Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
“Nen streuper gung an 't groondelooze Meer, dat men ook wal 't Moskouw neumt, jagen. Door kon wal weeld zitten, dacht hee, want gin meinsche woagden zik door geerne ko't bi-j. Doo hee an 't Meer kwam, kreup der in eenmoal 'n klein keerlken oonder de struwellen oet, dat keek em zoo aadig an en zè: “wat hes dow door ne mooie piepe!” Met, dat et dat zeg,...
nl.verhalenbank.128200
By Iesumesyl leit de Guozzepôlle. De sédyk makket dêr in ring nei Dokkumer Nijesilen. Op dat ein is in putting (=wetter).
Dêr wie altyd in keardel oan 't reedriden likegoed by 't simmer as by 't winter. Men hearde him altyd omdraeijen. Dan sette er de streken yn 't iis. Dat gong sa hyltyd mar hinne en wer. 't Wie in spoek fansels.
nl.verhalenbank.32761
Dêr't nou de garages fan De Bruin binne, dêr wie froeger in spoekedaem. Dêr doochde it net. Guon ha dêr wolris hwat sjoen. (Nou komt dêr in fuotbalterrein.)
nl.verhalenbank.32013
Wij hewwe 't had in Dokkum in de duvelshoeke. Daar spookte 't in de bakkerij. De bakker had twa dochters. Die kregen ferkering. De feinten wouen bij hen opsitte en froegen of se niet een kamerke hadden, waar se sitten konnen. "Jawel," seien die dochters tegen de feinten, "maar in dat kamerke daar spookt it."
Doe seien de feinten: "Dat willen wij us...
nl.verhalenbank.24288
By 't Tiltsje tusken Eastemar en Sumar spûken om 12 ûre yn 'e nacht altyd wite wiven.
nl.verhalenbank.31040
Yn 'e Westerein dêr stie in hûs, dêr mochten wy net komme.
Dêr spûke 't yn. Mar ik ha 't spûk noait sjoen.
nl.verhalenbank.29568
Tichte by de Fjouwer Roede is de Spoekloane. Der wie us in man dy roan dêr lâns. 't Wie by nacht. Piter hiet dy man. Hy hie jild bard en ek nochal moai hwat.
Doe't er in eintsje op stap wie, stie der in dikke swarte houn.
Piter wie in bytsje skruten, mar hy bearde fan net. Hy struts de houn oer de kop en sei: "Bistû dêr? Bêste houn." De houn mocht dêr wol...
nl.verhalenbank.22165
Op 'e Boelensloane rint in pleachbeest skean oer it lân hinne, it sjocht der út as in dikke swarte houn mei hiele greate egen en earen.
In keppel fammen fan Boelensloane roan us yn 'e rige it paedtsje del dat likernôch by it Blauhûs bigjint en sa de kant út giet nei 't Fean ta. Doe seagen se de wjerwolf. Hy roan flak by har lâns.
nl.verhalenbank.25178
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) wie in dobbe yn 'e kampen foar Siger Hoekstra.
Pim fan Syberens Baeije seach altyd in âld-minske út dy dobbe kommen. Dy woarde ek sa wer wei.
nl.verhalenbank.22789
Yn Hurdegaryp, by dokter Bontekoe wie in hekke, dy't net tichtbliuwe woe. Dat is yn hiel Fryslân bikend.
nl.verhalenbank.29623
Fan 'e Surhústerfeanster toer oan it Jachtfjild ta spoeke froeger in neaken frommes. Dat wie yn 'e nacht tusken tolwen en ienen. Wy doarsten dêr nachts net lâns.
nl.verhalenbank.22164
Wy wennen yn in hûs yn Limburch yn Geleen. Myn man hat dêr yn 'e minen west. 't Wie in great hûs. Wy joegen der f 19.25 hier yn 'e maend.
Der wenne in Dútse frou njonken my. Die sei tsjin my: "Haben Sie keine Angst?"
"Né," sei 'k, "hoedat sa?"
"Es spuckt da in das Haus."
"Ik bin net bang", sei 'k.
Doe't wy de nachts op bêd leinen, gong 't der oan wei yn...
nl.verhalenbank.24259
Yn 'e Sânbulten stie in boerepleats, dêr gongen de doarren yn 'e nacht samar fansels iepen.
nl.verhalenbank.29635
By in oare daem, in stik lân fierder, dêr rattele 't altyd. Dêr siet in ketting oan in peal fêst. As men de dyk del gong hearde men it, ek as it blêdstil wie.
nl.verhalenbank.32759
Tusken Anjum en Iesumesyl, dêr woarde altyd by in hikke in âld hynder sjoen; dat rammele dêr. Dat wie in spoek. Dat hynder gong altyd mar hinne en wer.
Guon hienen 't der net op stean om dêr by nacht lâns.
nl.verhalenbank.32758
Op Sânbulten oan 'e Achterwei op 'e Hege Kop wie in stik rogge. Dêr wie alle jounen in spoek yn.
nl.verhalenbank.24890
By it Tykster brechje (it brechje op 'e Tike is der nou net mear) spûke it. 't Wie dêr net suver, seinen se. In bulte wienen dêr bang.
nl.verhalenbank.29620
By Bearne-daem gong 't ek altyd op in spoekjen. Dêr wienen de minsken altyd bang.
nl.verhalenbank.37783
In frou fan Burgumerheide fortelde my, yn har bernejierren wennen hja yn in spitkeet, dêr't in paed by lâns roan. Dat paed, dat wie de Lykwei. Dêr spûke it altyd. Net ien doarst dêr by joun lâns, hwant dêr roan in wyt hynder mei in rizenbrijpot om 'e nekke.
nl.verhalenbank.29690
Yn Earnewâld wie op in moarn bitiid in man bûtendoar, 't wie noch skymrich. Doe seach er in fanke foar him op rinnen. Hy seach dat se yn 't wetter, flak foar him, weiwaerd. Doe't hy der by kaem, wie se der net. Hwer't se bleau wie him in riedsel.
nl.verhalenbank.31790