Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
258 datasets found
Dutch Keywords: tillen Narrator Gender: male
Sterke Hearke wie in boer. Op in kear wie er oan 't ploegjen op it lân. Doe kom dêr in man oan. Dy frege him: "Witte jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Hearke hie de ploech út 'e groun helle en dy tilde er op en hâldde him foar him út. "Hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er." En doe hied er mei de ploech nei syn hûs wiisd.
nl.verhalenbank.37768
Der kommen ris in pear poepen by Greate Pier. "Kinne jo sizze hwer't greate Pier wennet," seinen se, "wy wolle him wolris sjen." Pier wie oan 't ploeijen. Hy krige de ploege yn 'e hân, stiek him rjochtút en sei: "Sjoch, dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28112
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Ik ha wolris heard, as Ynse baeltsjes rogge losse moest fan 'e wein, op in skip, dan krige er se mei ien hân by de tûfe beet en sette se sa op 't skip.
nl.verhalenbank.27520
Sybren Smid forhuze fan Eastemar nei Garyp mei 't skip. It ambyld moest ek mei fansels, mar hja koenen it mei fjouwer man net risse. Dêr kom Bouwe de Jong oan. Dy tilde 't allinne yn 't skip. "Gean mar even oan kant", sei er. Bouwe de Jong fan Eastemar wie ôfgryslike sterk.
nl.verhalenbank.21838
Sterke Hearke wie ris in kear oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy't him frege hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploech beet krigen en him optild en it plak oanwiisd (mei de ploege) hwer't dyselde wenne. Hy stuts de ploech rjochtút.
nl.verhalenbank.24203
Der wie ris in keamerfol folk by de kastlein yn Bakkefean. It folkje wie bot roerich, it gong der allerheislikst oan wei. De kastlein koe se net baes en hy rôp Ynse der by. Ynse hie der net folle wurk mei. Hy hie in pear ûnder 'e earm krige en sa der út brocht. Sa hied er de taep samar leech.
nl.verhalenbank.25653
Deselde dy't mei sterke Hearke wrakselje woe, kom fan Feanwâlden. Doe't Hearke de ploege samar yn 'e hân nom en optilde, gong dyselde stil wer fuort.
nl.verhalenbank.20663
Sterke Feije wenne yn Burgum. Op in kear wie er op it lân oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him en dy frege him oft er ek sizze koe hwer't dy en dy persoan wenne. Doe spande Feije de hynders út en hy hie de ploege optild - dy woech sa'n tûzen poun - en dy hied er mei ien hân foar him útstutsen. En sa hied er dy man oanwiisd hwer't dy persoan wenne....
nl.verhalenbank.27642
Yn den Helder wie Hearke ûnder tsjinst. Hy woe och sa graech út 'e tsjinst wei en frege de ofsier of it tastien wurde koe hwannear't er it anker fan 1700 poun, dat dêr lei, om 'e kaserne hinne tilde. it woarde net tastien, mar hy hat it anker der al om hinne tild.
nl.verhalenbank.37323
Fan Sterke Hearke fortelde hy it forhael mei de ploege en dat fan 'e wein mei dong.
nl.verhalenbank.20688
De potskippers yn Sumar wienen tige sterk. Sy hieten 'van der Meer'. Doe't ik in jonge fan sa'n jier of tolve wie, wennen wy yn 'e Wierren. Doe hienen dy potskippers in fearskipke. Potifars woarden se ek wol neamd. Ien fan dy mannen, Sweitse van der Meer, kom op in joun mei 't fearskipke oan. Under yn 'e snikke hied er in fet mei trijehûndert poun sjerp...
nl.verhalenbank.29451
Sterke Hearke wie ris in kear op it lân oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen oan him of er har ek fortelle koe hwer't Sterke Hearke wenne. Doe krige Hearke de ploege yn 'e hân. Dy tilde er mei ien hân op en dêr wiisde er mei nei syn hûs en hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe sei er: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28015
Der kom us ien yn Droegeham, dy woe mei Sterke Hearke wrakselje. Doe stie dêr in man op 'e bou, dy wie oan 't ploegjen. De fremde man frege: "Wite jo ek, hwer't Sterke Hearke wennet?" "Ja," sei dyselde - it wie Hearke sels - "sjoch, dêr wennet er." En doe krige er de ploege fan 'e groun en wiisde der mei nei syn hûs. "En hjir stiet er", sei er. Doe makke...
nl.verhalenbank.23632
Der wie ien dy woe mei Sterke Hearke wrakselje. Mar hy koe Hearke net. Doe't er yn Droegeham kom seach er in man, dy wie op 't lân oan 't ploegjen. "Wytst' ek hwer't Hearke wennet?" frege er. Doe sei dyselde: "Dêr wennet er." En hy tilde de ploege mei sturt en alles omheech en wiisde sa nei syn hûs. "O," hie dy man sein, "dan wit ik it wol." Hy wie...
nl.verhalenbank.32924
Yn Beets wenne Willem de Vries. Dy wie ek ôfgryslike sterk. Der lei ris in lange balke yn 'e feart. Sawn man wienen der mei dwaende dy balke út 'e feart to krijen. Se hienen der in tou om boun en sa prebearren se de balke oer de kanaelsdyk to hisen. Mar hja koenen 't net oprêdde. Doe kaem Willem de Vries der oan. Dy sei: "Hâld mar op." Doe tilde hy de...
nl.verhalenbank.29493
Sterke Ynse wenne yn Bakkefean. Hy wie us op stap doe kom er fjouwer man foarby, dy moesten in dikke beam op in wein lade. Mar sy koenen 't mei har fjouweren net rêdde. Doe't se Ynse oankommen seagen fregen se him oft er har even helpe woe. Ynse sei: "Gean der mar even wei. Ik sil 't allinne wol dwaen." En hy tilde dy swiere beam pûrallinne op 'e wein....
nl.verhalenbank.23633
As Hearke oan 't dongladen wie, lei er hiele greate spitten op 'e wein. Dy't se der wer ôfdwaen moest hie dêr wit hoe lang wurk mei. Yn dy tiid siet Hearke op it tiksel in pypke to smoken.
nl.verhalenbank.25915
Myn broer Freark kom us in kear yn 'e Falom by Aldert en Tsjerkje to thédrinken. 't Wie oerdei op 'e middei. "Wy matte ek us even yn 'e skuorre sjen", sei Aldert. Doe hie dêr in wicht lein fan fyftich poun. "Dy kin myn soan net risse op in lep, en ik ek net", sei Aldert. Myn broer sei: "Lit it my us prebearje." Hy hie de lep krigen, dêr de stien op lein...
nl.verhalenbank.23545
Greate Pier wie us oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him, dy frege: Hwer wennet dy en dy. Doe hie Pier de ploege mei ien hân optild en dêr wiisde hy it hûs mei oan, dêr't dyselde wenne.
nl.verhalenbank.23551
Yn Hoensbroek yn Súd-Limburch hat myn broer wenne. Dêr wenne in frou, dy wie der ris in kear op út om modisels (= melkdistels) to sykjen yn in sek. Se hie der noch mar in lyts protsje yn, doe soe se dy sek optille. Mar sy koe him net fan 'e groun krije, sa swier wied er. De wjerwolf siet der yn, sei se.
nl.verhalenbank.32660
35