Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: overlijden Place of Narration: Augustinusga
It gebeurde yn Strobos dat dêr in frou forstoar. Hja hie har man bilove litten, net ien mocht nei har dea de klean drage, dy't hja droegen hie. Mar dy man tocht dêr letter net mear om en hy troude wer. Hy joech dat minske de klean fan syn earste frou en dat minske die dy klean oan. Mar sûnt dy tiid kom syn earste frou alle jounen by harren yn 'e hûs. Doe...
nl.verhalenbank.32714
Der wie ris in manspersoan, dat wie in goddeloazen-ien, dy joech nergens om. 't Wie yn 'e tiid, doe wienen der noch gjin fytsen en auto's. Op in kear hie dy man nei Feankleaster ta west, nei de klearmakker, dy't him in nij pak oanmetten hie. Dy keardel leaude oan neat en hy hie tsjin 'e klearmakker sein: "As der in duvel is, dan kin er my aenst tomjitte...
nl.verhalenbank.32715
Ik wie seis jier dat ús pake forstoar, dat is nou 75 jier lyn. Beppe kaem hjir by mem yn to wenjen. Hja die altyd de doarren goed op 'e skoattels. Beppe slepte yn in bêdsté. Doe gebeurde it op in jountiid, - doe lei se al lang op bêd - dat der ien ta 't hûs yn kaem. Hoe koe dat? Hwant de skoattels sieten op 'e doarren. It wie in mantsje dat yn 'e keamer...
nl.verhalenbank.32711
Alde Meine Boetes fan Stiensgea wie mei de helm geboaren. Hy seach faek lykstaesjes fan minsken dy't letter pas stoaren. Ik wyt noch dat er op in moarn bitiid wer ris in lykstaesje seach op 'e wei. Dat hat er doe forteld. In dei of hwat letter koe elkenien dyselde stoet sjen.
nl.verhalenbank.32710
Doe't ús heit sa'n jonge baes wie kom Gjert Frânses to forstjerren. 't Wie op in snein-to-moarn. Hy stie tsjin in beam oan to pisjen en foel dea del. Hy kaem op 't tsjerkhôf, achter de âld-tsjerke to lizzen. Heit wenne yn dy tiid as feintsje by syn omke Jan. Op in kear sei omke Jan tsjin heit: "Romke, jow my dy beam even." Dy beam lei njonken 't paed. Dy...
nl.verhalenbank.32712
Doe't ik achtsjin jier âld wie hie ik in broer, dy wie tige siik. Se gongen mei syn wetter nei Kûkherne ta; dêr wenne Minke doe, dat wie in dochter fan greate Wopke. Minke sei, hy wie bitsjoend. Sy koe der neat mear oan dwaen. In pear wiken letter is er stoarn.
nl.verhalenbank.32706
Doe't Boele Ytsma dea gong, doe sei er tsjin syn buorman: "Ik gean fuort, mar oer fjouwer wiken kom ik wer." "Dan moast by my oankomme", sei syn buorman. Mar hy woe wol dat er dat net sein hie. Sûnt dy tiid wied er deabinaud. Mar Boele kom net wer.
nl.verhalenbank.32722
Myn wiif hat in suster hawn, dy is mar tolve en in healjier âld woarn. Doe't se al tige min wie en hast op har stjerbêd lei forstoar der hjir yn Stiensgea in famke, dat hiet fan Geeske. Dat famke koe se tige skoan. Mar myn skoanâlden fortelden har net dat dy stoarn wie, omt se tochten dat hja har dat to bot oanlûke soe. Dat leed woenen se har bisparje....
nl.verhalenbank.32709
Us heit hat froeger boerefeint west yn Grinzer Pein. Hy slepte altyd yn 't bêdsté yn 't bûthús. Doe't er dêr ris wer in kear lei yn 'e nacht, hearde hy leven yn 'e molkenkelder. De molkenkelder wie tichteby 't bûthús. Hy hearde dat der hwat oer de stiennen skoud woarde. Heit gyng dêr ôf en sette nei de molkenkelder ta. Doe woarde dêr in kiste delset. Heit...
nl.verhalenbank.32708
To Stiensgea wennen twa bruorren, dy buorken togearre. Op in kear moesten dy beiden nei Surhuzum ta to melken. Dêr hienen se it fé rinnen. Sy wennen achter de Bosk. 't Wie doe noch in sânpaed, nou is it in forhurde wei. Hja sieten togearre op 'e wein. Doe sweefde der samar ynienen in frommeske njonken har lâns. Sy sei neat en bleau de beide bruorren...
nl.verhalenbank.32720
Op 'e Bovenlannen achter de Bosk yn Stiensgea wenne Úlke Bouius. Dêr sweefden de geesten fan 'e forstoarnen om 'e hûs hinne. Se wienen by de doar en kipen yn 'e rútsjes. Dat wienen de geesten fan minsken dy't net goed bihandele woarn wienen. Dy koenen de rêst net fine en kommen sadwaende nei har dea by har eigen famyljeleden en spoeken dêr om.
nl.verhalenbank.22731
Sjouk, in dochter fan Abram Kats, spoeke nei har dea. Ate kom har tsjin. "Morgen", sei Ate. Syn broer sei: "Hwat bipraetstû dêr? Der is ommers net ien." "Sjochstû dan neat? 't Is Sjouk." Sy sweefde fuort. De broer seach it net.
nl.verhalenbank.12547
Alde Ate Klazes ried mei de wein. 't Wie mar in gewoan boereweintsje. 't Hynder fornom dat der hwat wie, de man net. 't Hynder woe oan kant. Doe hearde er noch al in bouns oan 't achterste rad. De wein gong oerside. Der wie in lykstaesje.
nl.verhalenbank.25310
Pake hie in kammeraed, dat wie Marten. Dy wenne by de boer. Marten wie mei de helm geboaren. Nachts gong hy der ôf, dan moest er hwat sjen. Dat wienen yn de regel lykstaesjes. Sa'n helm mei net fornietige wurde.
nl.verhalenbank.22735
Dy't ienkear by de frijmitselders is, kin der noait wer by wei. As jy der by wei wolle, dan wurdt jou namme trochkrast, mar dan binne jo tagelyk dea. Om 'e sawn jier mat der ien fan 'e frijmitselders dea.
nl.verhalenbank.22742
35