Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Twa bruorren: Piter en Knjillis Alma fan 'e Harkema hienen ris op in nacht to murdzjen west. De hounen hienen se by har. Dy hounen hienen foet hawn fan in murd. Dy hounen wienen jammerjend wer op har ynkom, sa bang hienen se west.
Doe hienen Piter en Knjillis sein: "Hwat mankeart dy hounen?"
Sy waerden sels ek in bytsje bang.
Doe sei de iene: "Sjoch dêr...
nl.verhalenbank.29352
Der wie in man, dy wie skuonmakker fan birop. Dy wie nergens bang foar. Dat wie algemien bikend.
It jongfolk tocht: Wy moesten him oars al ris in kear bang ha. Doe seinen se tsjin him: "Doarre jo wol in nacht yn 'e tsjerke troch to bringen by in lyk?"
"Jawol," sei de skuonmakker, "hwerom net?"
Sy bipaelden in datum en dy jouns gong de skuonmakker mei syn...
nl.verhalenbank.25794
Myn man syn heit fortelde altyd in bulte fan spûkerij yn 'e buert fan 'e dikke beam oan 'e betonwei yn 'e Harkema.
Dêr seagen se altyd fan alles.
nl.verhalenbank.25804
Tsjin it hûs oer dêr't wy earder wenne ha - tichte by de brêge - hâldde in great spoek ta. It wie sa grou en swier, dat se ha it pakt en mei fjouwer hynders foar de wein nei de Surhústerfeanster petgatten brocht. Dêr ha se him yn 'e feangatten forsûpt.
nl.verhalenbank.21323
Wibe Alma siet in kear yn 'e gefangenis. Dêr hat er wol folle faker yn sitten. Hy moest trouwe mei Griet, mar dy woed er net ha. Doe't er syn tiid yn 'e gefangenis útsitten hie, kom er thús. Doe seach er Griet yn 'e hûs stean. Tominsten dat miende er. Hy soe har in lawibes jaen, hwant hy woe har net ha. Hy kom op har ta en sei: "Bistû dat, Griet?"
Mar doe...
nl.verhalenbank.21451
Achter 'Spimeta' yn 'e Bosk seach ús mem op in joun twa famkes mei skelkjes foar en huodtsjes op. Dy spûken dêr om.
nl.verhalenbank.23911
Op 'e Lytse Wei is us in âld-minske formoarde woarn. Sûnt dy tiid spoeket it dêr altyd. Wy wienen skruten as wy dêr lâns moesten.
nl.verhalenbank.21135
By de Wopke-poel dêr kuijerje nachts altyd in pear famkes. Dy spoekje dêr om. Alde Tsjip van der Bij hat se wolris sjoen. Hy gong der hinne, mar doe wienen se samar ynienen fuort west.
nl.verhalenbank.23536
Wy wienen yn Úthuzermeden yn Grinslân by de boer yn 't wurk. Dy nachts leinen wy yn 'e skuorre op in rige. Us heit wie der ek by. Yn dy skuorre doogde it net. Der roan heit dy nachts ien oer de fuotten lâns, dy sweefde mear as dat er roan. Oaren hienen it spoek ek fornom.
nl.verhalenbank.25755
Yn Eastemar, oan 'e Mûzegroppewei, roan in fôlle mei in brijpanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.33651
Yn froeger tiden spoeke it op 'e ikkers fan Droegeham. It wienen froulju mei pearse jakken oan.
nl.verhalenbank.21255
Piter Alma wie op in nacht mei Albert to murdejeijen. Ynienen bigong de houn to spoekgûlen. Hja gongen der op ôf. Hja tochten net oars as dikke wite Castor fan Nikolaes Postma hie har hountsje to pakken. Mar dat wie 't gefal net. Hja seagen in berntsje yn in wite doek, dat sweefde.
It berntsje seach har oan. It gong oerside foar harren lâns, skean de...
nl.verhalenbank.21296
Knjillis en Piter Alma (bruorren) fan 'e Harkema kommen us by har suster wei yn 'e nacht om tolve ûre hinne. Hja wienen op 'e fyts.
Der kom hwat oan. Dat seach Piter, Knjillis net. It kom lyk op Piter ta. Piter wykte net fan 'e wei. It wie oan him ta, doe swaeide it om him hinne.
"Goeije navend", sei Piter.
"Goeije navend", woarde der werom sein.
It wie...
nl.verhalenbank.21297
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
Op 'e Boskwei, tusken Droegeham en Eastemar roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dat wie by de Lykloane (tusken Boskwei en Langgeastloane).
nl.verhalenbank.29337
Myn omke wenne yn Grinzer Pein. Hy wie mattewever. Op in nacht om healwei ienen gong hy der op út mei in platte kroade. Dêr hied er in matte op dy't er oan 'e man bringe woe. Hy soe de kant nei Frentsjer út, dêrom wied er ek sa bitiid. 't Wie hwat mistich waer. Doe't er ûnderweis wie yn 'e buert fan Ljouwert, seach er ynienen in hiele greate kop. Dy wie...
nl.verhalenbank.25525
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre.
In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
Der wienen in feint en in faem, Sake en Hylk, dy wennen yn 'e Harkema. Se wienen oan 't kuijerjen. 't Wie moai waer op 'e joun. Doe kommen der twa famkes oan, dy wienen beide gelyk yn 'e klean en ek like great. Sy gongen har foarby.
"Ik wol us sjen, hwer't dy famkes bliuwe", sei Hylk. De famkes gongen oan 'e daem ta. Even fierder woarden se wei, krekt as...
nl.verhalenbank.16878
Dêr binne ek wol neakene berntsjes achter by de dobbe sjoen woarn. Dy boarten dêr om. Dy berntsjes wienen dêr formoarde woarn en doe koenen se de rêst net fine. As de minsken dy berntsjes dêr seagen, dan naeiden se út.
nl.verhalenbank.20676
By ús op 'e reed spoeke âlde Janke nachts altyd om. Op in nacht siet se midden op 'e reed as in roungear protsje mei de skelk om har hinne. Doe kommen wy der lâns.
nl.verhalenbank.22301