Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der kom us in man by Sterke Hearke. Doe wie Hearke krekt oan 't ploeijen. Dy man woe mei Hearke wrakselje, hwant hy wie sels èk sterk. Mar hy koe Hearke net. Dèrom frege er: "Wytstû ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke it hynder foar de ploege weidien en hy hie de ploech mei ien hân optild. En doe hied er sein: "Sjoch, dêr wennet er, en hjir...
nl.verhalenbank.29355
Sterke Hearke hat de ploech ris omheechtild en foarútstutsen, doe't der ien him frege hwer't Sterke Hearke wenne.
nl.verhalenbank.25751
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy frege hwer't Sterke Hearke wenne.
Hearke krige de ploech mei de hân beet en sei: "Hjir stean ik en dêr wenje ik."
nl.verhalenbank.23526
Sterke Hearke wie op it lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien oan, dy frege him hwer't Sterke Hearke wenne. "Dêr wennet er", sei Hearke en hy krige de ploege yn 'e hân en stuts him foar him út.
Doe sette er de ploege wer del en hy sei: "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.33292
Paulus fan Albert en Tet (Alma) wie in jonge fan achttsjin jier. Hy hie harsensykte en it like slim. Op in joun soe âlde Hindrik Vaartstra der noch op út. Doe't er oan 'e daem fan it hûs fan Albert en Tet ta wie, koed er net fierder. Dêr stie in lykstaesje. Hy seach de wein mei de kiste en 't folk. Doe is er weromgong.
In wike letter is Paulus stoarn.
Tet...
nl.verhalenbank.20950
Der wie us in doomny, dy moest gauris nei in oar plak ta to preekjen. Dan hâldde er meastal deselde preek. Sa hied er al trije kear preke oer de skoanmem fan Petrus, dy't mei koarts op bêd lei.
Op in kear stie er yn 'e tún. Dêr hearde hy de klok lieden.
"Wie mag daar gestorven zijn?" seit er. "Zeker niet een van mijn gemeente, dan had ik het wel geweten."...
nl.verhalenbank.23444
Sterke Hearke wie ûnder tsjinst yn den Helder.
Der leinen twa swiere ankers by de kaserne. It iene woech sawnhûndert poun, it oare fjirtsjinhûndert. Der wie in sterke keardel, dy tilde op in kear it anker fan sawnhûndert poun op. Mar Hearke wie noch mear mâns. Dy tilde dat fan fjirtsjinhûndert poun op. Doe't er dat die, barstten him de soallen ûnder 'e...
nl.verhalenbank.20830
Hearke hat ûnder tsjinst west, mar dêr koed er min oer. Hy mocht dêr min wêze by dy soldaterije. Doe hie dêr in anker by de haven lein, dat woech 900 poun. Doe frege Hearke de overste of hij by de tsjinst wei mocht, dan soed er dat anker om 'e hiele kaserne hinne tille.
"Né," sei de overste, "it spyt my wol, mar dat mei net. Mar dat anker weecht 900 poun,...
nl.verhalenbank.32764
Der wie in man, dy siet yn it lân to melken. Doe kom der in frou oan. 't Wie waerm waer en dy frou hie och sa'n toarst. Hja tocht: "Hie 'k mar hwat to drinken."
Doe't se dy man dêr sitten seach to melken, frege se: "Ha jo ek hwat molke foar my?"
"Né," sei de man, "ik kin de molke oars wol brûke, dêr krije jo gjin fan."
Doe hearde dy man sizzen: "Geef die...
nl.verhalenbank.25556
Myn âld buorman Ate roan mei Imke de Jong troch Twizel. Doe frege er Ate om in kwartsje.
"Ha 'k net", sei Ate.
Even fierder sei Imke: "Dû seist niis, datst gjin sinten hiest. Hwat is dit dan?" Doe hied er Ate syn jildponkje yn 'e hân.
"Nou soest tinke," forfette er, "Imke de Jong is samar ryk. Mar sa sit it net. Ik kin se net hâlde."
nl.verhalenbank.21650
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
Alde Minderts Feik wenne yn 'e Bosk yn 'e Harkema.
Sy koe gewaer wurde hwa't in tsjoenster wie. Sy hie in popke en dêr stuts se mei spjelden yn. Dan neamde se de namme fan ien. De oare deis frege se dyselde of se de foarige jouns ek pine hawn hie. Wie dat it gefal, dan wie 't in tsjoenster.
nl.verhalenbank.21150
Der libbe nêst jierren in boerefrou, dy forkocht wol bûter oan dizze en jinge. Mar sy rekke oan it sukkeljen en sy stoar.
Nei in skoftsje seinen de lytse bern tsjin 'e widner: "Heit, wy ha mem sjoen." De boer sei: "Né, dat bistiet net." Mar de oare deis seinen de bern it wer, en dat gong sa in hiele tiid. Har forstoarne mem kom al mar tichterby.
Op it...
nl.verhalenbank.15781
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him. Dy sei: "Kinne jo my ek fortelle hwer't Sterke Hearke wennet?"
Doe hie Hearke it hynder foar de ploech weidien. Hy hie de ploech mei ien hân optild en rjocht útstutsen en doe hied er sein: "Dêr wennet Sterke Hearke."
nl.verhalenbank.28550
Ek us in kear, doe wied er oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy wie ek tige sterk. Hy woe wolris sjen hwa't it sterkste wie, hy of Hearke. Mar hy koe Hearke net. Dêrom frege er hwer't sterke Hearke wenne. Doe stuts Hearke de ploech út mei ien hân en hy sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
Doe wist dy man wol hwa't de sterkste wie.
nl.verhalenbank.25909
Egbert Witteveen syn soan Mekke hie in kammeraet, dat wie Lammert Postma. Dy kom us in kear by Mekke en dy. Egbert wie der ek.
Lammert sei: Jo binne tige sterk, net Egbert.
Ei jonge né, sei dy.
Dêr stie in greate amer, dêr koe in kynsen iepels yn. Lammert sei: Dy kinne jo wol rjochtút stekke oan in stok.
Egbert bearde, dat er it net koe. Mar even letter...
nl.verhalenbank.16865
Sterke Hearke wie hwat oan 'e luije kant. Hy hat ek plysje west. Op in kear wied er oan 't ploegjen. Hy hie ien hynder foar de ploege hawn, hy loek sels mei.
Doe wie der in reizger oankaem, dy frege him hwer't Hearke wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân rjocht útstutsen en sein: "Sjoch, dêr wennet er."
nl.verhalenbank.23957
Sterke Hearke wie ris oan 't ploeijen op 't lân. Doe kom dêr in man by him op 't lân.
"Wite jo ek hwer 't sterke Hearke wennet?" frege dy.
Hearke hekke de hynders út en krige de ploege mei beide hannen beet. Sa tilde er him op en sei: "Dêr wennet er en hjir ha jo him." En doe hied er mei de ploege it hûs oanwiisd.
nl.verhalenbank.26219
To Wergea tsjinnen in feint en in faem by de boer. It praetsje gong dat it dêr spoeke op dy plaets, en dêr wie de faem deabinaud foar.
It gebeurde yn 'e simmer op in moarntiid ier en bitiid.
De feint wie mei de dongwein op 'e rin (= hy wie yn 'e skiterij). Alhielendal neaken roan er nei 't húske ta.
De faem, dy't der ek al yntiids ôf wie, seach him...
nl.verhalenbank.27739
Der wenne in man yn Drinte, dy woe wite, hwer't Sterke Hearke wenne. Hy trof Hearke oan op 't lân, mar hy koe Hearke net. Hearke wie krekt oan 't ploeijen.
De Drint frege him of er ek wist, hwer't Sterke Hearke wenne. "Ja, sjoch," sei Hearke, "dêr wennet er, en hjir stiet er." En dêrby hied er de ploech fan 'e groun nom en dêrmei syn hûs oanwiisd. Neffens...
nl.verhalenbank.26169