Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
62 datasets found
Dutch Keywords: voorteken Place of Narration: Burgum
Op it Heechsân yn Eastemar stie de pleats fan Tsjerk-om en Piter-om. In wike foardat dy pleats opbrând is seach ien fan 't Heechsân him yn 'e nacht yn 'e brân stean. Dat wie foartsjirmerij.
nl.verhalenbank.31309
Men mat noait op in pod traepje, oars komt der tonger.
nl.verhalenbank.31320
Yn Jistrum is ris in hûs ôfbrând, dat hienen guon fan tofoaren al brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.27555
Us heit hat it faek hawn oer foartjirmerije. Dan seinen de lju: dêr en dêr komt skielk in hûs to stean. Se ha it timmerjen al heard. Ek seinen se wol: dat hûs mat nochris in kear opbrânne. 't Brânnen is al sjoen woarn. Dat mei it bouwen en timmerjen kaem altyd nei, mar ik kin sa net sizze hokker huzen dat wienen. Yn Garyp gongen dy forhalen. Heit fortelde...
nl.verhalenbank.31284
Yn Burgum mat it gebeurd wêze, dat guon yn 'e winter mei iis in stim hearden: De tijd is verschenen, de man is der niet. Doe is dêr fuort dêrnei ien op redens yn in wak riden.
nl.verhalenbank.31285
Ik wyt ek noch dat er us sei: Hedzers Baeije Hedzer is nou noch soun, mar dat duorret net lang mear. Ik ha sjoen dat er to hôf brocht wurdt. It is neikom. It duorre mar in pear wiken doe woarde er siik en doe is er stoarn.
nl.verhalenbank.27550
Us mem kom fan Hurdegaryp. Mem fortelde, sy hienen dêr dúdlik it puffen fan 'e trein al heard, fier fantofoaren foardat hy der wie. Krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.27552
De foarboaden fan 'e tram neamden se yn 'e Sumarreheide ek wol wylde lantearnen. Dy gongen by de wâl lâns.
nl.verhalenbank.31318
Sudema's jonges har heit, âlde Knjillis Sudema hat sjoen dat it hûs fan Douwe Veenstra yn'e brân stie. Hy sei altyd: "Dat brânt nochris in kear op." Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.17122
Gâns minsken fan Sumarreheide ha fan to foaren de ljochtsjes fan 'e tram sjoen, foardat dy noch ried.
nl.verhalenbank.17123
Men mat nachts noait midden op 'e wei rinne. Men rint dan de kâns dat men troch in lykstaesje oan kant reage wurdt.
nl.verhalenbank.31325
Doe't ik noch faem wie moest ik faek oppasse by in minske dat swier siik wie. Der siet ek in kear in frou by. Dy frou sei tsjin my: "Hearst it wol, der tikket hyltyd in horloazje. Nou duorret it net lang mear." En dochs wie der gjin horloazje. Men neamt dat in wyld horloazje. Deselde nachts noch is it sike minske stoarn.
nl.verhalenbank.27553
Myn suster en ik binne ris op in nacht tige kjel woarn. De buorlju soenen oan 't forbouwen en hienen de ljedder by ús weihelle. Yn 'e nacht hearden wy, hoe't de ljedder by ús tsjin 'e muorre oan set waerd. Wy tochten: hwat in nuvere tiid, om dat yn 'e nacht to dwaen. Mar der woarde net in ljedder delset. En doch hearden wy it dúdlik. It gebeurde de oare...
nl.verhalenbank.38158
Yn it Bûtenfjild is it ris gebeurd dat guon minsken ien roppen hearden om help. Doe't se dêr by kamen, wie der neat to sjen. In dei of hwat letter forsoop dêr ien.
nl.verhalenbank.29653
It gebeurt my wolris, hwannear't ik by in tsjerkhôf lâns kom, dat ik in lyklucht yn 'e noas krij. Dan kin men der mar wis fan op oan, dat dêr mei gauwens ien op 't hôf komt.
nl.verhalenbank.31008
As jy in kikkert deameitsje, dan komt der swier waer.
nl.verhalenbank.31020
Douwe en Det wennen yn in hûs op Sumarreheide, dêr waerd fan sein dat it nochris opbrânne soe. Knjillis Sudema hie it brânnen sjoen, mar it stiet der altyd noch. Hy mat fier foarútsjen kind ha -
nl.verhalenbank.31961
Heit en âlde pake Tamme wienen ris by de Prikwei oan 't meanen. De Earnewâldster polder wie der doe noch net. Hja hienen de tinte, dêr't se yn slepten, deun tsjin 't kanael oan stean. Doe sei pake yn 'e nacht: "Jelle, wy matte hjir wei." "Och," sei heit, "hwat merakels binne dat nou wer. Jow jo dochs del." Mar de âld man hâldde oan. "Wy matte hjir wei,"...
nl.verhalenbank.31578
Mem sei froeger: Traepje noait op in pod, hwant dan krije wy swier waer.
nl.verhalenbank.31237
Alde Tsjibbe Westra wenne op 'e Sumarreheide. Alle jounen hearde hy timmerjen, mar dêr wie neat to sjen. It wie de Aldegeaster dyk út dêr't er it hearde. In skoft letter waerd dêr in rige huzen set fan 'e woaningbou. It wienen huzen fan 'e gemeente.
nl.verhalenbank.31579
35