Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
22 datasets found
Dutch Keywords: straf Place of Narration: Augustinusga
Yn Bûtenpost wienen in man en in frou út to jounpraten. De dochter hie twa froulju by har to jounpraten noege. Sy dienen it dy jouns hiel mâl en seinen rare dingen. Se wedden der om hwa't it dy jouns it raerst opsizze koe. De jouns let gongen de fammen fuort. Doe wie der har in pleachbeest op side kom, 't like in hiele dikke swarte houn. Earst bleauwen...
nl.verhalenbank.27806
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út. De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
nl.verhalenbank.23861
Yn Surhuzum wennen froeger in stik of hwat manlju die sieten wol gauris yn 'e kroech. It wienen guon, dy joegen nergens om. Op in joun sieten se wer by IJe Hulshof yn 'e kroech. Doe seinen se: "Sille wy hjir meiïnoar it Heilig Avondmael ris hâlde?" Ien lêsde it avondmaelsformulier foar en dielde bôlle en wyn út. Mar sy binne raer thúskom. Ien fan dy...
nl.verhalenbank.23860
Yn Droegeham sieten us in keppeltsje manlju yn 'e herberch. Dy't it lûdste en it measte sweare doarst, dy soe in flesfol jenever ha. Dat sprutsen se mei elkoar ôf. Sjoerd woan it. Mar hy is letter yn 'e Mieden sa ôftichele woarn, troch in ûnbikenden-ien, dat hy wie alhiel sangene blau. Dat wie de duvel dy't dat die. Sjoerd is noait wer better woarn en hat...
nl.verhalenbank.15508
Auke Helmhout wie opperman by ús heit hjir yn Stiensgea. 't Wie in raer feint. Hy wenne yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema en roan altyd hinne en werom nei it wurk ta. Op in kear roan er wer nei de Smoarhoeke ta werom. 't Wie joun. Der wie net in minske warber. De hiele Smoarhoeke wie leech. Mar der siet hwat achter him oan. Dat fornom er skoan. Mar hy koe...
nl.verhalenbank.33555
Der wienen twa man, dy roannen op in jountiid togearre. De iene kom fan 'e Harkema, dy wie o sa goddeloas, de oare kom fan Surhuzum. Hja kommen by in daem, dêr moesten se om in stapke hinne. Doe kom dêr in keardel oan, dy pakte de spotter by de lurven en dy seame er hiel bot ôf. It fremde wie dat dy man út Surhuzum noait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.32716
Der wie ris in manspersoan, dat wie in goddeloazen-ien, dy joech nergens om. 't Wie yn 'e tiid, doe wienen der noch gjin fytsen en auto's. Op in kear hie dy man nei Feankleaster ta west, nei de klearmakker, dy't him in nij pak oanmetten hie. Dy keardel leaude oan neat en hy hie tsjin 'e klearmakker sein: "As der in duvel is, dan kin er my aenst tomjitte...
nl.verhalenbank.32715
Yn 'e kroech fan IJe Hulshof to Surhuzum hat it jongfolk ris it heilich avondmael fierd. Hja spotten der grouwélich by. Hja binne dêr raer weikaem, de duvel hat mei har ôfrekkene.
nl.verhalenbank.37094
Albert is myn broer. 't Wie yn syn jonge jierren in raren-ien. Hy hie forkearing yn 'e Westerein en hy wenne yn 'e Harkema. Op in joun hied er nei de faem ta west. Yn 'e nacht kom er werom. Hy wie al omtrint yn 'e Harkema. Op 'e Lytse Wei tusken Droegeham en Harkema woarde er in greate wite auto gewaer. Dy stie dêr op 'e wei. It like raer, sa midden yn 'e...
nl.verhalenbank.33619
Us heit syn heit wie oan 'e drank. It wie in plakker en hy kom faek let yn 'e nacht thús. Op in kear, doe kom er thús, doe wied er alhiel fan 'e wize. Hy hie ûnderweis in greate fjûrbol sjoen, krekt as hied er hier op 'e holle. Hy wie sa kjel woarn en sa binaud, dat hy hie in skoftlang de drank stean litten. Hy tocht dat dit in straf wie foar syn sûpen.
nl.verhalenbank.22733
Hjir wenne in âld man: Boele Ytsma yn it wêst fan Stiensgea. Dy gong ris op in jountiid mei de koe nei de bolle. Hy die it stikum, dan hoefde er gjin dekjild to biteljen. De bolle roan yn 't lân. 't Ald-minske hied er by him. Hy moest achter de Bosk wêze. 't Woe earst net al to rjocht mar op 't lêst kom it klear. Mar doe't se dan werom soenen koe 't...
nl.verhalenbank.37100
Alde Boele Ytsma gong us op in kear mei in koe nei de bolle. De bolle roan achter de Bosk yn 't lân. Boele syn âld-wyfke wie der ek by, dy gong mei. Sy dienen it stil, dan hoefden se gjin bollejild to biteljen. Doe't de koe ûnder 'e bolle west hie, moesten se gau fuort, hwant it wie tsjuster. It âld-wyfke soe gau de hekke iependwaen, mar dy koe se noait...
nl.verhalenbank.27662
Hjir yn Stiensgea wenne yndertiid in goddeloaze man. Dat wie Boele Ytsma. Hy wenne yn 't West. It wie in greate spotter. Op in snein-to-moarn gong er mei syn frou Fokeltsje mei in koe nei de bolle ta. Hy moest troch trije hekken. Mar dy hekken sprongen samar fansels iepen. Dat wie 't wurk fan 'e duvel. Sa hie dy him topakken.
nl.verhalenbank.32721
Op Readskuorre wie in stille kroech. Dêr hat ris ien sitten to swearen en to swetsen en oer de duvel to praten. Doe't er bûten kom hat de duvel him in ein smiten.
nl.verhalenbank.37103
Yn Surhuzum,yn 'e herberch dêr't doe IJe Hulshof wenne, hat it jongfolk al us it avondmael fierd. Se binne dêr raer wer wei kom en hawwe har straf foar dat spotten goed krige.
nl.verhalenbank.27664
Myn skoanmem kom fan Oentsjerk. Sy wie fan boerefamylje. By har folk wienen se wol gau us yn 't achterhûs oan 't kaertspyljen. Doe't se wer us oan 't kaertspyljen wienen, kom der ynienen in swart ding by har yn 't achterhûs. Doe binne se sa binaud woarn dat sy ha noait wer kaertspile. Skoanmem woe biweare, dat dat de duvel west hie.
nl.verhalenbank.22737
Hjir yn 'e buert hawwe minsken wenne, dy ha 't Heilich Avondmael yn 'e kroech fierd. Ik neam gjin plak en gjin nammen. Sy binne neitiid omraek omseame en sy binne ek raer oan har ein kom.
nl.verhalenbank.27990
Yn Surhuzum sieten in stik of hwat manlju yn 'e kroech, dy boatsten it avondmael nei. Doe't se in skoftsje oan 'e gong wienen, woarde alles trochelkoar skodde en oplicht. 't Wie ynienen allegear leven. Sy woarden trochinoar smiten en de doarren gongen fansels iepen.
nl.verhalenbank.27809
IJe Hulshof wie kastlein yn Surhuzum. It jongfolk hat ris by him yn 'e kroech it avondmaal fierd. Op in stuit gongen de doarren út har sels iepen en hja waerden der útsmiten. Guon fan har doarsten letter jouns net wer bûten komme. Cornelis de Boer, dy't der ek by wie, doarst letter net mear allinne nei 't lân ta. De kweade hat har der út smiten, wurdt der...
nl.verhalenbank.37400
Sytse Jager fan 'e Harkema ha 'k faek mei hawn to murdejeijen. Hy wie de raerste fan 'e Harkema. 't Koe him allegearre neat skele hwat er sei of hwat er die. Doe woarde er op in kear opnom en oer de dyk hinne smiten. En doe hat de duvel him in ôfgrysliken wân jown. Sûnt wie Sytse fjûrbinaud. Hy doarst der jouns net mear allinne op út. As wy to murdejeijen...
nl.verhalenbank.34531
35