Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: praten Place of Narration: Harkema
Aen wie in âld man. Hy wenne yn 'e Harkema. Hy leaude oan God noch syn gebod en wie in greate spotter. It gong him noait to raer. Op in kear lei er op bêd, doe siet der in gedaente op 'e stoel foar syn bêd mei egen as itensboarden. Hy die neat en praette ek net tsjin him. Aen wie stjerrendbinaud. It wie de duvel. Aen is troch dit gefal bikeard en gong nei...
nl.verhalenbank.21324
Der wie in jongfaem, dy sei: "Nou wol 'k joun in feint ha, as is 't de duvel ek." Dat sei se op in moarn tsjin har mem. De jouns kloppe der ien op 'e doar. Der stie in mynhearke. "Goeije navend," sei er, "ik woe hjir ek ris sjen." "Kom mar mei", sei de frou. Hy krige in sit en de faem sei sunich tsjin har mem: "In kreas feintsje." Hja rekken oan 't...
nl.verhalenbank.28715
Achter Ljouwert wenne in âld minske, dat koe tsjoene. Op in joun kom der in man by harren to praten. Hy praette mei de man, hwant it âld minske siet yn 'e hoeke yn 'e stoel to sliepen. "Ik sei," frege er, "sliept it âldminske?" "Ja," sei de man, "stil sitte litte, hwant hja hat fannacht gjin sliep hawn. Wy kinne togearre wol hwat jounprate. Meitsje har...
nl.verhalenbank.17447
Twa susters yn 'e Harkema wennen by elkoar. Sy wienen beide al âld. Sy hienen 't der faek oer hawn, dat sy woenen nochris har bilidenis dwaen, mar 't wie der noait fan kom. Doe gebeurde it dat ien fan 'e beiden op bêd lei. Doe kom der in straeltsje ljocht oan midden yn 'e nacht. Dat wie foar har in teken dat se har bikeare moesten. Koarte tiid dêrnei...
nl.verhalenbank.19343
Piter Simens Kloosterman wie in boer. Dy wenne op 't Kleaster. Hy hie bigeard, hy woe steande bigroeven wurde. Dan koe er it lân oersjen. Mar sy dienen it net. Doe kom er werom. Hy kloppe by syn folk oan 'e doar. In pear kearen ha se him sjoen. Doe ha se der in dûmny by helle. Dy hat him oansprutsen en frege, hwat syn bigearte wie. Doe ha se nei 't graef...
nl.verhalenbank.20677
Sikke Hoeksma ^ wenne op Mûntsjetille oan it Knjillisdjip, tichte by de Bûtenpostumer Mieden. Myn swager, Douwe Wedzinga, wenne der tichte by. Saterdeijounen gongen se faek togearre nei Twizel ta, nei de kroech. Dan rounen se de âld dyk del. Dêr yn Twizel seagen se net op ien. Sy kommen der faek dronken wei. Sa wie 't ek wer ris in kear it gefal, doe...
nl.verhalenbank.28611
Doe't ús mem in famke wie, hearde se bern sjongen en sy seach ek ljochtsjes. Sy rôp beppe der by en sei: "Mat mem hjir us sjen, sa'n moai ljocht is dêr." Sy hearde dúdlik it getrappel fan berneklompkes en dat der sein woarde: "Jullie moeten stil zitten." Yn werklikheit wie der doe neat. Mar letter hat âlde Warmolts op dat plak in lyts tsjerkje bouwe...
nl.verhalenbank.21222
Myn pake fortelde: Der wienen us in man en in frou. Dy frou rekke us in kear great mei in oare man. Dat woarde har eigen man gewaer. Doe sei har man tsjin har: "Ik sil der gjin spul om meitsje, en der noait wer oer prate, ast míj mar jowste, hwatst der oan fortsjinne hast." Doe joech dy frou har man in goune en dy died er yn 't festjebûske. Mar as it...
nl.verhalenbank.21561
De bern mochten net by 't wetter komme, hwant de sémearmin lokke har der yn. De mearminnen koenen prate. Sy namen de bern mei. De séhounen pakten de bern ek.
nl.verhalenbank.12345
Yn 'e Harkema wie in frou dy wie op in moarn krekt oan 't kacheloansetten west. Doe lei se wer even op bêd. Doe kom der in nachtmerje by har. Sy koe net in wurd útbringe, mar sy hie noch sjoen, dat it in lyts, swart keardeltsje wie.
nl.verhalenbank.23666
Us beppe wie froeger tsjinstfaem. Op in kear roan se mei noch in oar famke even nei hûs ta. 't Wie op in joun. Dat famke praette nochal lûd. Doe sei beppe tsjin har: "Wy matte net sa lûd prate, hwant ús Hindrik wyt alles as ik thús kom, hwat wy tsjin elkoar sizze." Doe hie se sein: "As wy wer prate, mast ris achter ús sjen, hwant dat is ús Hindrik, dy't...
nl.verhalenbank.23528
Der kom us in koopman by minsken yn 'e Hamsterheide. It bern fan dy minsken wie siik, en dêr waerd oer praet. De koopman ornearre, it bern koe wol us bitsjoend wêze. En sa praetten se in skoftlang oer tsjoenderije. De koopman gong wer fuort. Hy gong de reed del en sa oer de bou. Dêr lei âlde Hindrik yn 'e tún (Hindrik Ophuis?) Alde Hindrik wie in...
nl.verhalenbank.17466
35