Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Ik ha wolris heard, dat hjir op 'e Tike nachts in greate swarte houn tahâldde, dy't by de minsken kom, mar dêr wyt ik it rjochte net fan.
nl.verhalenbank.32600
By de Heale Wei rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.21867
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen.
Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Oan 'e Loane stie froeger in hûs, dêr wie in frommes yn formoarde. Sûnt dy tiid spoeke it dêr.
Sytse Smid hat dêr wenne. Der roan in greate hage foar 't hûs lâns. In protte minsken ha dêr in greate swarte houn sjoen.
Ik kom der al us lâns mei de faem.
Myn faem fleach ynienen om my hinne.
Ik sei: "Hwat wolste?"
"Och heden", sei se. Sy koe hast gjin wurd...
nl.verhalenbank.21683
Op it Pasterije-lân spûke it dat it hwat die. Sa roun dêr ek in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr makken se hjir op 'e heide de bern faek bang mei.
nl.verhalenbank.31490
Yn Haskerdiken wie ek in spook. Dêr moesten se foarsichtich wêze, waerd der altyd sein.
nl.verhalenbank.24274
“Nen streuper gung an 't groondelooze Meer, dat men ook wal 't Moskouw neumt, jagen. Door kon wal weeld zitten, dacht hee, want gin meinsche woagden zik door geerne ko't bi-j. Doo hee an 't Meer kwam, kreup der in eenmoal 'n klein keerlken oonder de struwellen oet, dat keek em zoo aadig an en zè: “wat hes dow door ne mooie piepe!” Met, dat et dat zeg,...
nl.verhalenbank.128200
Vlak bij Gouda was wel een spookplaats. Vlak bij waar nou de kaarsefabriek is, net an deze kant van 't Bosweggie. Op die hoek stond een groot wit huis met kelders. 't Was zelfs een soort gevangenis. Toen ik soldaat was in Gouda bin ik d'r wel is in weze kijke. Dat huis dee geheimzinnig an en d'r beurde allerlei rare dinge. D'r werd gezegd, de haan begon...
nl.verhalenbank.125730
Oan 'e Feinteloane by Feanwâlden spoeke it ek.
nl.verhalenbank.17084
By Bennema-State to Hurdegaryp wie in hekke dy't altyd iepen stie. Hja ha der wol in slot op dien mei swiere kettings. Dat joech neat, even letter wie de hekke wer iepen.
nl.verhalenbank.30349
Myn bruorren Tamme en Wytse hienen elk in faem yn Drylst to wenjen. Dêr hienen se ris togearre op 'e fyts hinne west. Doe't se weromkamen yn 'e neinacht, doe wienen se sahwat oan 'e Wergeaster mar ta, by Idaerd, doe hie Wytse ynienen sein: "Sjoch, dêr is in fanke, dy rint dêr by 't foarste tsjil fan myn fyts lâns."
Fuort dêrnei hie Tamme itselde fanke...
nl.verhalenbank.31902
Oan 'e Boppe-wei, op it plak, dêr't letter altyd de woanweinen stienen, sit in kiste mei jild yn 'e groun. Men hat prebearre dy kiste op to dollen, mar hwat djipper men mei de lodde kaem, hwat djipper dy kiste sakke.
nl.verhalenbank.29803
Op de Heilige Berg tussen een dikke boom en de beek zagen ze telkens een witte gedaante. Elke dag was die er te zien. Maar 't gekke was, als je der dicht bij kwam, dan was die gedaante opeens verdwenen.
nl.verhalenbank.21708
As der yn de Ham ien goed siik wie, dan moest er nei 't sikenhûs yn Ljouwert brocht wurde.
Tseard de Vries fan Droegeham hie in omnibus, dy brocht sa'n siken dan nei 't sikenhûs ta. Mar in pear dagen letter dan kom sa'n siken-ien meastal to forstjerren. Dan moest it lyk der wer wei helle wurde. Dat wie Tseard syn wurk ek, mar dan moest er in help út 'e...
nl.verhalenbank.20364
Myn broer Wytse - dy't forstoarn is - en ik reizgen togearre nei Drylst nei in pear susters, skippersdochters, dêr't wy doe forkearing mei hienen. De moarns werom reizgen wy oer Dearsum. 't Wie dêr tusken twaën en trijen yn 'e nacht. Ik sei tsjin Wytse: "Ik sjoch twa froulju op 'e dyk."
"Ik èk, krektlyk", sei er.
Ik sei: "Ien mei in reade en ien mei in...
nl.verhalenbank.31527
Tusken Garyp en Aldegea lizze trije kampen lân achter elkoar. Op ien fan dy kampen spûket it, sizze se.
nl.verhalenbank.24857
Yn Aldegea, oan 'e Westkant fan 'e buorren, rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Yn 'e Opperbuorren, by de boereplaets fan Wiger Ates Kooistra (dêr't nou in de Boer wennet) ha se dy fôlle sjoen, wurdt der biweard.
nl.verhalenbank.24856
Nei tolven yn 'e nacht kom der yn Harkema net ien mear op 'e wei. Sa binaud wienen se foar de spoeken.
nl.verhalenbank.22228
By de dikke beam oan 'e beton-wei, tusken Harkema en it Bomkleaster stienen us op in nacht allegearre auto's. 't Wienen wite auto's, allegear. Dêr roannen nonnen tusken mei lange rokken oan, allegear yn 't wyt. En dêr wie hwat tusken har yn, dat wie krekt in altaer west, hielendal wyt.
Myn op ien nei jongste skoansuster kom dêr dy nachts lâns. Dy hat it...
nl.verhalenbank.32749
By Iesumesyl leit de Guozzepôlle. De sédyk makket dêr in ring nei Dokkumer Nijesilen. Op dat ein is in putting (=wetter).
Dêr wie altyd in keardel oan 't reedriden likegoed by 't simmer as by 't winter. Men hearde him altyd omdraeijen. Dan sette er de streken yn 't iis. Dat gong sa hyltyd mar hinne en wer. 't Wie in spoek fansels.
nl.verhalenbank.32761