Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik hie in suster, dy wie net goed. Hja wie sawntjin jier. Doe reizge heit op in kear nei Joast Wiersma yn Jistrum om guod foar har. Ik gong mei. Wy gongen mei de hounekarre.
Doe soenen wy op 'e weromreis yn 'e Boelensloane mei de karre om 'e hoeke, doe sei heit tsjin my: "Gean even fan 'e karre ôf, Jel." It wie by de hulzene hage. De karre moest even oan...
nl.verhalenbank.28040
Myn skoanheit dat wie de bikende spylman Pije Rasp. Hy wenne mei syn frou meastal yn in woanwein. Dy stie faek yn 'e buert fan 'e Pipe to Drachten.
Skoanmem hat faek forteld, dat se dêr gauris klopjen heard hie yn 'e nacht. Dan sei se: "'t Wurde hjir skielk allegear huzen by de Pipe-brêge."
En dat is ek útkom.
nl.verhalenbank.29411
Sa hat er ek de lykstaesje sjoen fan syn sweager Bearend, dy't mei Durkje troud wie. Dy wie yn 'e ûngetiid op 'e Fryske Klaei, doe't er stoar. Boardzer doarst it net to sizzen tsjin syn suster Durkje, mar de hiele bigraffenis seach er hjir yn Houtigehage.
nl.verhalenbank.31114
Ik haw ris nei Ulrum ta west to flaechsteppen mei de keppel. Wy moesten dêr yn in skuorre sliepe. De keppelbaes warskôge ús en sei, it spûke dêr yn dy skuorre. Der stienen weinen op 'e telle dy bigongen alle nachten to ratteljen, sei er.
Ik en in maet fan my wienen net bang. Wy seinen wy sille fannacht wekker bliuwe en as dy weinen dan bigjinne, geane wy...
nl.verhalenbank.24243
Yn 'e oarlochstiid is der in jonge forstoarn fan Atse fan der Heide fan Houtigehage. Skoanmem hie klear de lykwein fan tofoaren oankommen sjoen mei de hynders der foar. Hja wennen doe oan 't Spûkeloantsje ûnder Drachtster Kompenije.
nl.verhalenbank.29414
To Houtigehage wenne in man, dy hat forkearing hawn mei in suster fan myn man. Hy hat ris forteld: Op in snein-to-joune seach ik ynienen dat der in streekje huzen fuort wie. It wie dêr gewoan lân woarn, dêr't neat mear op stie. Allegear gjers.
Mar o, o, hwat gong it der dêr op dat lân alderheislikst oan wei! It gong dêr op in skoppen en traepjen en...
nl.verhalenbank.11558
Boardzer Bruining fan Houtigehage wie mei de helm geboaren. Hy moest alles sjen. En dat binne gjin fabeltsjes, dat wie de wierheit.
Boardzer sei ris in kear tsjin my: "Och Frâns, hwat haw ik in minne nacht hawn. Ik moest der fannacht wer ôf, hwant dêr wie in lykstaesje. Hy fortelde my fan hwa't de lykstaesje wie dy't er sjoen hie.
't Wie dy fan Jan...
nl.verhalenbank.31113
Doe't ik noch by uzes thús yn 'e hûs wie hearden wy ris yn 'e nacht in hiele botte slach. Us hûs hie in hiel lyts bihyndich gonkje. 't Wie krekt as de slach dêr wei kom.
"Hwat is dat?" sei heit. Wy hearden it allegearre. De houn blafte. Heit wie doe al net rjocht goed, mar hy gong der ôf om to sjen. Der wie neat. Heit gong wer op bêd.
Heit woarde minder...
nl.verhalenbank.25166
Sa gebeurde 't ek dat guon seinen: dêr en dêr sille huzen komme. Wy ha it timmerjen al heard.
nl.verhalenbank.31107
Guon binne mei de helm geboaren, dy matte der nachts altyd ôf. Ik praette us mei sa'n ien út 'e Harkema, dy seach doe krekt dat der ergens in lyk út 'e hûs droegen waerd.
nl.verhalenbank.24245
Hjir yn 'e Houtigehage ha forskeidene west, dy't froeger de tram fan 'e Folgersterloane heard ha, fier foardat dy der noch wie. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.31106
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. Dat wienen de ljochtsjes fan de lettere huzen, dy't der kom binne.
nl.verhalenbank.25601
Jille Pultrum - dy't froeger winkelman wie - syn (skoan?)mem hiet fan Antsje. Dat wie myn suster. Har man siet ûnskuldich yn 'e gefangenis. Ik moest dêr nachts by Antsje sliepe, hwant sy moest bifalle.
Doe't it har oan kom, sei se tsjin my: "Clare, wolst even myn mem helje?" Dy wenne dêr in eintsje fandinne.
"Nim Jille dan mar even mei", sei se tsjin my....
nl.verhalenbank.25167