Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Oan 'e Loane stie froeger in hûs, dêr wie in frommes yn formoarde. Sûnt dy tiid spoeke it dêr.
Sytse Smid hat dêr wenne. Der roan in greate hage foar 't hûs lâns. In protte minsken ha dêr in greate swarte houn sjoen.
Ik kom der al us lâns mei de faem.
Myn faem fleach ynienen om my hinne.
Ik sei: "Hwat wolste?"
"Och heden", sei se. Sy koe hast gjin wurd...
nl.verhalenbank.21683
Yn 'e buert fan Houtigehage stie in hûs, dêr doogde 't net yn. De frou hie in kear yn 'e hoeke sitten. Doe wie der hwat by har yn 'e hûs kom, dat wie by har op 'e skelk kom. 't Wie in forstoarn minske.
De frou hie de skelk foarwei dien, doe kom it by har op 'e skoat.
Doe ha se der in doomny by helle. Dy spruts it spoek oan. Hja moest sizze hwat der oan...
nl.verhalenbank.25180
Alde Taeke Pyt hie in wikseldaelder. Elkenien hie earmoed, mar hja koenen 't altyd skoan dwaen.
De duvel hie him har jown.
nl.verhalenbank.31122
In nachtmerje wie in man of in frou, dêr't men deis oer prakkesearre en dy't dan nachts by jin kaem. Men moest hinnegean en stopje de kaeisgatten fol guod, hwant de nachtmerjes kamen altyd troch 't kaeisgat yn 'e hûs.
nl.verhalenbank.37786
Myn skoanmem seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten.
nl.verhalenbank.29418
Alde Taeke Pyt hie har oan 'e duvel forkocht. Doe't in oar yn 'e earmoed siet, hie hja altyd sinten. Mar sy is in rare dea stoarn.
nl.verhalenbank.28048
Minse Griper wenne oan 'e Spekloane yn 'e Boelensloane. Dy koe ek soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Mar hy koe noch folle mear. Hy joech ek wol medesinen. En dat holp ek.
Hy wie ek duvelbander. As der hwat bitsjoend wie, gongen se nei him ta.
Syn wiif, Griet Snipel, koe kaert lizze. Hja koe sjen hwat jo wederfaren wie. Dêr roannen in protte...
nl.verhalenbank.24302
Der wie in âld minske - ik haw har noch wol kend, - dy hie altiten lêst fan 'e duvel. Dy duvel, dy kom by har as se by de wasktobbe stie. It wie in lyts keardeltsje, mei in hoed op.
Dan sei se: "Duvel, dû krigest my net, hwant ik hâld it mei ús leaven Hear." (Har heit wie âlde Bouke-duvel. Dy sei altyd: "O duvel, duvel, duvel." Op in kear siet er dea...
nl.verhalenbank.25424
Hearke krige us in kear rúzje mei syn frou. Mar hy wie sa forstânnich en hâld de hannen thús. Ynpleats dêrfan gong er nei de skuorre en fan kleare lulkens nom er dêr de beide skûrduorren út 'e hingsels.
De frou woarde bang en nom de flucht.
Doe't Hearke even letter yn 'e hûs kom, wie hja der net. Hy gong der op út om to sjen hwer't se wie. Op it lêst foun...
nl.verhalenbank.21692
Wy gongen froeger nei de Grinzer klaei ta to wjudden. Dan slepten wy op in greate souder by Jan Kraak to Loppersum yn 'e skuorre. Wy gongen altyd nei dyselde boer ta.
Myn suster Rinsk hat us op 'e souder lein, doe fornom se dat der har in kâld bernehantsje op 't wang lein woarde.
nl.verhalenbank.25594
't Wie op 'e Houtigehage yn 't bigjin fan ús memme trouwen. Op in nacht hearde ús mem klear dat der peallen delgoaid woarden en hout. Mar dat wie yn werklikheit sa net. 't Wie tjirmerij, hwant letter brochten se peallen foar Wytske-moai har spitkeet yn 't achterhûs. Dàt hie se heard.
Hwant Wytske-moai woe in hutte ha. Hja hie in bern en de heit fan it...
nl.verhalenbank.24648
Wolters Tryn wenne op 'e Houtigehage. Sy kom op in joun út 'e hûs wei, doe kom der in lyts wyfke njonken har.
"Goeije navend", sei Tryn.
Dat wyfke sei neat werom.
"Ik sei navend", sei Tryn.
Hja sei noch neat en bleau mar njonken Tryn.
Doe sei Tryn foar de trêdde kear 'navend'. Wer sei se neat en samar ynienen wie se fuort krekt as wie se yn 'e groun...
nl.verhalenbank.23785
Op Feansterheide wenne Sander Hoeksma. Dy syn wiif wie siik.
Doe kom der de nachts in swarte kat yn 'e hûs. Sander der ôf. Dy skeat dy kat.
De oare deis hie âlde Rykele Myt in eech der út. Hja hie mar ien eech mear.
It wie sa dúdlik as hwat. Rikele Myt wie in tsjoenster. Dy hie har yn in kat foroare en Sander hie har it each útsketten.
nl.verhalenbank.24559
Alde Japik Kingma fan 'e Houtigehage hie in geit dy moest elke dei molken wurde. Dat die Japik syn wyfke altyd.
Mar op in kear doe wie 't wyfke der op út to praten en doe moest Japik-sels de geit melke.
Hy gong nei de geit ta, mar dat dier wie tige mankennich en woe net oerein komme.
Doe gong Japik yn 'e hûs en die syn wiif har jurk oan.
Sa kom er wer by...
nl.verhalenbank.28411
As ús mem jouns op bêd gong, smiet se de toffels in ein fuort, of sy kearde se om. Dat die se altyd fanwege de nachtmerjes. Hwant dy geane yn 'e fuotleasten fan 'e minsken.
nl.verhalenbank.25874
Dyselde man syn frou hearde op in joun dat der in lading hout delplofte flak by har hûs. Krekt as waerd it fan in wein smiten.
Binnen it jier woardde der op dat plak in nij hûs delset, dêr't hja ynkommen to wenjen. Mar dêr wisten se doe noch neat fan. Doe kaem der ek in wein mei hout oan dat dêr delsmiten woardde. Dat wie deselde plof.
nl.verhalenbank.37685
Op Blaufallaet wenne Jan Hellinga mei twa bruorren en twa susters. Jan syn âldste suster moest saterdeijouns noch to winkeljen, mar dêr hie se altyd hwat in hekel oan. Op in saterdeijoun, doe wie 't al aerdich let, doe sei Jan tsjin har: "Dû mast ek noch to winkeljen, fanke."
Hja sei: "Dat doar ik net allinne to dwaen, dan mastû mei. Hwant by nacht rint...
nl.verhalenbank.37691
Wy kommen us in kear fan Eastemar ús mem en ik. Doe't wy oan 'e Fjouwer Roeden ta wienen, kom Minse Griper der oan.
Dy sei: "Sjoch, jonge, hjir hast in boltsje fan my."
Mem sei: "Net oannimme."
Wy roannen binnen troch en hy makke in hiele omwei nei Houtigehage. Mar hy wie der folle earder as wy, hwant hy wie der hinne flein.
nl.verhalenbank.23790
[p. 97]
De misledige deaholle
Der wie in man, dy neamden se de achtkantige boer. Hy wie smoarryk en hy joech nearne om. Op in kear gong er op reis, mei syn feinten en syn wiif, in hiele protte minsken. Se rieden in ein fuort en doe kamen se by in âld tsjerkhôf. Hy woe dêr ris
[p. 98]
op sjen en doe foun er dan in deademinskeholle. En doe skopte er dy...
nl.verhalenbank.128314
Aukje Pultrum hie altyd de gewoante fan to sizzen: Duvel. Dat sei se to pas en to ûnpas.
Op in joun soe se nei de pomp, doe hie dêr in lyts, swart mantsje stien. Hja hie net wer fuortkomme kind.
Doe hie se bigoun to bidden. Doe hie se wer fuortkomme kind. 't Wie Jille Pultrum syn beppe.
nl.verhalenbank.25863