Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
Gabe Kuperus hat us in pleachbeest by him hawn.
Hy wenne yn Grinzer Pein en hie op in snein-to-joun nei Lúkswâld (Lukaswolde) nei de froulju west. Op 'e weromreis roun er troch Koarnsherne (= Kornhorn). Doe kaem der him in greate swarte houn op side, dy wie sa heech, dat hy rikke him oan 'e heupen ta. Hy hie greate earen en greate egen en hy roun stiif...
nl.verhalenbank.18155
Ik soe us op in joun nei Houtigehage nei de faem ta. 't Wie ljochtmoannewaer. Underweis hearde ik ien oankommen. 'k Seach om my hinne, mar der wie neat. Wy hienen doe ûnderbroeken oan mei bannen ûnder 'e knibbels fêst en mei in bûse der yn. Yn 'e bûse hie 'k in mes, dat hie 'k yn Dútslân kocht fan in Italiaen. Dêr siet forgif oan. Dy't dêr in sneer mei...
nl.verhalenbank.24445
Wibe- en Jehannes van der Meer kommen togearre fan 'e Rottefalle. Sy moesten dit út. Sy kommen de bysûndere skoalle foarby. Sy wienen op 'e fyts. 't Wie tsjuster. Sy hienen de lampen op.
Sy kommen by in streekje bosk lâns, dêr't in feart foar lâns roan.
Doe kom der hwat út 'e sleat. Dat die de lantearnen út. Dy lantearnen koenen se net wer op krije. Sy...
nl.verhalenbank.21688
't Wie yn 'e Harkema, yn 'e tiid dat de betonwei noch in sânreed wie. Doe roan der ien op in joun mei de fyts, dêr't de carbydlampe fan brânde, by 't earmetsjerkhôf lâns.
Doe seach er oan 'e lampe, dat der ien by him wie.
't Wie in grouwe, dikke swarte houn en dy houn, dy bleau by him sa lang er ûnderweis wie. Dy brocht him nei 't plak dêr't er wêze...
nl.verhalenbank.10684
De Skilige Piip leit oan 'e Godloaze Singel, dy't rjochtút rint nei de Falom ta.
Op 'e ein fan 'e Godloaze Singel dêr stie in hûs. Op in kear wie der feest. De biwenner fan dat hûs hie dêr ek wakker oan meidien. Hy hie in protte drank brûkt en rare wurden sein. 't Wie in ûnforskillich man.
Doe kaem der yn 'e nacht ien by him by de doar.
Ien yn it hûs...
nl.verhalenbank.30423
Fokke Alma (dikke Fokke) hat op Fiifhuzen wenne oan 'e Reitsmastrjitte. Dêr hied er in spultsje. Op in kear wied er op 'e fyts. 't Wie yn 'e nacht. Doe wie der op it eintsje fan Geart Haga nei de betonwei ien njonken him kom. Fokke wie tsjin him bigong to praten, mar dy oare sei neat. Doe't Fokke noait antwurd krige, woarde er binaud. Dy oare hâldde him...
nl.verhalenbank.22225
Der waerd ús no forteld:
Op 'e ein fan 'e Wedze wienen in stik of hwat kameraden fan Twizel by elkoar. It wie in rûch folkje en it gong nochal hwat op in flokken en oangean. Doe stie ynienen de kweade njonken harren. Hja woarden deabinaud en slûpten de lânnen oer nei hûs ta. De kweade hat har oan 'e doar ta folge.
nl.verhalenbank.20180
Ik en myn broer roannen us troch de Twizeler Mieden. 't Wie al hast nacht. Doe kom der myn broer in hiele grouwe houn op side. Dy wie pikswart.
Hy roan deun by myn broer lâns. Ik haw him net sjoen.
nl.verhalenbank.22754
De Skilige Piip is achter Feanwâlden, oan diz kant de Boppewei. Dêr siet in kiste mei jild yn 'e groun, dêr koenen se noait by komme. In fuorman fan Feanwâlden dy gong dêr ris mei in pear maten hinne yn 'e nacht. Doe bigounen dy maten dêr to graven. Hja stompten mei de lodde op hwat. Dat wie de kiste. Mar dy sakke djipper ta de groun yn, doe't se him...
nl.verhalenbank.30422
Ruerd van der Veen fan 'e Harkema wie us in kear oan 't reiddekken op ien fan 'e plaetsen op it Bomkleaster.
Us Klaes-om wie doe feint by dy boer. Doe hie Ruerd it ôfgryslike raer dien en ús Klaes-om wie op 't lêst ek al bigong.
't Wie joun en doe moest Ruerd nei hûs ta. It bakje mei ridskip droech er oer 't skouder. Hy roan de Skoltepaden del. Doe hie...
nl.verhalenbank.32433