Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Oan 'e Loane stie froeger in hûs, dêr wie in frommes yn formoarde. Sûnt dy tiid spoeke it dêr.
Sytse Smid hat dêr wenne. Der roan in greate hage foar 't hûs lâns. In protte minsken ha dêr in greate swarte houn sjoen.
Ik kom der al us lâns mei de faem.
Myn faem fleach ynienen om my hinne.
Ik sei: "Hwat wolste?"
"Och heden", sei se. Sy koe hast gjin wurd...
nl.verhalenbank.21683
As jy op in plak komme dêr't in protte slangen binne, en dêr is in slangekoaning by, dan kin sa'n slangekoaning syn slangen forbiede dat se jo hwat dogge. Der binne mar hiel inkelde slangekoanings. Sy drage in kroantsje op 'e kop. It is net bêst as men in slangekoaning hwat docht. Dan begjint er to piipjen en dan komme alle slangen op jy tasetten en...
nl.verhalenbank.24311
In moart komt altyd út, al sille de roeken en de kraeijen 't ek útbringe.
nl.verhalenbank.23866
Bloedplakken dy't troch in moart ûntsteane kin men letter net wer útwiskje.
nl.verhalenbank.31127
By de Skeanpaden ûnder 'e Rottefalle is froeger in berntsje formoarde. Sûnt spoeket it dêr altyd.
nl.verhalenbank.25875
Oan 'e Mûzegroppewei hat Sytse Bates syn dochter en himsels fan kant makke. Hoe bot as se dy muorren ek skrobben en bjinden, it bloed wie der noait wer wei to krijen.
nl.verhalenbank.23784
Op 'e Sumarreheide is froeger us in berntsje deamakke woarn. En nei dy tiid gong de doar fan dat hûs altyd fansels iepen; dy koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.23796
Froeger spoeke it op 'e Skeanpaden achter de Rottefalle. Dêr ha se yndertiid in berntsje formoarde. Dat berntsje spoeke dêr letter by 't houtsje.
nl.verhalenbank.25455
"Ek in kear," sa fortelde Boardzer Bruining my, "doe wie 'k allinne thús. Ik siet yn 'e hûs. Doe waerd der op 'e doar kloppe." Ik sei: "Kom der mar yn." Doe kom der in man yn, dy gong njonken my sitten. Hy sei tsjin my: "Nou matte jo it tou krije en dan matte jo jo ophingje."
"Och, ik ha gjin tou", sei Boardzer. "Ik wol noch sa graech hwat leve."
"Wolle...
nl.verhalenbank.37706
Biesterveld fan Drachten dêr wie elkenien bang foar. Op in kear siet âlde Antsje, it wiif fan Hindrik Petersma yn 'e tram. Biesterveld reizge mei har, mar dat wist sy net. It praet gong tafallich oer Biesterveld.
Sy sei: "Dy Biesterveld is sa'n great dogeniet. Dy hat myn broer Greult deastutsen. Ik bin deabinaud foar dy keardel."
Doe't Biesterveld even...
nl.verhalenbank.24035
Op 'e Skeanpaden yn 'e Houtigehage by 't lêste houtsje is froeger in bern formoarde. Dat bern spoeket dêr altyd noch om, wurdt der sein.
nl.verhalenbank.23589
In jier of hwat lyn is in sekere Piter Claus - in soan fan Jehannes Claus by it baeijen yn it Fliet fordronken. It Fliet dat is in poeltsje yn 'e Harkema, net sa fier fan 'e Betonwei ôf.
Hindrik Jager - de soan fan Sytse Jager - fortelde my letter: dy man is net gewoan forsûpt. Der sit in monster yn it Fliet. Dat monster hat him forsûpt. Dat mûnster hat...
nl.verhalenbank.23825
Bloedplakken dy't troch moart foroarsake binne, wolle der net wer út.
nl.verhalenbank.23885