Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
15 datasets found
Dutch Keywords: opzijgezet Place of Narration: Harkema
Jehannes Jager syn broer Sytse moest us in kear út 'e broek. Doe woarde er krige en fan 'e iene kant oer de dyk nei de oare kant smiten. Hyltyd mar wer. Op 't lêst wied er lizzen bleaun, alhielendal slop en blau. Oaren ha him dêr wei helle. 't Wie in raer man. De duvel hie 't dien.
nl.verhalenbank.22229
Der siet op it Jachtfjild yn 'e kroech ien dy stie nergens foar. Hy wie noait bang. Hy wie tige oan 't opskeppen en sei: "Ik sil de duvel smite as in pod." Mar doe't er bûten kom, smiet de duvel hìm. Hy kom yn 'e Langewyk tolânne. Syn maten ha noait ien sjoen.
nl.verhalenbank.21929
Wibe Alma is us in kear út 'e kroech weikom. By âlde Japik en Heiltsje is er doe fan 'e wei tild woarn en in ein fuortsmiten woarn.
nl.verhalenbank.22303
Froeger waerden de forstoarnen út 'e Harkema nei Surhuzum ta op 't hôf brocht. De lykstaesje gong in reed del, dy't njonken in paed wie. Dat wie it Langpaed. Op in nacht hie in neef fan my nei de froulju west yn Surhuzum. Hy wie op 'e weromreis nei Harkema. Hy roan op 'e reed. Doe woarde er samar op it paed set. Hy gong wer nei de reed. Mar wer waerd er...
nl.verhalenbank.17386
Sytse Jager fan 'e Harkema is ek al us smiten woarn
nl.verhalenbank.22715
Wibe Alma wie yn syn jonge jierren in raren. De duvel hat him us oer de Lange Wyk hinne smiten.
nl.verhalenbank.17380
Myn swager wie ien dy wie tige rûch. Sûpe, flokke en al sokke dingen mear. Hy wenne hjir yn 'e Harkema. Op in kear kom er thús, alhiel fan 'e wize. "Nou bin 'k fan 'e iene kant nei de oare smiten woarn", sei er.
nl.verhalenbank.25521
Ruerd van der Veen, dat wie de pake fan myn wiif. Dat wie de duvel gelyk en in minnen ien. Skoanheit - dat wie ek in Ruerd van der Veen - wie trouwens neat better. Pake Ruerd wie by 't timmerjen. Op in kear timmere hy op it Bomkleaster. Hy soe de jouns nei hûs ta. It bakje mei ridskip hied er op 't skouder. Hy moest oer in houtsje. Doe stie dêr in frommes...
nl.verhalenbank.17381
Op in kear roannen der trije man njonken elkoar op 'e wei by 't Bomkleaster. Doe waerd de middelste ynienen samar optild en oan kant set. Der kaem in lykstaesje lâns, dy't se gjin fan trijen seagen.
nl.verhalenbank.17549
Wibe Alma is yndertiid smiten woarn troch in lyts hountsje. Hy kom yn 'e Lange Wyk tolânne.
nl.verhalenbank.19981
Ik kaem wol op 'e Grinzer klaei to wjurren en to flaechsteppen. Dêr stie ergens in greate plaets, dêr wie altyd in golle leech. De boer sei, dêr koe neat yn dy golle bliuwe. It sied rekke der altyd út. Dêrom waerd dy golle net brûkt. Hy warskôge it folk, dat se net yn dy golle sliepe moesten. Mar doe wie der in man, dy weage it. Hy lei der hwat strie del...
nl.verhalenbank.17562
It gebeurde froeger us in kear, dat guon mei elkoar us hwat oan 't dominearjen wienen. (flokke, raer dwaen en sa.) Doe kom der in swart ding oan. Dat ding hie 't op ien fan dy mannen bigrepen. Dat wie Sytse Jager. Dy woarde samar opnom en in ein fuort smiten, tichte by in dobbe. Sytse wie sa binaud, dat hy gong fan binaudens yn dy dobbe. Hy wie sa...
nl.verhalenbank.19980
Ik ha wol minsken kend, dy't op 'e joun of yn 'e nacht oan kant reage woarden, as der in lykstaesje oankom.
nl.verhalenbank.22251
Der wie ek ergens yn Grinslân in plaets, dêr wie in skuorre yn, as de minsken dêr slepten, dan woarden se nachts samar fan 'e iene golle yn 'e oare smiten. De arbeiders praetten dêr ûnder inoar wol oer.
nl.verhalenbank.19979
Us mem roan us midden op 'e wei. Sy hie 't molkammerke yn 'e hân, hwant sy soe om molke nei 't hûs dêr't nou Mekke v. D. wennet. Mar ûnderweis woarde se samar yn 'e sleat set. Der hie in lykstaesje west. Mei 't lege ammerke kom mem werom. Sy sei tsjin heit: "Nou hellestû mar molke op. Ik kom dêr net wer lâns."
nl.verhalenbank.24331
35