Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
113 datasets found
Dutch Keywords: vermoorden Narrator Gender: female
Yn 'e Hantumer Utbuorren wenne foarhinne in sekere Jensma. Dat wie in hiele raren-ien. Hy flokte alles by elkoar. Op in kear lei er dea op 'e telle, mei de holle achterstofoar op 'e romp. De duvel hie him de nekke omdraeid. Syn mem hie faek tsjin him sein: "Tink der om jonge, de duvel komt aenst by dy." Mar dêr hied er de spot mei dreaun. De plaets stie...
nl.verhalenbank.23142
Der wie in hiel great hûs, dêr sieten fjirtsjin keamers yn. It hiet Likelemastate. De hear en de frou wienen fuort en de faem Bauk wie allinne thús mei in âld feint dy 't se Oebele-om neamden en mei in jonge. Bauke. Dy wie sechstjin jier. Doe kom dêr in negoasjeman. Dy hie in great swier pak by him. 't Wie skier fan kleur. De man sei: "Hjir sit kleanspul...
nl.verhalenbank.19779
Yn Nyegea op 'e Hegewei dêr binne us in pear âlde minsken formoarde woarn. Letter spûke it dêr. Dan wienen der nachts altyd lûden om 'e doar. 't Iene lûd wie hwat swierder, 't oare hwat lichter. (Dat wienen de lûden fan de beide formoarde âlde minsken.) De minsken dy't op dat spul kommen to wenjen wienen op 't lêst stjerrend binaud. Sy binne der wei gong...
nl.verhalenbank.27867
Oan 'e Lytse Wei is in dyk mei ikebeammen. Op ien fan dy beammen is in krús. Dat giet noait wer út dy beam wei. Sy ha de beam wol omkapt, mar it krús kom der like goed fansels wer yn. Sy ha dêr us in frou formoarde. Dêr is dat krús doe troch ûntstien.
nl.verhalenbank.22710
De ziel van Reginald, legende uit de 13e eeuw. Waleram en Reginald woonden op het oude burchtslot "Valkenburg". Beide broeders hadden de schoone Alix, dochter van den graaf van Gulik, lief; beiden vroegen haar ten huwelijk. Waleram was de gelukkige, die hare hand verwierf en de jonge echtgenoote in triomf naar het vaderlijk slot voerde. Dit deed Reginald...
nl.verhalenbank.13132
Makke Paulus fan Sumar hat yndertiid (1875) Berghuis fan Strobos formoarde. Dat gebeurde bûtendoar, op Burgumerdaem. Der kaem bloed op it gjers. Mar dat bloed ha se der mei gjin mooglikheit ôfkrije kind. Dat bleau der op sitten.
nl.verhalenbank.12199
Tsjallings Gjertsje fan 'e Falom wie in echte tsjoenster. Kij holp ris op in kear ús buorman yn 't hea. Doe sei dy buorman op in moarntiid tsjin Kij: "Helje even fiifentwintich takken by Gjertsje wei." Kij farde nei har ta mei de skou. Doe't hy der wie rôp er har by de namme. Doe kom se by him, mar it hie sa raer like. In pear egen, hy soe earst wer fuort...
nl.verhalenbank.33433
(Beppe wenne op 'e Skieding. Biesterveld wie in bulte by har suster. "Och, ouwe toverheks, ik heb je door de lucht zien rijden op een bezemstok", sei er tsjin beppe) (Yn 1880 soe de wrâld forgean. Doe bleauwen de bern thús fan skoalle) (Guon koenen soldaetsjes ta de hurddobbe útkomme litte. Bloedplakken dy't by in moard ûntsteane, kinne net útwiske wurde....
nl.verhalenbank.27485
Yn Burgum hat alris in man syn wiif formoarde. De frou hie in biblette hân tsjin 'e muorre oanset en de taesten fan it bloed bleauwen sûnt altyd op 'e muorre sitten. Dy wienen der mei gjin bjinnen ôf to krijen.
nl.verhalenbank.12198
Yn 'e Foksegatten spoeke it. Twa jonges hienen dêr us sa bot oan 't fechtsjen west, dat de iene hie de oare deaslein. Dêr kom dat spoekjen fan.
nl.verhalenbank.19634
Hanne Foekes wie in tûke fisker. Hy wenne yn Eastemar. Mar hy hie de duvel ta syn maet. Hy sette altyd kofje foar twa man, foar himsels en foar Jan. Jan dat wie de duvel. Dy geat er ek in kopke yn. De duvel hat him op 'e Leijen de nekke omdraeid by de Tryntsjemoaispôlle.
nl.verhalenbank.12239
By de Boppewei spoeken twa famkes by nacht, mei reade doekjes om 'e hals. Dy famkes binne yndertiid formoarde woarn en koenen de rêst net fine. Guon doarsten dêr by nacht net lâns. Der wienen wol keaplju, dy ha dy famkes dêr troffen as se dêr nachts mei de bargewein lâns kamen. Dan wie 't in hiele toer de hynders dêr troch to krijen.
nl.verhalenbank.30073
Hwat men oan ien bilooft foar syn dea, dat moat men neikomme. Oars lit de deade jin net mei rêst. Van Bruggen yn 'e Folgeren hat ien fan Nyegeasterhoek formoarde. De jouns sei er tsjin ien: "Ik sil dy even oan Nyegeasterhoek tabringe." Mar ûnderweis formoarde hy him. Hy hat him net oan Nyegeasterhoek ta brocht en syn wurd net hâlden. Sûnt wie 't net yn 'e...
nl.verhalenbank.11518
Yn 'e stêd Grins krigen twa bruorren rûzje yn 't sliepsté. Doe hat de iene de oare formoarde. Dêr is in sang fan. It wie allegearre bloed, en dat bloed ha se noait út 'e flier krije kind. It gong om twahûndert gounen, dy't yn 't bêdstrie sieten.
nl.verhalenbank.20909
Oan 'e Mûzegroppewei hat in hûske stien, dêr wenne Sytse Bates (Batema) yn. De soan Freark wie to riden. De dochter woe ek ride. Mar Sytse woe 't net lije. Sy krigen spul en hy sloech syn dochter mei de bile de holle yn. Doe hat er himsels fan kant brocht. De plakken bloed oan 't bêdsket en oan 'e muorre woenen der net wer ôf letter. Op twa boereweinen...
nl.verhalenbank.22717
Ik kom wol us by in âlde wiersizter yn Ljouwert. Dat minske wie oan 'e duvel forkocht. Mar sy wist suver alles. Doe't ik de earste kear by har kom, frege ik, of ik ek forkearing krije soe. Doe sei se: "Dû, dû hast ommers trije feinten tagelyk. Is dat noch net moai genôch?" Ik skamme my bot, hwant hja hie gelyk. In oare kear sei se tsjin my: "Aenst matte...
nl.verhalenbank.18105
Yn 't Godloas tolhûs - dat wie froeger in âld húske - dêr wennen twa âlde froulju yn. De wei dêrnjonken rint fan 'e Falom nei Ikkerwâld. Dy froulju hienen aerdich hwat sinten en sy hienen ek in hiel fjild mei skiep. Om sahwat 1870 hinne ha se dy beide froulju formoarde en de sinten stellen. Sûnt spûket it dêr.
nl.verhalenbank.21592
Sa hat der ekris in moardner west dy hie ûnderdak frege by in boer. Mar dêr wie ek in soldaet, dy hie dêr ynkertiering. Dy hie in poppe makke fan strie en dy hied er njonken syn hynder op 'e stâl delset. De nachts kom de moardner om dy soldaet dea to stekken. Hy stuts yn 'e striepoppe en sei: "Dat is één." Mar de soldaet kaem foar 't ljocht en stuts fuort...
nl.verhalenbank.19780
By de Batema's oan 'e Mûzegroppewei ûnder Rottefalle is yn 't foarige in dûbelde moart gebeurd. De heit formoarde earst syn dochter en makke doe himsels fan kant. De bloedspatten yn 'e muorre woenen der noait wer út. Men die hwat men der oan dwaen koe, mar it joech neat. Se koenen it hûs letter noait forhiere. Net ien woe der yn. It hûs is letter ôfbrând....
nl.verhalenbank.20101
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar. 't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat. Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
35