Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Yn Hurdegaryp is in hekke, dy kinne se noait ticht hâlde. Dy giet nachts altyd fansels wer iepen. Sy sizze, dêr is ris ien formoarde woarn en dyselde hat gjin rêst.
Dy rint nachts troch dy hekke, dan giet dy foar him iepen.
nl.verhalenbank.28781
Op Bennema-state to Hurdegaryp stie de hekke altyd iepen. In kloftsje fan tolve man, dy kommen hjir út 'e omkriten wei, dy woenen dêr mear fan wite. Dy gongen dêr yn 'e nacht hinne en hâldden in weddenskip.
Ien foar ien dienen se de hekke ticht. Mar net sadra hie ien de hekke ticht dien of hy sprong direkt wer iepen. Deselde dy't it ús heit forteld hat...
nl.verhalenbank.31213
To Hurdegaryp, op Bennema-state stienen de hekken altyd iepen. Dy koenen se noait ticht hâlde.
nl.verhalenbank.31993
Yn Hurdegaryp stiet in hekke, as is dy ek nòch sa fêstmakke, hy giet wer iepen.
nl.verhalenbank.22333
To Hurdegaryp wie in homeije, dy stie altiten iepen. Dy koe net tichtbliuwe. Ik ha dy hekke noch noait ticht sjoen.
nl.verhalenbank.29598
Yn Hurdegaryp wie in hekke by it hûs fan dokter Bontekoe, dy koenen se noait tichthâlde. Tichteby hat in âld hûske stien, dêr mat ris ien yn formoarde wêze en dy selde koe letter gjin rêst krije. Dy moest dan troch dy hekke. Der ha wol guon west dy makken de hekke fêst, dan hâldden se de wacht der by. Mar as se der dan even net om tochten, dan gong de...
nl.verhalenbank.38126
To Hurdegaryp stiet in slot mei in hekke dy't se net ticht hâlde kinne. 't Is likefolle hwat men der oan docht, as meitsje se him de jouns ek nòch sa fêst, de oare moarns stiet er wer iepen.
nl.verhalenbank.32755
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp gong nachts de hekke samar iepen. Dêr is ris ien formoarde woarn, en dyselde spûket dêr altyd noch om. Dêr gong de hekke foar iepen.
nl.verhalenbank.37200
To Hurdegaryp, by Bennema-state wie in hekke. As se dy jouns ticht dienen, wie er de oare moarns wer iepen.
Hoe't dat koe, hat noait ien witten.
nl.verhalenbank.32146
To Hurdegaryp stiet in villa, dêr steane twa greate homeijepeallen by. As se de hekke op slot dienen gong er altyd wer iepen. Op 't lêst binne se gewaer woarn hoe't dat kom is.
Der wie in smid yn Hurdegaryp, dy hie der in kaei by makke.
In soart fan loper wie it. Dy makke it alle nachten wer los.
nl.verhalenbank.27207
Yn Idaerd dêr wenne in boer, by dy syn plaets wie in homeije dy't moarns altyd iepen stie. En dochs dienen se him jouns ticht.
Sa'n hekke hat der ek yn Hurdegaryp west.
nl.verhalenbank.30974
By dokter Bontekoe yn Hurdegaryp is in homeije, dêr stie de hekke moarns altyd fan iepen, ek al hienen se him de foarige jouns ticht dien. Dy hekke gong samar út himsels iepen.
nl.verhalenbank.37216
De hekke fan Hurdegaryp (Bontekoe) dy't altyd fan sels wer iepen giet.
nl.verhalenbank.19909
To Hurdegaryp, dêr't earder dokter Bontekoe wenne hat, dêr is in homeije, dêr stiet de hekke altyd fan iepen.
De bargeriders fan Broeksterwâlde moesten dêr yn 'e nacht fan tongersdei op freed altyd lâns.
Op in kear sieten der twa Broeksters op sa'n bargewein.
Doe't se oan 'e hekke ta wienen, sei de iene: "Sjoch, dêr giet in frommes hinne yn 'e...
nl.verhalenbank.30419
Ek ergens yn 'e Kompenije wie de hekke op 'e daem altyd iepen. Dat gebeurde samar fansels.
nl.verhalenbank.36097
To Hurdegaryp, by dokter Bontekoe wie in hekke, as se dy ticht dienen wie er de oare deis wer iepen.
nl.verhalenbank.38124
Yn Hurdegaryp is in hameije, dy stiet altyd iepen. Docht men him op slot, dat jowt neat.
nl.verhalenbank.25377
Yn Hurdegaryp stiet in slot, dêr gongen de hekken altyd iepen.
nl.verhalenbank.26242
Op Bennemastate to Hurdegaryp wie in hekke, dy hat men wit hoe faek fêstmakke mei kettings en greate slotten der op, mar om tolve ûre yn 'e nacht gong er altyd wer iepen.
nl.verhalenbank.24497
Yn Hurdegaryp stiet in hûs, dêr is in hekke by, dy stiet altyd iepen. Dogge se him ticht, dan giet er fansels wer iepen.
nl.verhalenbank.22964