Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
It barde jierren lyn yn Zevenhuzen ûnder Burgumerheide. Dêr wennen Tsjitse en Kei (Boonstra). Op in kear soe Kei de aeijen ophelje, mar de hinnen seinen: "Wy lizze hjoed net."
Doe soe Tsjitse de kou melke, mar de kou kearde him om en sei: "Ik jow hjoed gjin molke."
Tichteby wenne in tsjoenster, dat wie Jantsje. Jantsje hie in winkeltsje. Dy krige de...
nl.verhalenbank.36472
Wy wennen tusken Burgumerheide en Feanwâlden. Wy wennen op 'e Swette. Antsje, de tsjoenster, wenne dêr ek. Wy stienen as jonges byelkoar en wy hienen it drok oer tsjoenderije.
Wy koenen it net lyk fine mei elkoar, de iene tocht der sa oer, in oaren wer oars. Doe kaem myn omke fan 't lân mei de gripe oer 't skouder. Dat wie Wiger-om.
"Wiger-om," sei 'k,...
nl.verhalenbank.36473
Imke de Jong wie in gûchelder, mar hy koe ek tsjoene. To Ljouwert hat er yn 'e gefangenis sitten. Mar de tuchthúsdoarren gongen samar foar him iepen. Der wie suver neat mei him to bigjinnen. Se ha him to Ljouwert op fjouwer plakken tagelyk ta de stêd út gean sjoen.
nl.verhalenbank.9649
Der wenne noch in oare tsjoenster flak by ús. Dat wie ek in echten-ien. Dy liet de mûzen samar dounsje oer de flier. Dêr wienen de lju ek allegear bang foar.
nl.verhalenbank.33838
Der kom ris in frommes by ús yn Twizelerheide, dat wie ek in tsjoenster. Hja hiet fan Auk. Dy bleau by ús to iten. Mar ynpleats fan dat it minske iet gong se hyltyd mar mei de leppel oer 't iten hinne. Doe sei mem tsjin har:
"Hwat hat dat nou noadich?"
Mar hja sei neat werom.
Doe't se fuort soe lei ik gau allegear stikjes duveldrek ûnder 'e foardoar en ek...
nl.verhalenbank.33839
Ik hie in omke en in muoike, dy wennen yn Warffum yn Grinslân. Omke wie arbeider by de boer. It hûs stie net sa fier fan 'e pleats ôf. De boer gong der foar troch, dat er tsjoene koe.
Omke woe foroarje fan plak en sei de tsjinst op. Mar de boer woe him graech hâlde. Doe't omke oanhâldde woarde er siik. Sy hellen de dokter der by, mar dat joech neat. 't...
nl.verhalenbank.19393
Myn broer Eabe Kloosterman hat yn 'e swarte spegel sjoen doe't er ûnder tsjinst wie. Doe krige er in deakiste to sjen. Hy wenne op Sânbulten.
nl.verhalenbank.19391
Doe't myn âldste suster Wike noch in lyts famke wie, wenne se yn Lutjewoude ûnder Kollum. Der kom geregeld in âldwiif út Kollum by ús oan 'e doar mei de bolkoer. As dat wiif der west hie, koe Wike dy jouns net sliepe. Sy lei dan altyd wekker op bêd en dat woarde geandewei slimmer. Ien joech mem de rie, sy moest it holkessen mar ris iepenmeitsje. Doe siet...
nl.verhalenbank.19390
Myn suster yn Twizelerheide hat ris op 'e pânse fan in tsjoenster trape. Dy tsjoenster wenne flakby. Hja hie de pânse by uzes op 'e strjitte dellein. Myn suster moest der even út.
De oare deis lei de tsjoenster op bêd, doe fielde se har net to goed. Dat traepjen op 'e pânse hat har sear dien fansels.
nl.verhalenbank.33837
Yn 't West fan Bûtenpost wenne in frou, dy wie bitsjoend. Doe seagen se de kessens fan 'e bêdden fan har nei, doe kommen dêr in stik twa, trije krânsen út. Hja makken alles ticht yn 'e hûs. Doe binne se hinnegien, se ha dy krânsen yn in bakje lein. Dat bakje ha se hielendal ticht makke.
Doe ha se dat bakje yn 'e kachel smiten en opbarnd.
It minske har man...
nl.verhalenbank.33836
Jehannes koe sa mar ien stean litte, dan koe dyselde net in stap mear dwaen.
Hy liet de hoannen kraeije boppe op it dak.
Hy siet ris in kear mei in keppeltsje oaren yn 'e kroech to Feanwâlden (Schoonoord), doe sei er: "Gean mar even nei de fyfte beam, dêr leit in flesse drank." Dat wie ek sa. Hy die dat mei kaerten.
nl.verhalenbank.36484
Ik ha wolris heard dat in tsjoenster ien in pear apels jown hie. Dy ieten se net op, mar dy leinen se op in kast del, mei in kop omkeard der oerhinne. In pear dagen letter seagen se der ûnder. Doe wienen dy apels yn podden foroare.
nl.verhalenbank.33846
Mem sei tsjin ús: "Jimme meije noait in pepermuntsje fan Antsje oannimme." Omdat Antsje in tsjoenster wie. Wy droegen foar har duveldrek yn 'e bûse en dat hienen wy ek ûnder 'e drompel.
nl.verhalenbank.36487
Myn wiif hat èk bitsjoend west. Dy hat sawntjin wiken op bêd tahâlden. Jelle Wigerske út 'e Westerein wie de tsjoenster. Dy kom altyd mei lapkeguod bylâns (manufaktueren). Sa kom se ek wolris by myn wiif.
Se hie myn wiif op 't lêst sa bot yn har klauwen dat de hannen stienen har krûm. Dêr koe se neat mear mei dwaen. Se koe net iens mear it iten nei de...
nl.verhalenbank.33845
Myn mem is deatsjoend troch in man. Wy sieten dêr yn Twizelerheide ûnder 'e tsjoensters. Doe't ús mem siik wie hienen wy earst net yn 'e rekken dat se bitsjoend wie. Sadwaende krige se dêr gjin guod foar. Hienen wy mar duveldrek brûkt, dan binne de tsjoensters de kracht kwyt. Ik haw noch foar har nei Wopke Minke, nei Kûkherne ta west, mar doe wie se al...
nl.verhalenbank.33844
Greate Wopke wie wûnderdokter to Kûkherne. Us mem kaem in protte by him as der by ús ien siik wie.
Op in kear siet mem dêr, doe bigounen de lege flessen to rammeljen. Doe sei Wopke: "Der komt aenst ek wer in klant."
Wopke hat myn omke ek genezen.
Yn Feanwâlden wie doe in sikere dokter Dons, dy is letter nei Smilde tagong.
Myn omke wie doe noch in jonge....
nl.verhalenbank.36486
Jehannes Meerstra wenne op Feanwâldsterwâl. Se neamden him ek wol Jehannes tsyske. Dy koe 't tige nuver dwaen. Hy liet de famkes samar de rokken ôffalle. Hy hat boerefeint west by Ate Kooistra. Op in kear kocht in minske tsjin ús oer tsiis fan Jehannes. It minske joech him tsien goune. Hja krige jild werom. Doe sei se: "Der is in dûbeltsje to min!" "Ik...
nl.verhalenbank.36482
Auk hie in dochter, dy hiet fan Brecht. Dy ha 'k ek sa hawn. Hja wie der op út, doe gong ik gau hinne en ik lei duveldrek by har thús ûnder 'e doar. Doe koe se der net ynkomme.
Doe krige Brecht in stokje en der rearde se alle duveldrek mei fuort. Doe koe se der yn komme. Ik ha 't sels sjoen.
Brecht wenne flak njonken ús yn Twizeler Heide. Hja en har mem...
nl.verhalenbank.33840
Ik sette ris in krús njonken myn hûs. Dat die 'k mei de klomp. Ik wist dat dêr in tsjoenster lânskomme moest.
Even letter kom se dêr lâns. Mar doe't se der oan ta wie koe se der net oer. Hja gong troch de sleat. Ik ha 't sels sjoen.
nl.verhalenbank.33841
Wy woenen as feinten ris in kear nei Tsjibbe Gratema to hôfkesjongen. It wie in greate lange keardel dy't wenne to Feanwâldsterwal. Hy wie oan 'e deune kant. Wylst wy noch by elkoar stienen kaem Jehannes tsyske der oan. Hy sei: "Hwat mat der gebeure?" "Wy sille hwat apels ophelje", seinen we.
"By Tsjibbe?" sei er.
"Dat wie 't doel", seinen wy.
Hy sei:...
nl.verhalenbank.36483