde de ploech mei ien hân op en wiisde op syn hûs.
"Dêr wennet er en hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37363
Greate Pier wie och sa sterk. Doe't ien him ris frege hwer't er wenne stuts er de ploege rjocht foar him út. Sa wiisde hy it plak oan.
nl.verhalenbank.36109
Sterke Hearke ploege op 'e Dunen yn 'e Harkema.
Der kom ien oer 't paed by him lâns.
"Hwer sille jo hinne?" frege Hearke.
"Ik sil nei sterke Hearke", sei er.
Hearke sei: "Doch even geduld." Doe helle er de hyns út, hy krige de ploege fan achteren beet en tilde him op mei ien hân. Mei dy ploege wiisde er nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er."
En doe...
nl.verhalenbank.20596
De Ketelstraat is eene der oudste straten van de stad. Of zij haar naam ontleend heeft aan een huis, waarin de blikslagers bij elkander kwamen, of van aan eene familie Ketel, die in de 18e eeuw daar nog nakomelingen naast de firma Bunker had wonen, is mij onbekend, doch reeds in het jaar 1398 was de Ketelstraat als Platea cacaba (Ketelstraat) bekend. Zij...
nl.verhalenbank.72561
Sterke Hearke wie us in kear oan 't ploeijen op Bindert Japikslân, dat wie net sa fier fan syn eigen húske ôf. Der kom in man oan. Dy frege him: "Hwer wennet sterke Hearke?"
Doe hie Hearke de hynders úthekke en de ploege mei ien hân optild. Doe hied er dêrmei nei syn hûs wiisd oan 'e lytse Wei.
nl.verhalenbank.26134
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?"
Doe tilde Hearke mei beide hannen de ploech op en dy stuts er rjocht foar him út. Doe sei er: "Dêr wennet er."
nl.verhalenbank.33539
Jan Hepkes hie altyd in bont keallefestje oan.
Feitse Brants leefde even earder as Jan Hepkes. Feitse koe 't noch fremder sizze.
Op in kear gong Feitse Brants de feartswâl del, dat is bûten de haven nei Readskuorre op. Hy wie to foet.
Doe kom dêr samar ynienen in simmertwirre oan.
"Ik liet my foaroer falle", sei Feitse en ik pakte in pôlle gjers beet. En...
nl.verhalenbank.28864
Ek us op in kear doe wie Hearke op it lân oan 't ploeijen.
Doe kom der in man út Grins by him, mar dy koe him net. Dy woe nei Hearke ta. Hy wist dat Hearke hiel sterk wie, mar hy wie sels èk sterk. En nou woed er mei Hearke om it fierste smite, mei in dikke stien.
Hy kom by Hearke op it lân en hy sei tsjin him: "Hwer wennet Sterke Hearke?"
Hearke spande...
nl.verhalenbank.27000
Sterke Hearke wie oan 't ploeijen op 't lân. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân, dy stuts er rjochtút en hy sei: "Dit is de man, en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.25763
Op in kear wie Hearke yn 'e Harkema oan 't ploeijen.
Doe kom der ien by him, dy sei: "Nou mat ik by in sterke Hearke wêze, witte jo hwer't dy wennet?"
Doe krige Hearke syn ploege beet, tilde him op en stiek him rjochtút mei ien hân en sei: "Sjoch, dêr wennet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.26054
C. van de Nadort (van wien ik al deze verhalen heb) is 's nachts eens op den Langenbrug een beest met vurige oogen tegengekomen. Het was geen kat, want daarvoor was hij veel te groot. Even daarna kwam hij iemand tegen, die hij voor een goeden bekende hield. Op zijn groet ontving hij als wedergroet slechts een dof gegrom. Toen begon hij lont te ruiken en...
nl.verhalenbank.9320