Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: sjouwen Narrator Gender: female
Sterke Hearke hie in dochter, dy hiet fan Rixt. Dy wie o sa sterk, mar dat woe se net rjocht wêze. Hwant se wie bang, dat se dan net in man krije soe. Sy tsjinne by in boer. Op in kear hâldde in kloftsje jongfolk in wedstryd: Hwa't in earnamer fol wetter om 'e skuorre hinne drage koe. Rixt wie der ek by. Sy nom de earnamerfol wetter yn 'e iene hân. Nou...
nl.verhalenbank.12217
Der wie in boer, dy wie oan 't heamennen mei in hynder foar de wein. Sy moesten by de Foarwurker brêge op. Dêr liet it hynder it foerke hea foar stean, hy koe 't net lûke. Doe sei dy boer tsjin syn jonge: "Gean dû even nei Hearke ta (Sterke Hearke) en freegje of dy even mei skouwe wol. Dy jonge helle Hearke op. "Kin 't hynder it net dwaen?" frege Hearke....
nl.verhalenbank.25899
Der hat in âld man yn 'e Houtigehage wenne: greate Anders, dy wie o sa sterk. Hy wenne oan in âld modderreed. Hy lei samar trije sekfollen ierpels op 'e nekke en dy sjoude er fuort.
nl.verhalenbank.24415
In broer fan Jehannes Kooistra út 'e Broek, dy hiet fan Tabe. Dy wie sa sterk, dy luts samar in lege pream oer de strykdammen hinne. 't Wie in reus fan in keardel.
nl.verhalenbank.25643
Dokter Keizer fan Surhústerfean wie tige sterk. Hy ried altyd yn in koetske nei syn pasjinten ta. By de Oerterperfeart wienen 't allegear barten. Dokter krige dan 't koetske oer de nekke en tilde 't sa oer de barten.
nl.verhalenbank.27887
Einte Postma wie myn omke. It wie in broer fan Jehannes Postma fan Eastemar. Hy wie sa sterk, dat hy forsette samar in boerewein. Hy fortilde him gewoan nei in oar plak.
nl.verhalenbank.27306
Sterke Ynse fan Bakkefean kaem us by de smid. Hy moast in furke meitsje litte, mar de smid hie 't op dat stuit op syn manier to drok. Hy hie der net rjocht sin oan, fornaem Ynse wol. Ynse moast mar even geduld dwaen, sei er. Mar Ynse tocht: "'k Sil dy wol ha." Doe 't tiid wie fan kofjedrinken gong Ynse stikum nei 't ambyld ta en sette dat bûten op 'e...
nl.verhalenbank.21012
Sterke Hearke wenne hjir yn 'e Westerein. (Er zijn blijkbaar twee St. Hearkes geweest A.A.J.). It wie in greate, grouwe keardel. Hy leefde yn dizze ieu. As der swiere beamstammen fordroegen wurde moesten, hellen se him derby.
nl.verhalenbank.33820
35