Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: rijden Place of Narration: Opende
Noch foardat de tram fan Grins nei Drachten der wie, ha gâns minsken by joun de ljochten al sjoen en guon hearden him ek wol oankommen yn de Pein.
nl.verhalenbank.32015
Myn man, dat wie Ingbert Bijma. Dy syn swager seach froeger ris in ljocht yn 'e Parken, dat biweegde. Letter wist er hwat dat bitsjut hie. It hie de foarboade west fan 'e tram dy't fan Grins nei Drachten ried.
nl.verhalenbank.37999
Der binne bipaalde spookskuorren yn Grinslân. Ik ha wol ien kend, dêr gongen de doarren altyd fansels iepen en dêr rollen de weinen samar op 'e telle hinne en wer.
nl.verhalenbank.27876
Boersma fan Niekerk dy wie chauffeur op in auto yn Londen. Op in kear wie 't dêr sa mistich west, fortelde er, dat doe hie der in man foar op 'e auto sitten mei in angelstok yn 'e hân en mei de angelstok hied er hyltyd mar field en taest nei auto's dy't der oankommen. Sa mistich hie 't west. De chauffeur hie neat sjen kind.
nl.verhalenbank.28190
In âld minske, de frou fan Piter Veenstra, hat yndertiid de tram fan tofoaren sjoen. Se seach dat de tram troch de bosken en alles hinne gong. Dat is letter ek sa gebeurd.
nl.verhalenbank.27166
Jan Hepkes fortelde, op in kear wie er nei Ljouwert ta fytst. It lêste ein sliepende. De brêge wie ôf. Dêr stienen in stik of hwat minsken foar to wachtsjen. Doe fytste Jan tsjin ien fan dy minsken oan. Dy ried er ûnderstoboven. "Hoe ha jo dit sa hawn?" frege dy man. "Ik hie my krekt efkes deljown", sei Jan Hepkes.
nl.verhalenbank.31922
35