Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
657 datasets found
Dutch Keywords: voorbode Narrator Gender: male
Trapet men op in pod, dan komt der tonger. As jy in kikkert deameitsje komt der ek tonger.
nl.verhalenbank.32751
As der in katûl rôp op 't ûleboerd koe men der mar fêst fan op oan dat der in deaden kom, itsij yn datselde hûs of yn in hûs dêr tichteby. Dat gong altyd troch.
nl.verhalenbank.20355
Boardzer Bruining fan Boelensloane fortelde my ris: "Ik kom us in kear thús, doe hie 'k nei de faem ta west. 't Wie moai ljocht-moanne-waer. Mem hie 't glês sa'n eintsje yn 'e hichte. Myn ierpeltsjes stienen waerm op 'e kachel. Doe't ik yn 'e hûs kom, stienen der in pear stuollen yn 'e hoeke, mei in lekken der op. Ik gong sitten. Doe't ik it iten op hie,...
nl.verhalenbank.25211
Us mem tsjinne, doe't se noch net troud wie, as boerefaem by Jan Jelkes yn Garyp. "Wy ha 't faek hawn," sei se, "dan hearden wy de wein mei hea oer de telle roljen yn 'e nacht, en dochs wie dat net it gefal." De oare deis gebeurde dat echt.
nl.verhalenbank.31502
Op in pod trapen wy noait, op in slak like min, hwant dan soe der tonger komme, mienden wy.
nl.verhalenbank.29826
Soms gebeurt it dat bern mei de helm geboaren wurde. Men mat dan it flues nei ûnderen ta der ôflûke. Docht men it krekt oarsom, dan mat it bern letter alles sjen. Pleechsusters yn 't sikenhûs stielen sa'n helm wol. Dy drage se by har. Dan binne se feilich. Se wurde ek wol forkocht. Dy't sa'n helm by him hat, dy is kûgelfrij. Se sizze dat alle frijmetslers...
nl.verhalenbank.32221
Veurlopen Een boer op "Hoogheem" ging eens een bezoek brengen bij zijn buurman op 10 minuten afstand, wonende op "Barnwerd". Bij zijn aankomst vertelde de Barnwerdse boer (die blijkbaar ook met de helm geboren was) dat hij juist gezien had, dat er op "Hoogheem" bezoek gekomen was van iemand in een zwarte wagen. De Hoogheemster haastte zich toen naar zijn...
nl.verhalenbank.13402
Durk Brouwer dy't hjir njonken wennet, fortelde my, ien fan 'e Westerein wie baenfager op it iis. Doe't er drok oan 't fijen wie, hearde hy ynienen 'Help!' roppen. 't Kaem út in wek wei. Doe't hy der hinne gong, hearde hy dat der fanút dat wek sein waerd: "De tijd is verschenen, de man is er niet." Doe kom der ien oanriden op redens en dy ried pardoes yn...
nl.verhalenbank.29952
Guon binne mei de helm geboaren, dy matte der nachts altyd ôf. Ik praette us mei sa'n ien út 'e Harkema, dy seach doe krekt dat der ergens in lyk út 'e hûs droegen waerd.
nl.verhalenbank.24245
Hjir yn 'e Houtigehage ha forskeidene west, dy't froeger de tram fan 'e Folgersterloane heard ha, fier foardat dy der noch wie. Dat wie foartsjirmerije.
nl.verhalenbank.31106
As in houn oan't spûkgûlen wie, dan bitsjutte dat dat der ien op stjerren lei.
nl.verhalenbank.32194
Myn suster wie mei de helm geboaren. Hja wie noch mar in famke, doe opponearre him dat al. Op in kear boarten wy mei elkoarren op 'e dyk. Doe treau hja ús dêr allegear ien foar ien wei, hwant der kaem in lykstaesje oan, sei se. "Hja binne nou oan Wigerom ta", sei se. "Dy giet út 'e staesje wei, dy giet yn 'e hûs." Wy moesten allegear oan kant stean gean....
nl.verhalenbank.36480
't Wie yn 'e tiid dat de tramlijn fan Grins nei Drachten noch net bistie. Twa âlde minsken fan Drachtster Kompenije hienen to jounpraten west nei Houtigehage. Doe't se by Luchtenveld kamen moesten se in âld reed yn. Doe hearden se dêr ynienen: Tuf-tuf-tuf-tuf. En hja seagen twa ljochten, dy kamen de hoeke om. 't Wie op in hûndert meter fan har ôf. Doe wie...
nl.verhalenbank.29577
Oer/Yn 't Bûtenfjild ha wy froeger wol faek wylde lantearnen sjoen. Guon woenen wol ha dat dat de foarboaden wienen fan 'e fyts- en autolampen fan letter, as der wegen oanlein wurde soenen.
nl.verhalenbank.30032
Guon dy't mei de helm geboaren wienen moesten bigraffenissen sjen, dy't in dei of hwat letter pleats founen. Hja moesten dan faek yn 'e nacht fan bêd ôf om to sjen.
nl.verhalenbank.32143
Frou Groenhof fan Aldegea (H.O.) lei op in nacht op bêd. Wylst se dêr lei seach se in bigraffenis foarby gean. Hja wie doe siik. Sahwat in wike letter wie de echte bigraffenis dêr. Se seinen dat frou Groenhof mei de helm geboaren wie.
nl.verhalenbank.31310
Soms binne der lykstaesjes yn 'e nacht, dy sjocht men net. By de Foarwei wenne Germ Pompomme, sa neamd omdat er stammere. Hy wie âldfeint en 't wie in goed mantsje. Op in joun soed er nei hûs ta, doe waerd er samar fan 'e wei ôf oer in sleat hinne smiten yn in oar syn lân. Dêr mat doe in lykstaesje west ha, dêr't er rûmte foar jaen matten hie.
nl.verhalenbank.25365
35