Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Ik haw in broer, dat is Gerke Lijzinga. Doe't dat in jonkje wie, woarde er bitsjoend.
Der wie in frommes, dat wie in tsjoenster. Dy joech him us in hiele grouwe apel. Mar mem ûntkrige him dy apel en lei him yn 't kastje tusken de bêdsteden yn. Doe kom dêr in hiele grouwe pod út.
Doe is heit nei Warten en Wergea west. Dêr wenne in âld frou, dy hat wol mear...
nl.verhalenbank.28446
Hja tsjoenden krânsen yn 'e kessens. Dy waerden dan opbrând. Wylst dy opbrând waerden kamen de tsjoensters om 'e doar hinne to razen. Mar sy koenen der net yn komme, hwant alles wie sekuer tichtmakke, de skoarstien, de kaeisgatten en alle kieren.
nl.verhalenbank.38319
Yn 'e Harkema wenne in man dy't it fé siik makke. Hy rekke it allinne mar even mei de hân oan.
nl.verhalenbank.10695
Tusken Twizel en Koatstermoune wenne Reinder Park. Dy hie in houten hân. Dy koe mear as sljochthinne. Hy koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte.
As it striemin waer wie dan dripte it bloed by him ta de souder út. Ik ha 't sels sjoen.
Hy liet de soldaetsjes om 'e tafel hinne marsjeare. Dêrnei gongen se wer ta de hurdplaet yn.
Hy brûkte de bibel om...
nl.verhalenbank.34482
In kat kin him yn in minske foroarje en in minske yn in kat. Sa'n minske is in tsjoenster.
nl.verhalenbank.28445
Tsjoensters hâlde der popkes op nei, dêr pripkje se mei nuddels yn. Deselde dy't se bitsjoend hat krijt dan pine as hja stekt; dy fielt de stekken.
nl.verhalenbank.34478
Hekseharm koe ek tsjoene, seinen se, en syn wiif ek.
Harm hie in wikseldaelder. As er dy útjoech, kom dy altyd wer werom.
nl.verhalenbank.38321
Auke de Vries en Wytse, beide út 'e Westerein, sieten op 'e boat dy't fan Appingedam nei Grins farde. Ymke de Jong siet ek by har op 'e boat. Mar Ymke hie gjin sinten, dat it stie slim, as it aenst op biteljen oankaem.
Auke en Wytse spilen hwat op 'e harmoanika.
Ymke frege of er ek even spylje mocht. Ymke krige de harmoanika, mar hy raspte der sa bot mei,...
nl.verhalenbank.22027
Ymke de Jong siet op in kear yn 't loazjemint fan Grinzer Nijesilen. Hy hie hwat úthelle. Der kamen trije plysjes oan, dy hellen him op.
Ymke sei tsjin syn wiif, dy't ek yn 't loazjemint siet, hja moest it iten mar foar har beiden rémeitsje; hy soe dan en dan wer thús wêze.
De plysjes brochten Ymke nei Grypskerk ta. Dêr woarde er yn 'e toer opsluten.
De...
nl.verhalenbank.22026
In tsjoenster foroaret har faek yn in swarte kat. Hja mat om 'e sawn jier ien deatsjoene, oars giet se der sels oan.
De tsjoensters forgaderje yn 'e gedaenten fan katten.
Alde Tet fan de Bulten wie in greate tsjoenster. Se wienen yn 'e Harkema allegear bang foar har.
Hja tsjoende krânsen yn 'e kessens. Hie se trije krânsen klear dan gong dyselde dea.
Myn...
nl.verhalenbank.10686
Om 'e sawn jier mat in tsjoenster ien deatsjoene, oars giet se sels dea.
nl.verhalenbank.38650