Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us heite heit fortelde: Yn 'e Harkema wennen se froeger yn spitketen. Dat wienen húskes, meast fan seadden, mei lege weechjes. De muorre fan 'e lege weech wie fan seadden en it tek fan strie.
Op in kear doe slepten der froulju ûnder 'e lege weech yn ien fan dy keten op 'e heide.
In keppeltsje feinten woe nei dy froulju ta. Hearke kom se oer 't mad. Hy wie...
nl.verhalenbank.21858
Yn Surhuzum wennen de Kloostermannen. Dat wienen earst rare. Dat wie om 't oare wurd bliksem, duvel, ja en noch folle slimmer. Twa bruorren Kloosterman kommen ris togearre út 'e kroech. 't Wie op in joune let. Sy gongen elk in kant út.
De iene forflokte ûnderweis God en syn gebot. Hy roan in stik lân del om thús to kommen. Doe woarde er ynienen mei syn...
nl.verhalenbank.23861
Sterke Hearke wie stille plysje yn Droegeham.
't Jongfolk fan Stiensgea wie us oan 't kuijerjen. Doe hâldden se in weddenskip. Sy praetten ôf, de earste de bêste dy't se tsjin komme soenen, dy soe troch ien fan harren pakt wurde en oer de weareld smiten.
It lot wiisde oan dat Roel de Haan dat dwaen soe.
Dat wie in licht mantsje. Hy hat letter sels...
nl.verhalenbank.27632
Der wienen twa man, dy roannen op in jountiid togearre.
De iene kom fan 'e Harkema, dy wie o sa goddeloas, de oare kom fan Surhuzum. Hja kommen by in daem, dêr moesten se om in stapke hinne.
Doe kom dêr in keardel oan, dy pakte de spotter by de lurven en dy seame er hiel bot ôf.
It fremde wie dat dy man út Surhuzum noait hwat sjoen hat.
nl.verhalenbank.32716
Ik wie in great jonge, doe fortelde Sibe van der Veen fan 'e Harkema my: "Justerjoune wienen ik en myn faem ûnderweis. Ik sei tsjin har: - Dêr komt hwat oan. Mar it is dyselde net om dy to rêdden, mar om my -
Dyselde hat my pakt en yn 'e wâl smiten, yn beammen en guod, en wol sa bot, dat ik wie sangen en blau. Ik koe hast net stean, doe't ik oerein kom."...
nl.verhalenbank.27669
Op 'e Nije brêge by Readskuorre wienen guon oan 't spotten en swearen. Dêr wie ek in timmerman by: Ruurd van der Veen. Hy hie 't bakje mei ark oer 't skouder. Doe't er by de twadde brêge kom, wie dêr in wiif west, dy smiet him oer de brêge. En dat in frommes! Ruerd flokke by heech en by leech: "En nou mast g.v.d. my us wer..." Doe wied er sa bot smiten...
nl.verhalenbank.25318
Op Readskuorre wie in stille kroech. Dêr hat ris ien sitten to swearen en to swetsen en oer de duvel to praten. Doe't er bûten kom hat de duvel him in ein smiten.
nl.verhalenbank.37103
Sterke Hearke brocht jild fan 'e gemeente Achtkarspelen yn 'e sek nei Ljouwert ta. Op in jountiid wied er wer ris ûnderweis mei jild. Hy hie de sek op 'e rêch. Underweis stienen der twa keardels, die soenen him oanpakke. Mar dan wienen se mei Hearke noch net klear. Hearke sette de sek mei jild del en sei: "Jimme matte even tiid dwaen." Doe pakte er de...
nl.verhalenbank.37107
Alde Ruerd van der Veen wenne yn 'e Harkema. Hy wie timmerman. Op in kear doe hied er timmere yn 'e Hamster Pein. Hy wie op wei nei hûs ta. 't Wie op 'e joun. It bakje mei it timmerridskip hied er op 't skouder.
Ruerd wie in wyldeman. 't Wie al hast tsjuster en hy moest oer de houtsjes. De paden roannen dwars troch 't lân hinne. Dat is nou noch sa. Hy...
nl.verhalenbank.27670
Heit fortelde, Sterke Hearke roan froeger wol ris mei jild. Dat wie foar de banken. Dat moest dan nei in oar plak ta brocht wurde. Op in kear moest Hearke dat ek wer ris dwaen.
Hy droech it jild yn in sek op 'e rêch.
Der wienen in pear, dy wisten dat, dy hienen it op it jild forsjoen. Sy woenen Hearke pakke. Sy pasten op him en hienen har forskûle. Doe't...
nl.verhalenbank.27672
Sa is Hindrik Holthuis fan 'e Harkema ek troch de duvel smiten woarn, foardat er bikeard wie. Hy hat der in stive skonk fan oerhâlden.
nl.verhalenbank.37105
Der wenne in sekere Ruerd van der Veen yn 'e Harkema, dat wie in timmerman. It wie in raer feint. Hy hie oan 't timmerjen west op 't Bomkleaster en dêr hie er it mâl opsein. Hy joech neat om 'e duvel en al sokke dingen mear.
Dy jouns moest er nei hûs ta. Hy wie in moai eintsje yn 'e lannen dêr't it paed troch roun nei Harkema ta, doe kom der in houn oan,...
nl.verhalenbank.37104
Ruerd van der Veen wenne yn 'e Harkema. It wie in rûch man, hy koe ûntsettend flokke. Hy wie op it Bomkleaster oan 't wurk, hwant hy wie sa'n bytsje timmerman. Hy timmere oan ien fan 'e beide pleatsen, dy't mei de kont nei de wei ta stean.
Doe't er de jouns klear wie soed er nei hûs ta. De bak mei ridskip hied er op 'e rêch en hy hie in pet op 'e holle....
nl.verhalenbank.21851
Ik wenne yn Stiensgea as boerefeint yn 't Oast. Op in joun hie 'k nei myn suster ta west, dy biwosk my. Ik hie forskjinnersguod ophelle. Doe't ik al hast wer toplak wie, en oan in âld húske ta wie, doe hearde ik der by dat húske allerhande lûden fan smiten mei stiennen en planken. Doe't ik dêr hinne gong wie der neat to sjen.
In skoft letter kom dat húske...
nl.verhalenbank.27978
Yn Surhuzum sieten in stik of hwat manlju yn 'e kroech, dy boatsten it avondmael nei. Doe't se in skoftsje oan 'e gong wienen, woarde alles trochelkoar skodde en oplicht. 't Wie ynienen allegear leven. Sy woarden trochinoar smiten en de doarren gongen fansels iepen.
nl.verhalenbank.27809
Meindert Wylpstra fan Surhuzum wenne in ein bûten it doarp. Op in joun hied er de buorren even yn west. Doe't er werom kaem waerd er samar opnom en yn 'e sleat smiten.
"De duvel hat my pakt en hat my op 'e harsens yn 'e sleat goaid", fortelde Meindert.
nl.verhalenbank.37398
IJe Hulshof wie kastlein yn Surhuzum. It jongfolk hat ris by him yn 'e kroech it avondmaal fierd. Op in stuit gongen de doarren út har sels iepen en hja waerden der útsmiten. Guon fan har doarsten letter jouns net wer bûten komme. Cornelis de Boer, dy't der ek by wie, doarst letter net mear allinne nei 't lân ta.
De kweade hat har der út smiten, wurdt der...
nl.verhalenbank.37400
Sytse Jager fan 'e Harkema ha 'k faek mei hawn to murdejeijen. Hy wie de raerste fan 'e Harkema. 't Koe him allegearre neat skele hwat er sei of hwat er die. Doe woarde er op in kear opnom en oer de dyk hinne smiten. En doe hat de duvel him in ôfgrysliken wân jown. Sûnt wie Sytse fjûrbinaud. Hy doarst der jouns net mear allinne op út. As wy to murdejeijen...
nl.verhalenbank.34531
Sterke Hearke wie arbeider op it Bomkleaster by Bindert Japiks.
It gebeurde us op in kear dat der fiif jongfeinten fan Stiensgea op in joun byelkoar stienen op 't hoekje fan 'e Turfloane.
Sy seinen tsjin elkoar: "As der nou aenst ien oankomt, dan mat ien fan uzes him oer de wei smite." Doe prikjelûke, hwat't dat dwaen soe. Dat woarde Roel de Haan.
Even...
nl.verhalenbank.21857
Ek us in kear - dat fortelde Fogeltsje ek - doe roan er fan Droegeham de Skeanpaden del nei Readskuorre. Doe hied er it ek wer o sa raer opsein. Doe hie ien him beetpakt en dy hie him yn 'e sleat smiten. Dat hie de duvel ek west.
nl.verhalenbank.27639