Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Guon út 'e Harkema hawwe ris in postloper formoardzje wold. Dat wie yn 'e buert fan 't Feanster tsjerkhôf. Sy stutsen him, mar it mes skampere foar in diel op 'e learen brievetas ôf. Dat sy rekken him mar in bytsje. Mar dêr foel àl bloed fan him op 'e wei. Dat bloed woe letter noait wer út 'e stiennen wei. Omdat it moardnersbloed wie.
Dyselde deis ha se...
nl.verhalenbank.28880
Greate Pier wie us in kear oan 't ploeijen. Der kommen twa Hollanders oan, dy fregen him, hwer't greate Pier wenne. Doe tilde Pier de ploege op en dêr wiisde er mei nei syn hûs. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er." En doe sloech er dy beide Hollanders mei de ploege dea. (Het verhaal is met St. Hearke bij haar niet bekend)
nl.verhalenbank.24076
By Sytse Bates oan 'e Mûzegroppewei ûnder Rottefalle is ris ien formoarde woarn. De bloedplakken oan 'e muorre en op 'e doar wienen der letter noait wer wei to krijen.
nl.verhalenbank.27219
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen.
Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Oan 'e Loane stie froeger in hûs, dêr wie in frommes yn formoarde. Sûnt dy tiid spoeke it dêr.
Sytse Smid hat dêr wenne. Der roan in greate hage foar 't hûs lâns. In protte minsken ha dêr in greate swarte houn sjoen.
Ik kom der al us lâns mei de faem.
Myn faem fleach ynienen om my hinne.
Ik sei: "Hwat wolste?"
"Och heden", sei se. Sy koe hast gjin wurd...
nl.verhalenbank.21683
Yn Warffum wenne in arbeider, dy koe mear as in oar.
Op in kear krige er myn hân beet en hy seach der yn. Doe't hy him in skoftje bistudeard hie, sei er tsjin my: "Dy hân hâldt forbân mei IJe Wykstra. IJe Wykstra fan Greategast, dat wie de man dy't fjouwer plysjes formoarde hie.
Ik tocht nei, en doe wist ik it. De moarns, doe't dy fjouwer plysjes op 't...
nl.verhalenbank.33293
Doomny van Velzen fan Droegeham hie in protte fijânnen trochdat hy de wiere leare forkondige. Der ha guon west, dy woenen him deameitsje. Mar hy woarde troch Us leaven Hear biskerme. Dat gebeurde sa: Op in kear ried er yn in glêzen wein. Doe soed er nei in oar plak ta to preekjen. Underweis skuort ien de doar fan 'e wein iepen en hy wol doomny in stek mei...
nl.verhalenbank.33734
Op 'e Nyegeaster Hegewei binne nêst jierren âlde Landmeter en syn frou formoarde woarn. Hja hawwe letter noait de bloedplakken út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.29624
Der wie in faem, dy wenne yn 'e Twizelermieden, fuort by de Hamsterfeart. Dy moest bifalle fan in bern, mar dat bern hat noait ien sjoen.
Letter wienen se oan 't hakjen yn 'e groun, en doe ha se 't bern opgroeven. By 't opdollen rekke de hân der ôf. Men hat de faem der fan biskuldige, dat hja 't bern fan kant makke hie, mar sy koenen 't net biwize, dat sy...
nl.verhalenbank.22759
Germ Godloas wie in hiele raren ien. It wie in goddeloaze wrede keardel. Hy wie fisker en wenne oan 'e Goddeloaze Singel. Op in kear sei er: "Nou woe 'k wol, dat ik in iel fangde sa great as ik noch noait ien sjoen ha."
Doe hat er sa'n iel fangd. Mar it wie de duvel.
Letter ha se him yn 'e hûs foun mei de holle omdraeid.
nl.verhalenbank.18189
Der wie in faem, dy wenne by de boer.
Dy sei op in kear: "'k Wol joun in feint ha, as is 't de duvel ek."
De jouns dan ite se. As dat op is, meitsje se de tafel skjin.
Dan komt der ien by de doar. It is de duvel.
Hy giet by de oaren sitten.
Dan seit de boer tomûk tsjin 'e faem: "Witst wol hwa't it is?"
"Né", seit se.
"Dy man hat ien goeije skonk en ien...
nl.verhalenbank.22215
Tichte by de Drachtster Pipe is Teadehoekje, by de Slingerwei. Dêr spûket it. Dêr op 'e hoeke ha se froeger in fékoopman formoarde. Dat wie Teade. Hy hie nei de merk ta west dêr't er in koe forkocht hie. 't Jild hied er yn 'e bûse hawn. Dat hienen se him ûntstellen. Letter seagen guon dêr yn 'e nacht in man oer de wei hinne krûpen mei in koe oan 't tou....
nl.verhalenbank.36260
Ik haw in swager yn Eastemar wenjen hawn, dy is letter nei Amerika ta gong. Dat wie Jan Klomp. Hy wenne oan 'e Langeastloane. Hy fortelde my us:
In boer fan Eastemar moest us nei Ljouwert ta om jild op to heljen.
Der wienen guon dy wisten dêrfan en dêr wienen twa man by, dy loerden op him.
Dy roannen him de jouns tomjitte. Sy wienen oan Swarteweisein ta....
nl.verhalenbank.23686
Biesterveld
Heit en dy ha wol ferteld oer Biesterveld. Dat moat in troch ende wer troch grutte boef west hawwe. It wie oars mar in plat keardeltsje, mar hy stie foar ien moard net. Hy kaam út 'e bûtenlannen; se seinen wol fan út Hongarije. Hy wie hjir hingjen bleaun en moat yn Drachten en op 'e Gerdyk wenne ha. Op 'e Sweach hat er skearbaas west.
Se ha...
nl.verhalenbank.13037
Yn 'e Dokkumer Wâlden wenne in boer, dy hie in koe, dy waerd siik. It buorwyfke krige de skuld, dy hie dy koe yn 'e macht, mienden se. Doe helle dy boer it buorwyfke der by. Hy sei tsjin har: "Dû hast de koe siik makke, dû mast him ek wer better meitsje, oars stek ik dy hjir fuort dea."
nl.verhalenbank.24843
As jy altyd yn 'e spegel seagen, dan soe de duvel jo de nekke omdraeije.
nl.verhalenbank.26933
Oan 'e Lytse wei woarde froeger âlde Sytske formoarde. De bluodderige steden fan 'e fingers ha dêr jierren-lang by dat húske op 'e stamme fan in beamke stien. Dat bloed woe der net wer ôf.
Letter ha se in krús set op it ikenhouten stambeamke.
Yn 'e daem by dat beamke wie se formoarde.
nl.verhalenbank.20371
Sagen en Legenden uit Kempen
Op zekere dag was een jager op de hei bij Riethoven, niet ver van de Duivelsberg op jacht. In de verte bewoog zich een aardman. De jager richtte zijn geweer op het niets vermoedende ventje, hij vuurde en trof de aardman dodelijk. Deze had nog juist kracht genoeg om zich naar de Duivelberg te slepen en in een van de pijpen te...
nl.verhalenbank.13220
't Wie yn 'e tachtich-jierrige oarloch.
Greate Pier wie to Kimswerd oan 't ploegjen.
Doe kamen der in pear Spanjaerden oan en dy fregen him: "Witte jo ek hwer't greate Pier wennet?"
Hwant dy Spanjaerden woenen him sjen to fangen, mar hja koenen him net.
Doe naem greate Pier de ploege yn 'e iene hân en sei: "Dêr wennet er." En mei de oare hân wiisde er op...
nl.verhalenbank.20629
Dy't syn heit of mem formoarde hat kriget in rare kleur, in deadskleur.
Ien fan 'e Tike wie sa'n man. Dy koe net stjerre. Doe sei der ien: "Hy hat de deadskleur àl, mar kin net dea."
nl.verhalenbank.29625