Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Der siet hwat jongfolk by elkoar yn 'e herberch. Der wie ek in polderjonge by. "Ik bin foar de duvel net binaud", sei er.
"Dat sille wy nochris sjen", tochten de oaren. Doe seinen se tsjin him of er wol yn 'e nacht, om tolve ûre nei 't tsjerkhôf ta gean doarst en dêr út it knekelhúske in deabonke helje.
Dan soed er in tientsje ha as er dat die.
"Dat nim...
nl.verhalenbank.28466
Yn Den Helder hat Hearke ûnder tsjinst west. Mar hy woe och sa graech wer nei de Ham ta. Dêrom frege er de kaptein as er frij dan 'e tsjinst mocht, hwannear't er in anker fan 600 kilo om 'e kaserne hinne droech. Mar it woarde him net tastien.
nl.verhalenbank.20358
Yn 'e Himrik wenne in boer, dat wie in mâllen-ien. Op in kear wie der frouljusbisite by harren. De boer hiet twa arbeiders it kampke foar de opkeamer sadanich to meanen dat der net in gerske oerbleau foar in goeije deihier.
Mar hy die harren in purgearmiddel yn 'e brij.
It gefolch wie dat se hyltyd yn 'e wâl moesten. Op it lêst wie 't sa slim, dat hja...
nl.verhalenbank.20173
De moedige dienstmeid van Oostermeer
Sa wie it hjir op it Rûchsân, dêr tsjinne in feam by in boer. En dy boer hie in soan, mar dy faem har feint stjert. Der sitte se op in joun bymekoar. Mar op it Rûchsân is it paedtsje sa djip dêr. Dat dan moatte se de foet op it ding sette en doe lei har feint by it paedtsje bigroeven. Doe sei de soan tsjin har: Dû...
nl.verhalenbank.10852
Der stienen trije man by in bakker foar de etalage to sjen. Dêr lei in prachtige taert foar. Hja praetten ûnder elkoar ôf, hwa't de dikste rachel spuije soe, dy soe de taert ha. De beide oaren soenen him dan bitelje.
De earste spuide in dikke rachel.
De twadde spuide in rachel, dy wie nòch dikker.
Mar de trêdde gong hinne, dy slobbere dy beide rachels op...
nl.verhalenbank.33735
Yn Almelo, yn 't loazjemint, wie in âlde Westereinder. Die koe mei skoppenboer in flesse drank komme litte.
Deselde dy't mei him wedzje woe, moest de flesse oankrije. De flesse kom binnensweven. Dy oare hie him oankrigen. Hie er dat net dien, dan gong de Westereinder dea.
nl.verhalenbank.25578
Yn Aldegea (Sm) op 'e Westersanding sieten trije man op in joune by elkoar. Se hâldden in weddenskip, dy't it bêste lige koe. Nou bin ik forgetten hwat de oare twa fortelden, mar deselde dy't it woun, wie in âld man. Dy sei: "Der wie in spin, dy kroade in greate boereskuorre in mich ta 't gat yn en 't is wier gebeurd."
nl.verhalenbank.33695
Twa prefessers sieten oan in diner. Hja krigen 't yn 'e holle om in weddenskip to hâlden. Hwa't it koartste rymke bitinke koe, dy soe it diner bitelje.
Doe krige de iene prefesser de fetleppel en liet in drip falle op 'e hân fan 'e oare. En hy sei: "Vet smet."
Mar doe krige de oare de fetleppel en sloech dêr syn kollega mei op 'e hân, en sei: "Ik tik."
De...
nl.verhalenbank.33736
Sterke Hearke syn suster Rixt wenne yn Twizel by de smid.
Dêr stienen twa ambylden yn 'e smitterij. It greatste dêrfan dat woech ettelike kilo's.
Doe seinen de lju ris tsjin Rixt, hja koe dat greatste ambyld wol bûten krije. Hja sei, dat koe se net dwaen.
Doe seinen se: "Wolst wedzje om in goune?"
Mar Rixt woe net.
Doe't it kofjedrinken wie gong Rixt der...
nl.verhalenbank.28882
Japik Ingberts hâldde ris in weddenskip. Hy soe it gouden horloazje fan 'e bakker stelle.
Hy stapte de winkel yn en frege om in roune bôlle. Doe sei er tsjin 'e bakker: Triuw my dy bôlle ûnder 'e kile, op 'e rêch, hwant it mat lykje, krekt as haw ik in buchel.
Doe hong er oer de toanbank hinne wylst de bakker de bôlle him ta 't buis yn stoppe, achter 'e...
nl.verhalenbank.38303
To Eagum wenne in roomse boer. Dy neamden se de duvel fan Eagum. Der wenne in grifformearde boer flak foar him oer. De roomse boer mochten se net lije. De roomse - en de grifformearde boer hienen elk like folle lân. Ik haw ris by dy roomse boer ûngetide. Dy fortelde my: De grifformeerde boer hie in hekke, dy koenen se noait ticht hâlde. Nachts tolve ûre...
nl.verhalenbank.22039
Twa jonges yn Beets hienen in weddenskip. De iene wie nochal rêstich en hie net safolle to keep, de oare hie altyd gâns bombaerje en gewelt. Op it tsjerkhof wie in iepen grêf. Dêr moest de oare deis in lyk yn. De deagraver hie by it dollen twa deadskoppen tofoarskyn helle en dy hied er oan 'e kant fan 't tsjerkhôf dellein.
De beide jongfeinten hienen...
nl.verhalenbank.26921
Men vertelt dat ze woonden in De Hunenberg, een oud-saksische burg bij Ootmarsum.
Een jonge boerenknecht had eens een weddenschap aangegaan, dat hij de Witte Wieve wel het braadspit durfde brengen. Hij reed te paard naar de burg en gooide het braadspit om de deur. "Ik wol oe 't spit brenge." "Zoa, dan zöl ie 't gebraod wên, mer eerst mo'k miene veters...
nl.verhalenbank.13622
Op in kear wie Hearke by de smid. It gong om in weddenskip. Hearke sei tsjin ien: "Gean dû mar op it ambyld sitten, dan sil ik dy mei ambyld en al om de hiele smederij hinne tille." Se woenen net leauwe dat er dat koe, mar hy die it mei gemak.
nl.verhalenbank.37743
Der wie in jonge man yn Aldegea, dy wie sterk. Mar it jongfolk sei tsjin him, der wie in kater, dy wie noch sterker as hy. "Wedzje fan net", sei er. Doe nommen se dy kater mei yn 'e sek. De jonge man woarde blyndoeke en krige in tou yn 'e hân. Hy stie oan 'e iene kant fan 'e sleat. It hiet dat de kater it tou oan 'e oare kant fêst hâldde.
Doe moesten se...
nl.verhalenbank.27750
Yn 'e Ham wienen Ruerd van der Veen en syn hantlanger. Hja wedden der om, hwa't it it raerste opsizze koe. Ruerd hie syn eigen wiif it boarst yntrape.
Hja woarden beide smiten.
nl.verhalenbank.23668
In de buurtschap Loo, op het erve Noever ging men een weddenschap aan met een knecht, dat hij het spit niet durfde gooien in de Witte-wieven-kuul; deze bevond zich daar ergens in de buurt. Hij sprong te paard en joeg derwaarts, aldaar smeet hij het spit in de kuil met de woorden:
Wit wieven wit
Hier breng ik oe een spit
(of: Wat heb ie'j op oe spit?)...
nl.verhalenbank.39631
Ek ris in kear doe hâldde myn omke in weddenskip mei ien. It gong der om hwa fan beiden as de sterkste wie.
Doe krige myn omke de ploech beet en dy stuts er rjocht foar him út. Dat koe dy oare net dwaen. Omke hie 't woun.
nl.verhalenbank.36066
Japik Ingberts hâldde in wedstriid mei de gemeente Ljouwert. Hy moest rinne tsjin in hynder oan 'e Greate Wielen ta.
Woan er it, dan krige er in slompe jild.
De hurddraver moest it forlieze, Japik Ingberts woan it.
nl.verhalenbank.27209
De potskippers yn Sumar wienen tige sterk. Sy hieten 'van der Meer'. Doe't ik in jonge fan sa'n jier of tolve wie, wennen wy yn 'e Wierren. Doe hienen dy potskippers in fearskipke. Potifars woarden se ek wol neamd.
Ien fan dy mannen, Sweitse van der Meer, kom op in joun mei 't fearskipke oan. Under yn 'e snikke hied er in fet mei trijehûndert poun sjerp...
nl.verhalenbank.29451