Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn beppe Atsje dy siet op in joun op it húske. Achter 't hûs stie in hok, en dêr wie 't húske yn. Wylst hja dêr siet hearde se in bouns tsjin 't kezyn fan 'e achterdoar oan. En dochs wie der neat.
Mar oardel wike letter brochten se in deakiste ta de achterdoar yn. Dy bounze tsjin 'e doar. Sy moesten achterom, omdat se foar yn 't hûs de swaei net krije...
nl.verhalenbank.33346
It wie hjir froeger allegear heide mei hjir en dêr in spitkeet.
Der wienen twa froulju út dy spitketen, dy hienen nei Sumar nei de merke ta west. Yn 'e nacht kommen se werom.
Sy roannen in reed del tichte by de âld tramwei. Doe seagen se dêr in mantsje stean, in hiel lyts mantsje. 't Wie mar krekt eefkes greater as in heale meter.
De froulju deabinaud...
nl.verhalenbank.33352
Douwe de Glee wie boerefeintsje by in pear âlde minsken.
Dy wennen to Aldegea yn 'e Goudtsjepoel. Op in kear wie hy der op út west. Hy kom pas yn 'e nacht thús by de âlde minsken. Dy âlde minsken leinen noch net op bêd. Doe't Douwe dêr oan ta wie seach er twa wite froulju skeanoer stappen op Smelle-ie yn. Hy sei tsjin 'e âld-man (Jehannes): "Jo matte gau...
nl.verhalenbank.33355
De sulveren gaspen.
Der wie in dokter yn Burgum en der wennen earme minsken yn Eastemar. Dy minsken hellen altyd de medesinen fan 'e dokter op foar de pasjinten yn Eastemar. Dêr koenen se in krom mei fortsjinje. De bern dienen dat meastal.
Mar doe kom dy frou hiel bot yn 'e earmoed to sitten, hwant har man stoar. Sy bleau allinne mei de bern sitten as in...
nl.verhalenbank.23007
Op in moarn kom mem fan bêd ôf en doe sei se: "Och heden, hwat ha 'k fannacht wer nuver droomd. Ik droomde dat ús heit wie overleden en der lei in protte snie en myn skuon moesten earst noch nei de skuonmakker, hwant dy wienen lek.
It wie yn novimber 1908 doe't mem dat fortelde.
Yn Jannewaris 1909 stoar pake. 't Wie allegear snie en de skuon fan mem...
nl.verhalenbank.33348
Der kom in skipper by in boer om molke. De boer joech it him en sei sa kwânskwiis: "Op it Amelân melke se alle ûren, hè?"
De skipper stie forsteld. Hy hie noch noait oars heard of in kou dy woarde twa kear deis molken. Hy fortelde it syn wiif.
"Dû hast dy to grazen nimme litten," sei 't wyfke, "de boer bidoelde mei alle ûren de fjouwer ûren fan 'e kij."...
nl.verhalenbank.21272
De pastoar hie de minsken yn 'e tsjerke yndruid, by it bychten moesten se alles fortelle en neat achter hâlde.
Doe fortelde in minske yn har bycht oan 'e pastoar, hja hie in wyn fan seis jellens gean litten.
"Hoe hienen jo dat sa?" woe de pastoar wite.
"Wel," sei 't minske, "ik hie seis jellen linnen op 'e bleek lizzen. Dêr stapte ik by lâns, wilens gong...
nl.verhalenbank.21273
By in minske op 'e Sumarreheide kom us in krûk en kannedrager oan 'e doar. Dat wie sa'n man - faek in poep - dy hie stienguod en porslein to keap. Dat siet yn in koer dy't er op 'e holle droech. Under yn 'e koer siet in kûle, dat hy slute moai om 'e holle hinne. Meast hie sa'n man earst in kessentsje op 'e holle, dêr't de koer dan bovenop kom. Noait hied...
nl.verhalenbank.21267