Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Lytse Wytske sei yndertiid, der soe in skoalle op 'e Bulten komme. Hja hie fjouwer lampen brânnen sjoen, dat wie fierstofolle foar in hûs. Mar doe setten se letter op dat plak in hûs del foar fjouwer gesinnen, de saneamde 'malmoune'. Dat hat it west. Sy ha 't hûs letter ôfbrând, doe wie 't alhiel útwenne. (De jonges seinen doe al: der komt in skoalle op...
nl.verhalenbank.24328
Us mem en dy moesten froeger Sytske al us in kear ophelje. Dy wenne by 't monumint op 't Bomkleaster.
Hja soe komme to naeijen, mar sy koe sels de naeimesine net drage. Mem droech de naeimesine. De krúswei moesten se passeare, dy wie doe noch net forhurde.
De oare deis fortelde mem, se hienen dêr by de krúswei sa bot mei stiennen smiten, dat hie se dúdlik...
nl.verhalenbank.24329
Froeger seagen wy wol us wylde lantearnen. Èk yn 'e buert fan 'e Skieding. Dan kom dêr letter in hûs.
nl.verhalenbank.24882
As in fûgeltsje tsjin 't glês oan hipte, kom der in deaden, of der gebeurde in ûngelok.
As de eksters skatteren ek.
As de kleasterklok deadsk lette of as de regenkleden wapperen, dan wie der gau in deaden yn 'e buert.
As hja yn in lykstaesje net goed achterinoar oan roannen kom der ek gau wer in deaden.
As it wicht fan 'e klok foel ek.
nl.verhalenbank.21294
Piter de Graaf moest der nachts út. Dan seach er lykstaesjes. Hy koe samar sizze: yn dat en dat hûs giet ien dea.
nl.verhalenbank.24884
Ek sei se in kear: "Ik ha allegearre ljochtsjes sjoen, dy't biweegden. Der komt hjir foroaring." Doe kom dêr letter in hurde wei, dêr't de auto's lâns snuorren.
nl.verhalenbank.22289
Us mem hearde froeger wol us timmerjen hjir en dêr. Dan kom der letter op sokke plakken in hûs of in hok to stean. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.22288
Tichte by de Singel stie in âld húske by in dyk. Guon seagen fan to foaren dat it ôfbrânde. Yn werklikheit brânde it doe noch net. Mar 't wie de foarboade. Letter is dat hûs ôfbrând.
nl.verhalenbank.19544
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre.
In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
As eksters tichte by in hûs skatterje of by de doar komme, dan stjert der ien yn dat hûs.
Jan en Diuw hienen in hountsje, dat hat no in kear hiel bot oan it spoekgûlen west mei de kop nei it hûs fan syn buorman ta. Sy jagen dat hountsje dêr wei, sy ha it beest slein, mar it wie dêr fuort wer en dan bigong it opnij wer to spoekgûlen. Yn 'e nacht is de soan...
nl.verhalenbank.19975
Rinse Loonstra wenne achter ús, doe't wy noch oan 'e Lange Wyk wennen. (Yn dat húske wennet nou Eise Det). Dy seach altyd fan tofoaren dat der brân wie. Dêrom neamden se him altyd Rinse Brander.
nl.verhalenbank.22713
As de klok sa deadsk oan 't lieden is, komt der in sterfgefal. Dat is foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.19976
Ruerde Saek helle saterdeijouns altyd boadskippen op yn in âlde sek. Dy boadskippen forkocht se dan wer. Sy wenne yn 'e Smoarhoeke.
Op in kear doe hie se wer boadskippen kocht. Doe't se op 'e Fûgelkamp wie, bleau se stean. 't Wie tichte by de keet fan Albert en Tet.
Doe seach se in lykstaesje. De minsken dy't achter it lyk oanroannen, koe se wol.
Krekt yn...
nl.verhalenbank.22304
Lytse Eldert, Grutte Eldert en de swarte ruter
Op in plak midden yn 'e heide hûsmannen twa keardels. De iene wie Iyts en de oare grut. Dêrom waarden se Lytse Eldert en Grutte Eldert neamd. Op in kear spande de Grutte allegear triedden oer de heide, wite triedden. Doe frege Lytse Eldert: 'Wat moatte dy triedden dêr dwaan?' 'Dêr fange wy minsken mei', sei...
nl.verhalenbank.12984
Yn it hûs dêr't nou Haga de fytsmakker wennet, op it hoekje oan 'e Lytse Wei wenne froeger in timmerman, in sekere de Jong. Hy hie dêr syn timmerhok njonken stean.
Boven yn dat timmerhok sieten lytse doarkes, dêr koe 't hout, lyk as planken en balken, ta'n ynskoud wurde.
Op in joun wie dêr ien, dy seach fjûr ta dy doarkes útkommen. Hy rôp: Dat hok stiet...
nl.verhalenbank.31542
Dêr't nou de betonwei is yn 'e Harkema hienen jy froeger in sânwei. Us pake en dy wennen dêr oan dy sânwei.
It wie sahwat yn 1850, doe kaem dêr by pake en dy in Eastemarder mei de wein. De wein hie er op it sânpaed stean. Doe't er dêr in skoftsje by pake yn 'e hûs sitten hie, sei er: "Heden, hwat is dat dêr in gerattel op 'e sânwei. Krekt as giet der in...
nl.verhalenbank.31541
Froeger seagen wy hjir faek wylde lantearnen. Dat wie allegearre foartsjirmerij. Hwant letter kommen dêr de strjitlantearnen.
nl.verhalenbank.19554
De wylde lantearnen, dy't wy froeger seagen, dat ha de lettere fytslampen west.
nl.verhalenbank.24342
Roanes Pander seach ek us op in nacht in lykstaesje. Doe stie er by Wierd Kooistra op 't hiem. Hy seach de lykstaesje foar him lâns gean.
nl.verhalenbank.22257
Wylde lantearnen binne de foarboaden fan oare lantearnen. (op fytsen en strjitwei)
nl.verhalenbank.16870