Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
106 datasets found
Dutch Keywords: visite Narrator Gender: male
Ik wie noch net troud, wy wennen op 'e Boelensloane. It waeide dat it stoarme. It wie yn 'e neinacht. In suster fan my hie mei har man by ús west to praten. Myn faem wie ek by ús. Myn suster en 'e man wennen yn Surhústerfean, dêr moesten se dy nachts wer hinne. Ik en myn faem soenen har in ein bringe. It waeide dat it rikke, it stoarme bytiden, en soms...
nl.verhalenbank.37922
Kei Sytses en 't wiif, dy wennen to Feanwâlden op 'e Fenen. As âlde Gosse jounpraters hawn hienen, dan wist Kei Sytses syn wiif altiten krekt to sizzen, hwa't der west hienen. Der siet dan wolris in kat by Gosse en dy bûten yn 't finsterbank, mar dêr waerd gjin doel op makke. Mar doe't dat faker as ien kear gebeurde dat Kei Sytses wist hwa't der by harren...
nl.verhalenbank.24221
Der wie in doomny dy hie in hiele dei mei in âlderling op hûsbisyk west. Der woarde ôfpraet, sy soenen mar nei in boer ta to iten, dan hoefden se earst net nei hûs ta. De boerinne die tige war op it iten, mar dat naem net wei dat de brij frijhwat sangerich wie. Dat wie de boerinne danich yn 'e wei, mar doomny sei, dat hindere suver neat. "Zo lust ik ze...
nl.verhalenbank.33832
Jehannes syn broer hiet Ruerd Meerstra. Dy syn jonge hiet Bap. Dat wie in ûngelokkige jonge. Dy kaem altyd fan bêd ôf as der jounpraters wienen. Dan moest er pisje of drinken ha ofsa. Dat wie mar lestich foar Ruerd en dy en dy hienen dêr in hekel oan, en Ruerd sei: "Ik woe wol dat er dat mar net mear die." Op in kear wienen Jehannes en syn wiif dêr to...
nl.verhalenbank.38557
Wy ha 't faek hawn, dat wy dúdlik hearden dat der ien by de doar kom. Mar as wy der hinne gongen wie der net ien to sjen. Mar men koe der fêst fan op oan dat dyselde in skoftsje letter kom.
nl.verhalenbank.23946
Heit fortelde, hy hie ris op in joun nei Feanwâldsterhoek ta west to praten. Doe gong er werom op hûs yn. Dat wie hjir op 'e Wâl. Doe kom der him in grouwe houn achterop, dy koed er net kwyt wurde. Doe't er oan syn hûs ta wie gong de houn foar de doar sitten. Doe doarst heit net ta de doar yn. Hy roan dêrom in eintsje fierder. Der stie in linebeam foar...
nl.verhalenbank.38037
Spoken, ja m'n vader die vertelde veel. 't Spookte bij vrouw Buys hier in Ruigewei of was 't nou in Waarder? Op een avond toen komt d'r iemand en die zag dat d'r een spook bij vrouw Buys op visite was. Affijn, die kerel die vlucht weg, dat hij vlucht hals over kop door de bovedeur, hij gunde z'n eige nog geen tijd om de onderdeur ope te doen. Ze gaan...
nl.verhalenbank.70715
Wie hebben twei katn en as dei zok wasken, den komt er veziede. Vanmiddag zag ik ze nog bezig zok of te slikn en zee: “Taande zel nog wel eevn komen.” Moar nou zitn ie dr. Komt altied uut. Net as oksters, dei op de vensterbaanke zitn te pikn en te roupn; den mou- je op n dode reekn in de buurt. Ik heb toch zo’n hekel aan dat goud.
nl.verhalenbank.44467
In de Friese Leek gebeurde het dat een dominee op huisbezoek ging. Hij zou naar een weduwe, die daar met haar jongen woonde. De jongen zei: "Dêr komt dominee oan." "Liz gau de bibel op 'e tafel", zei de oude vrouw. De jongen had het niet gedaan of daar verscheen de dominee ook. Dominee zegt tegen de vrouw: "Bent u aan 't lezen?" "Ja", zegt ze. "Maar u...
nl.verhalenbank.28026
Yn 't âlde hûs by de Sumarre moune wenne in widdou mei trije dochters. Ien fan dy dochters hie in kammeraetske, dy koe mear as sljochthinne. Op in kear sei se, doe't se by dy minsken wie: "Sil ik de kofjekanne ris op ús takomme litte?" En dêr kom de kofjepot oanstappen oer de tafel hinne, lyk op de oaren ta. En doe die se nòch hwat, mar dat wyt ik net...
nl.verhalenbank.33360
Mocht je zout morsen dan krijg je ruzie, een open paraplu in huis zorgt ook voor bonje. Suiker morsen betekent visite.
nl.verhalenbank.45208
Mien vrouw en ik zoue soaves es ’n keer op visite opten Dries. We reje opte fiets over den diek. Bé’j de noteboom gienge we van den diek af. We waren er goed en wel af, toe stonne we ienens ien ’t volle lich. ’t Leek wel helderlich dag. ’t Duurde mar inkele sekonde. Drek dorop was ’t wer pikduuster. We hadde nèrs iets gezien. We ware èrg verschrokke. We...
nl.verhalenbank.50163
Dan wenne der nòch in tsjoenster by ús, dat wie Auke Hinke. Dy hie ris bisite. "Kopke kofje?" sei se. "Jawol." Doe krige se de kofjekanne. Dêr geat se earst molke út. "O heden, 't is mis", sei se. Doe kaem der helder skjin wetter ta'n út. "'t Is noch net klear", sei se. Doe kaem der swarte kofje út. De fjirde kear wie 't gewoane kofje.
nl.verhalenbank.20719
Komt der in swarte roek by hûs, dan bitsjut dat in deaden. Komme der eksters op 't hiem, dan bitsjut dat dat der bisite komt fan guon dy't men net folle sjocht. Spûkgûlt der in houn, dan bitsjut dat in deaden. Klept de klok yn 'e toer, dan bitsjut dat in deaden. Falt der in skilderij del yn 'e hûs, dan bitsjut dat in deaden. Falt der in gewicht fan in...
nl.verhalenbank.37098
It gebeurt faek dat ik 'folk' roppen hear. Dan tink ik: Der komt aenst ek ien. En dat giet altyd troch.
nl.verhalenbank.21611
Myn broer wie us op in joun by Wopke Hoekstra syn âlden. Wylst er dêr sa siet seach er ynienen in deakiste oer de flier stean. Hy skrikte en seach gau ergens oars hinne. Doe't er wer seach wie de deakiste fuort. Fjirtsjin dagen letter wie de frou dea.
nl.verhalenbank.21405
Myn wiif droomde ris yn 'e tiid doe't skoanmem by ús yn wenne, dat har suster fan Nijesyl soe de oare deis op bisite komme. Dat wie op 31 jannewaris, krekt op dy har jierdei. Doe't se de moarns fan bêd kom, birêdde se earst de lytse bern, en doe sei se tsjin skoanmem: "Ik ha fannacht droomd. Gjerkje komt hjir hjoed." "Ei, fanke, hoe komst der by", sei...
nl.verhalenbank.24569
Piter Haisma hie in keppeltsje bargen, dy rekken siik. Piter wenne njonken âlde Vogeltsje. Hy gong nei Wopke ta. Dy sei: "Dyn bargen binne bitsjoend." Hy joech Piter guod mei en sei: "Jimme matte âlde Vogel net wer yn 't achterhûs talitte." De bargen binne wer better woarn.
nl.verhalenbank.20135
Hearke kom us by âlde Arjen Kuipers to jounpraten. Arjen Kuipers hie in tsiis fan tritich poun, dy sette er op 'e tafel en doe sei er tsjin Hearke: "Snij der mar in stikje ôf om op to iten." Doe nom Hearke de tsiis op 'e iene hân en 't mes yn 'e oare en sa snie hy der in stik ôf.
nl.verhalenbank.20492
Gauke Haagsma wie us by ús to jounpraten. It wie sahwat tsien ûre woarn, doe siet er stil op 'e stoel, krekt sa wyt as in deaden. Noait liker as wie 't in lyk. En hy sei net in stom wurd. Myn frou en ik sieten der nei to sjen en út kleare angst doarsten wy ek net in wurd to sizzen. In ûre letter sahwat joech Gauke in snokje en doe kom de holle wer hwat...
nl.verhalenbank.22680
35