Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Achter Burgum spoeke juffer Lys, dy wie yn 't wyt klaeid. Se die de minsken neat.
nl.verhalenbank.31517
Op it Inia-loantsje spoeke it altyd. Der roan hwat. Dat bigoun al op it plak, dêr't nou Slofstra wennet.
nl.verhalenbank.22797
Yn Aldegea, seinen se, roan altyd in fôlle mei in brijkanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.22768
Yn 'e Easterein fan Garyp spûke altyd in herdershoun.
Ik ken wol minsken dy't him dêr sjoen ha.
nl.verhalenbank.20324
Op 'e Tike wie in houtsje, dêr spûke it ek altyd.
Net ien koe dêr oerkomme sûnder dat der hwat gebeurde. Dat der doarst op 't lêst net in minske mear oer.
Doe ha se de dûmny der by helle. Dy hat it spûk oansprutsen. Doe hat dy dûmny de ried jown, sy moesten in wite bûsdoek op it houtsje lizze. Dat ha se ek dien en sûnt dy tiid ha de minsken dêr fan...
nl.verhalenbank.20323
Der wie in boerearbeider yn Sumarreheide, dy soe nei de boer ta op in moarn. Hy moest oer de Houtsjepaden. Doe't er oan 't earste houtsje ta wie, doe wie dêr hwat op dat houtsje. Noait liker as wie 't in sliepmûtse. Dy arbeider woarde sa binaud, dat hy is weromstoud nei hûs ta. Syn broer hat doe nei 't houtsje ta west to sjen, mar doe wie 't der net mear....
nl.verhalenbank.20322
In âld minske wie bolkoerrinster. Sy hie de bolkuorren oan 't jok. Sy kom op 'e Sumarreheide by Fokjefinne.
Dêr wie in dobbe, dêr spoeke it altyd. Doe't se dêr oan ta wie koe se ynienen net in stap mear fierder. Krekt as woarde se keard. En der wie dochs net ien to sjen. 't Swit bruts har oan alle kanten út. Mei great lijen is se op 't lêst nei in plaets...
nl.verhalenbank.20318
Yn 'e pleats fan Gelf Hoekstra yn Garyp siet in doar, dy koenen se noait ticht hâlde. Sy ha der wol spikers yn slein om him mar ticht to hâlden, mar hy gong altyd wer iepen.
Sa wie 't ek mei de hekke fan dr. Bontekoe yn Hurdegaryp.
nl.verhalenbank.20315
Op 'e Sumarreheide yn 'e Griene loane (by de Pôllediken) rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
De Broek troch nei Sumarreheide (ûnder Garyp) rint ek in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20306
Oan 'e Susterwei - dy rint fan bakker Welling oan 'e polderdyk ta - spoeken altyd trije wite dames. Dat wienen susters, dy kuijeren dêr om. Sa hat dy wei ek de namme Susterwei krige.
nl.verhalenbank.20251
Op 'e Pasterijelânnen yn 'e Sumarreheide spoeke it altyd bot.
nl.verhalenbank.20247
Yn Sumarreheide spoeke it op it plak dêr't Abraham van der Leest wenne hat.
nl.verhalenbank.20242
Wy wennen mei ús âlden yn in keet oan 'e polderdyk ûnder Aldegea. By twa dammen dêr tichteby spûke it. Ik moest dêr altyd lâns. As ik oan ien fan dy dammen ta wie, dan bigong ik hiel hurd to rinnen, sa'n angst hie 'k dan. Mar ik ha der noait hwat fornom.
nl.verhalenbank.20240