Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Frijmitselers forkeapje har siel oan 'e duvel. Dêr krije se jild foar yn 't plak. Oan jild ha se noait gebrek. Nou en dan hâlde se in forgadering yn in gebou. Dêr wurdt dan ien útkiesd, dy't ien formoardzje mat.
nl.verhalenbank.29592
Auwert-omme wie nei in houtforkeaping en lânforhiering op Nijtap. Froeger roannen se altyd en dat die Auwert-omme ek (fan Rottefalle). Hy woe in perseel hout ha. Doe't de houtforkeaping ôfroun wie, roan er allinne fan Nijtap de achterwei del. Dat wie doe noch in sânreed. Nou seit men der tsjin Leidyksloane.
Doe't er in pear hondert meter roun hie, seach...
nl.verhalenbank.29578
Op 'e Mûzegroppewei hat Bate Bates lang lyn syn dochter de hals útsnien en doe hat er himsels fan kant makke. Dêr wie in rymke fan (ek in strjittesang):
Bate Bates dy is gemien,
dy hat syn eigen dochter de hals útsnien.
En doe waerd er sa binaud,
doe hat er himsels de kop ôfhoud.
De bloedplakken yn dat hûs ha se der noait wei krije kind.
Hja koenen de...
nl.verhalenbank.29597
Frijmitselders ha in wikseldaelder. Dêrtroch ha se noait gebrek oan sinten, hwant sa'n wikseldaelder rekket net op. Dy krije se fan 'e duvel. Dêr ha se in forboun mei sluten.
Ien dy't frijmitselder is, kin net wer in gewoan minske wurde.
As se der by wei wolle wurde se deamakke.
De gebouwen fan 'e frijmitselers sitte gjin glêzen yn.
Se jowe twa fingers...
nl.verhalenbank.33056
Om 'e grouwe beam hinne oan 'e Bomkleasterwei dounsen froeger neakene berntsjes. Dy wienen dêr formoarde.
nl.verhalenbank.33004
Op 'e Mûzegroppewei hat Sytse Batema syn dochter de hals útsnien. It bloed ha se letter net wer út 'e flier krije kind.
nl.verhalenbank.33006
Op 'e Mûzegroppewei hat lang in hûske stien mei bloedplakken yn 'e flier. Dêr wie ris in moard gebeurd. Dy bloedplakken woenen der net wer út.
nl.verhalenbank.33799
Yn it hûs fan 'e Batema's oan 'e Mûzegroppewei hat famylje fan my wenne. Ien fan 'e Batema's hat dêr syn dochter formoarde. Doe't myn famylje dêr wenne sieten der twa greate bloedplakken yn 'e flier. Dy ha se der noait út krije kind.
nl.verhalenbank.33067
Op 'e Swarte wei yn Eastemar roan froeger jouns in keardel yn frouljusklean. Dat wie in sekere Pôpe of Paulus Zandstra. Hy die dy frouljusklean oan om dêr de manlju mei to lokjen en se dan to biroven.
Mar doe wie der in Eastemarder, dy hie it gewear by him.
Dy sei: "Dû mast op sa'n ôfstân fan my bliuwe, oars sjit ik dy dea. En ik mat dy hjir noait in kear...
nl.verhalenbank.27760
Dy't ienkear frijmetseler is, komt der noait wer by wei, hwant hy is oan 'e duvel forkocht. As ien fan 'e frijmetselers net folgens it reglemint handelt, wurdt er stil fan kant makke. Hy fûstket mei twa fingers ynpleats fan mei de hiele hân. Frijmitselers ha noait forlet fan jild.
nl.verhalenbank.27761
Yn it hûske fan Sytse Bates woenen de bloedplakken nei de moart noait fordwine, seinen se altyd. De lju makken in rymke:
Sytse Bates dy is gemien,
dy hat syn dochter de hals útsnien.
En doe wied er sa binaud,
doe hat er himsels de kop ôfhoud.
nl.verhalenbank.20974