Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
19 datasets found
Dutch Keywords: voorboden Narrator Gender: male
Op 'e wei fan Feanwâlden nei Dokkum seagen wy froeger in rige ljochtsjes. Letter wienen dat de ljochten fan 'e fytsen en de auto's. Dy hienen wy al jierren fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.24705
Doe't de tram der noch net wie, seagen de minsken al gleone ljochten. Dat wienen de ljochten fan 'e tram.
nl.verhalenbank.24511
Achter de kaserne to Bûtenpost ha wy froeger wol wylde lantearnen sjoen. Dat tsjutte op nije hûzen, seinen se. Dy binne der letter ek kom. En dêr is èk in nije wei kom.
nl.verhalenbank.22950
De foarboaden fan 'e tram neamden se yn 'e Sumarreheide ek wol wylde lantearnen. Dy gongen by de wâl lâns.
nl.verhalenbank.31318
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen wienen de foarboaden fan 'e fytsen en de auto's.
nl.verhalenbank.22991
In sémearmin sjogge se mei stil moai waer. Fral as it hwat mistich is. Dan hearre se har lûden. Sy spartelje dan yn 't wetter om. It séfolk is bang foar in sémearmin. 't Is in min teken, as se op 'e lappen komme, sizze se.
nl.verhalenbank.24933
Froeger seach men hjir op 'e Skieding hipljochtsjes. Dat wienen foarboaden fan 'e huzen dy't der letter kamen.
nl.verhalenbank.32298
Alde Willem Koekoek wenne yn 'e Sweagemer Mieden. Dy sei us in kear tsjin ús: "Hjir komme skielk forskate nije huzen. 'k Ha allegear wylde lantearnen sjoen." 't Is neikom. Wy seagen sokke ljochtsjes jouns ek wol foar de huzen. As 't stadich gong mei 't biwegen, dan bitsjutte it neat, seinen se. Mar as 't hurd gong, dan seinen se, 't wienen wylde...
nl.verhalenbank.24576
Wy wennen ûnder Surhústerfean, tichte by de Fjouwer roede. Dêr seagen de minsken yn myn bernejierren allerhande ljochten jouns. Dy wienen op in rige en sy sweefden. Letter seinen se, dat hienen de foarboaden west fan 'e karbydlampen fan 'e fytsen dy't dêr letter lâns kamen. 't Wie boppe de wei dêr't dy ljochtsjes lâns sweefden.
nl.verhalenbank.37522
Yn 'e Wierren tusken Aldegea en Nyegea en Garyp wie 'k faek oan 't fiskjen. Moarns en jouns ljochte it dêr altyd en oeral. Op 'e selde plakken kommen in jier of trije letter huzen to stean. Yn 'e Earnewarren krektengelyk.
nl.verhalenbank.24625
De wylde lantearnen wienen de earsten dy't birichten dat de fytslantearnen komme soenen. 't Wienen de foartsjirmen.
nl.verhalenbank.24591
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek. It wienen swevende, swermende ljochten, de foarboaden fan fytsljochten ensa.
nl.verhalenbank.24234
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat wienen de foarboaden fan 'e ljochten fan 'e lettere fytsen en auto's.
nl.verhalenbank.25259
Wylde lantearnen sweefden oer de lannen. Letter wienen dat de fytsen mei de carbid-lampen.
nl.verhalenbank.25107
Op it Skeanpaed yn 'e Harkema seagen wy froeger wol wylde lantearnen yn 'e nacht. Dat bitsjutten fytsen en auto's.
nl.verhalenbank.22327
Sy seinen wol dat de wylde lantearnen de lettere lampen fan auto's en fytsen wienen. Men sjocht se nou noait mear.
nl.verhalenbank.24453
De mearmin wie wol ris achter op it roer kom. Dan wie 't folk bang, hwant dan krigen se min waer. Dy mearminnen joegen geluten. As de brúnfisken tusken de kribben kommen, dan woarde it need waer, fortelde er.
nl.verhalenbank.24450
As de eksters op it hûs kommen, dan kom der in sterfgefal. Dêr wie ús mem deabinaud foar. Ek as in houn spûkgûlt en as de katûl ropt. En ek as de klok deadsk lette.
nl.verhalenbank.24509
Oer/Yn 't Bûtenfjild ha wy froeger wol faek wylde lantearnen sjoen. Guon woenen wol ha dat dat de foarboaden wienen fan 'e fyts- en autolampen fan letter, as der wegen oanlein wurde soenen.
nl.verhalenbank.30032
35