Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Doe't wy op Gariperheide wennen, seagen wy wolris in wylde lantearne. As jonge wie ik dêr bang foar hwant it praet fan 'e greate minsken gong dêr gauris oer. It tsjutte op dingen dy't komme soenen, lyk as de tram en sa.
nl.verhalenbank.31960
It gebeurde op in winterdei, dat der gjin iis yn 't wetter lei. Ik wie doe noch jong. Doe hearde ik de minsken riden op it iis. Dúdlik hearde ik it streekjen fan 'e redens en de minskestemmen dêrby. En 't wie doe noch iepen wetter.
In dei of hwat letter lei der iis en doe gong 't op in riden.
nl.verhalenbank.29652
Us mem wie tige min, mar sy leefde noch. Doe hearden wy in lûd, krekt as woarde der mei hout tsjin 'e muorre oan skaefd.
Doe't mem in skoftsje letter dea wie, leinen se har yn 'e kiste en doe brochten se dy kiste nei 't sliepkeammerke ta. En doe skaefde dy kiste dêr tsjin 'e muorre oan. Dat wie krekt itselde lûd dat wy tofoaren al heard hienen. Doe wie...
nl.verhalenbank.38159
Yn Jistrum wenne in man, dy moest altyd bigraffenissen fan tofoaren sjen. Heit hat dat wol faek forteld, mar ik wit de namme fan dy man net mear. Wit hoe faek gebeurde it yn 'e nacht, dat hy der út moest om sa'n bigraffenis to sjen. Hy moest der soms hiele einen om rinne. Soms koed er krekt sizze hwa't it wie, dy't yn 'e kiste lei. Dat seach er dan oan 'e...
nl.verhalenbank.31180
Ik ha wolris heard dat der op guon plakken, samar yn 'e iepen loft wijde musyk heard waerd. Dan waerd der letter op sa'n plak in tsjerke boud.
nl.verhalenbank.29655
Op 'e wei fan Gariperheide nei Garyp hawwe se ris yn 'e nacht de lykstaesje sjoen fan in broer, dy't 14 dagen letter stoarn is. Syn beide foshynders rieden foar de wein.
Dy't dat seach wie mei de helm geboaren, seinen se, dy wy heldersynde.
nl.verhalenbank.31973
Wy ha hjir yndertiid in nij bûthús krigen. Fan tofoaren doe ha wy en ús folk it wol timmerjen heard by nacht. Wy ha der wol binaud fan west.
nl.verhalenbank.23608
By de Wartenster dyk ried in glêzene wein lâns. Dy waerd samar ynienen mei hynder en al oan kant set.
Letter mei it bouwen fan 'e nije Foanejachtsbrêge is de wei dêr forlein. 't Forkear gong doe de nije wei lâns.
nl.verhalenbank.31580
Ien seach yn 't foarige yn Sumar in pear ljochten skean de heide oer kommen en hy hearde dêr in gerommel by. Dat wie de tram, dy't letter kaem is.
nl.verhalenbank.24614
Us mem gong noch wol gau us to praten nei de Burgumer Nijstêd, dêr't har âlden kwekerije hienen.
Foardat se wer thús wie, hearden wy ús mem har fuotten al yn 'e gong slepen, en op it matsje ôffeijen.
Dan seinen wy: "Dêr is mem ek wer." Mar dan wie 't sa net. In skoft letter kom se earst werom.
nl.verhalenbank.23609
Op 'e helling yn Feanwâldsterwâl hearden se froeger gauris jouns let allegearre leven. Dan gong 't op in timmerjen en skaven. Dan duorre it net lang of it wie dêr allegearre wer wurk.
nl.verhalenbank.29654
Yn Jistrum is it wol gebeurd dat minsken fan to foaren in hûs yn 'e brân seagen, dat in dei of hwat letter yn werklikheit ôfbrânde.
nl.verhalenbank.31179
Skoppenboer bringt immen yn great gefaer of hy bringt de dea.
nl.verhalenbank.31025
Us mem sei, as der in pod yn 'e hûs kaem, dan soe de húshâlding, dy't dêr wenne, forsmoargje. (dat hie hja heard yn 'e Harkema)
nl.verhalenbank.31019
Ik haw it wol meimakke dat der by ús ien by de doar kaem. Ik hearde dan oan 'e stap wol hwa't it wie. Ik gong dan nei de doar ta en sei: "Bistû dêr?" Mar dan wie der net ien. In skoftsje letter kaem dan dyselde.
nl.verhalenbank.29656
Froeger gebeurde it wol gauris dat guon gedaenten sjoen hienen dy't sweven. Dat ha foarboaden west fan 'e lettere fytsers.
nl.verhalenbank.31582
Doe't de tram foar 't earst oer de Sumarreheide ried, tochten se dat it in bargehok wie mei twa gleone ljochten der oan.
nl.verhalenbank.31583
Spûkgûlde in houn, dan bitsjutte dat dat der in minske yn dy buert stjerre soe.
nl.verhalenbank.31971
Op Feanwâldsterwâl wenne Úlke v.d. Meer. Dy neamden se Úlke Bok omdat er altyd bokken en geiten hie.
Ik ha him wol kend. Hy wie bot oan 'e drank. Hy sûpte sa, sei er, omdat er mei de helm geboaren wie. Hy wie altyd fuort op 'e fyts. Hy mocht graech by sé wêze. Dan seach er de dingen net. Oars seach er altyd lykstaesjes. Hy wist altyd fan to foaren as der...
nl.verhalenbank.31018
Alde Fije turfskipper wenne op Uleflecht ûnder Sumar. Dy seach faek wylde lantearnen. Dat wienen de lettere fytsljochten, sei er.
nl.verhalenbank.23613