Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: vermoorden Place of Narration: Twijzelerheide
Yn 'e Westerein wenne Sterke Dedde. Dy ried mei in tsiiswein Grinslân yn en sliepte nachts by de boeren. Op in joun kom er wer ris by in boer. De boer sei: "Soenen jimme ek even mei nei 't lân kinne? De bolle is út it lân brutsen en is by de melke beesten." De boer en syn folk hienen al in pear kear prebearre de bolle dêr by wei to heljen, mar de bolle...
nl.verhalenbank.27385
Hjir wennen wol in stik of hwat tsjoensters: Minne Ael, Tsjibbe Teats, Boate Griet. En dan wenne der op 'e Sânbulten ek ien. Hja koenen op 'e biezemstôk troch de loft ride, seinen se. Reinde it freeds, dan wienen se oan 't pankoekbakken. Se foroaren har yn katten en as sadanich forgaderen se yn 't greidlân. Ien kat hie de leiding. Ienkear yn 'e sawn jier...
nl.verhalenbank.27382
Myn mem hie in suster, dat wie myn muoike. As dy nachts nei de plé ta gong kom der altyd in neaken popke by har opkrûpen en gong by har op 'e skoat sitten. De plé stie bûtendoar. Sjoukjemoai wie oars net sa gau fan 'e wize, mar ien kear ha se har dêr weihelle, doe wie se biwusteloas delfallen. Doe fortelde se ús heit en mem fan dat popke. Dat berntsje wie...
nl.verhalenbank.33435
Der wie in feint dy wie och sa ûnforskillich. Dy koe 't neat skele hwat er sei. Sûpe as in kreupel. Op in kear hied er yn beide herbergen fan Twizel west. Dêr hied er 't raer opsein. Hy wie foar de duvel net bang, sei er en dat wie sweare by dit en by dat. Doe wied er dêr wei kom en doe hienen se him de oare moarns in pear stikken lân fan 'e wein ôf foun,...
nl.verhalenbank.33436
Tsjallings Gjertsje fan 'e Falom wie in echte tsjoenster. Kij holp ris op in kear ús buorman yn 't hea. Doe sei dy buorman op in moarntiid tsjin Kij: "Helje even fiifentwintich takken by Gjertsje wei." Kij farde nei har ta mei de skou. Doe't hy der wie rôp er har by de namme. Doe kom se by him, mar it hie sa raer like. In pear egen, hy soe earst wer fuort...
nl.verhalenbank.33433
By de Batema's oan 'e Mûzegroppewei ûnder Rottefalle is yn 't foarige in dûbelde moart gebeurd. De heit formoarde earst syn dochter en makke doe himsels fan kant. De bloedspatten yn 'e muorre woenen der noait wer út. Men die hwat men der oan dwaen koe, mar it joech neat. Se koenen it hûs letter noait forhiere. Net ien woe der yn. It hûs is letter ôfbrând....
nl.verhalenbank.20101
In tsjoenster kin har yn in kat foroarje, in swarte kat meastal. As hja der nachts op út is to tsjoenen lizze de terms op bêd. Hja bitsjoent yn 'e regel bern. Dan makket se greate krânsen yn 'e kessens. As in bern bitsjoend wie gongen se nei Kûkherne. Dêr wenne Wopke Minke, dat wie in duvelbanster. Dy joech dan in drankje mei. En dan sei se: "Nou sil der...
nl.verhalenbank.37658
Op 'e hoeke fan 't Wyldpaed is in sekere Piter Veenstra formoarde woarn. Hy is deastutsen. De bloedplakken ha se noait útwiskje kind.
nl.verhalenbank.22126
Hjir op 'e Heide wennet in frommeske, dy hat froeger as faem wenne by Knjillis Gearts van der Veen oan 'e Simmerdyk by Hurdegaryp. Dy boer is doe formoarde woarn. Hy hat fan tofoaren witten, dat dat gebeure soe. Hja hie fan tofoaren sjoen dat ien him formoarde.
nl.verhalenbank.38331
To Hurdegaryp, by 't hûs dêr't froeger dokter Bontekoe wenne, is in hekke, dy koe noait ticht fanwege de berntsjes, dy't dêr formoarde wienen.
nl.verhalenbank.28441
35