Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten.
Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge."
En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
Doe't ús mem stoar krige se fan alles mei yn 'e kiste.
De nuddel, de skûdeldoek, de hierkaem, de floddermûtse en noch mear. Dêr hat in deade rjocht op.
nl.verhalenbank.25607
Der leefden ris in man en in frou. Dat wienen Pibe en Tetsje. Hja hienen ek noch in houn, dat wie Wachter.
Dy minsken wienen nergens bang foar, foar gjin duvel.
Doe't Pibe forlet fan jild hie, kom de duvel by him. "Dû kinst wol jild fan my krije," sei de duvel, "dan kinst dyn fjild wer bibouwe, mar wy prate dit ôf. Alles hwat boppe de groun waechset is...
nl.verhalenbank.25548
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414
Myn dochter wenne oan 'e Folgerster loane. Moarns as har man fuort wie en hja foel wer yn 'e sliep, dan sprong der gauris hwat by har op bêd op 't fuottenein. As hja dan seach, wie der neat to sjen.
nl.verhalenbank.25616
Germ Smous (= Greate Germ) en syn soan Steven wienen ek us in kear by de Bearnedaem. En doe seach Steven in gedaente op 'e wei: 't like wol in frommes. It biweegde.
Germ sei: "Giet it of sweeft it?"
"It sweeft", sei Steven.
"Set dan sok", sei Germ (Germ hat dit faek forteld. "Doe koe dy bliksems jonge ek noch folle hurder rinne as ik", sei er.)
nl.verhalenbank.23729
Jan Mulder syn frou (Janne Luts) wenne oan 'e Skoallewyk yn 'e Houtigehage. It wie in tsjoenster, tominsten, dêr gong se foar troch.
Ritske van der Meer hie in jonge, Germ (dy wennet nou yn Limburch), dy jonge rekke siik. Janne Luts kom dêr in bult oer 'e flier. Dy jonge wie siik en bleau siik. Der wie neat oan to dwaen. Se hienen alle middels prebearre,...
nl.verhalenbank.28046
Jille Pultrum - dy't froeger winkelman wie - syn (skoan?)mem hiet fan Antsje. Dat wie myn suster. Har man siet ûnskuldich yn 'e gefangenis. Ik moest dêr nachts by Antsje sliepe, hwant sy moest bifalle.
Doe't it har oan kom, sei se tsjin my: "Clare, wolst even myn mem helje?" Dy wenne dêr in eintsje fandinne.
"Nim Jille dan mar even mei", sei se tsjin my....
nl.verhalenbank.25167
Us heit Jan Pultrum en myn omke Klaas Weening fan 'e Harkema wienen us in kear by de Bearnedaem op 'e Trije Roede. Dêr spoeke it altyd. Sy wienen mei in foer hea oan 't laden.
Doe sei heit tsjin Klaes-om: "Mast dêr us sjen."
Doe kom dêr in frouljusholle ta de groun út. En doe woarde dat in hiel frommes.
Sy naeiden allebeide hurd út. Doe't se in skoft...
nl.verhalenbank.23728