Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Dutch Keywords: omen Place of Narration: Tzummarum
Froeger seinen se, die men in hoekturf yn 'e kachel, dan kaem der ûnforwachts bisite.
nl.verhalenbank.20614
As it stekje klapte, kaem der ek ûnforwacht bisite.
nl.verhalenbank.20615
Ik wie sahwat tweintich jier. Wy wennen in eintsje bûten it doarp. Ik moast om thús to kommen in reedtsje del, foar hokken lâns, dêr't se wol yn braekten. Op in joun kaem ik thús. Doe't ik oan ien fan 'e braekhokken ta wie, hearde ik in plof yn it wetter dêr achter. In pear dagen letter is op krekt datselde plak in buorman fan ús - Jil - dêr de moarns om...
nl.verhalenbank.20603
Myn broer Sippe Harkema wie skipper. Myn skoansuster hearde twa dagen fan tofoaren it klappen. Dan sei hja: "It skip is yn oantocht." It kaem altyd út. Twa dagen letter wie hy der.
nl.verhalenbank.20617
Wy hienen it by mem en dy thús o sa krap. Fleis seagen wy hast noait op 'e tafel. Mar soms, in inkelde kear, dan sei ien fan uzes: "It rûkt hjir nei in braedtsje." Dan koe men der mar fêst fan op oan dat der koarte tiid dêrnei fleis op 'e tafel kaem. Dat kaem altyd út.
nl.verhalenbank.20616
As de sémearmin yn 't farwetter kaem wie dat in min teken. Dêr hienen de skippers it net op stean.
nl.verhalenbank.20606
Dyselde man wurke yn in ploech yn 'e Mieden. Op in dei wie Anne Gryt (Bylsma) har heit fordronken. Dy wurke yn in oare ploech. De man mei de helm wie de hiele middei ûnrêstich. Sy seinen tsjin him: "Hwat is der, man?" Mar hy woe it net sizze. De jouns nei seizen kaem de hiele ploech de buorren ynrinnen. Fan 'e oare kant kaem èk in ploechje fan it wurk....
nl.verhalenbank.20612
Hjir yn Tsjummearum hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Sahwat yn 1902 is hjir in fanke stoarn, dat hiet fan Anne. Hja moast omke tsjin my sizze. Dy man dy't mei de helm geboaren wie gong op in dei by harren foar de ruten lâns. Doe stie er even stil en gyng doe wer fuort. Soks die er oars noait. De twadde deis die er itselde wer. De trêdde deis...
nl.verhalenbank.20611
Us mem sei froeger wol, as de klok lette: "Hè hwat liet dy klok wer mâl. Wy ha gau wer in deaden."
nl.verhalenbank.20643
Rinse de Valk syn frou wie yn forwachting, dy forwachte in lytsen. Op in kear gong er it gongkje troch en soe nei de keamer ta. Doe't er yn 'e doar stie, seach er dat guon in kiste swaeiden yn 'e keamer. In deimannich letter stoar syn frou mei de bifalling tagelyk mei it berntsje. Doe seach er dat de buorlju de kiste yn 'e keamer swaeiden. It wie krekt...
nl.verhalenbank.20609
Yn Tsjummearum hat in man wenne, dy wie mei de helm geboaren. Hy kaem wolris op in plak, dêr't er oars noait kaem. Dan seach er dêr by 't hûs op, hy bleau even stean en gong wer fuort. In dei of hwat letter stoar der dan ien yn dat hûs.
nl.verhalenbank.20620
Hjir skeef tsjinoer hat in pleats stien. Dêr wenne Anders Reitsma op, dy is letter nei Froubuorren gong. 1 augustus 1895 is dy pleats ôfbarnd. It waerd yn oktober fjouwer jier. Der wie heabroei, de arbeiders hienen oan 't headollen west. Ik wit noch dat heit thúskaem en sei: "Reitsma syn pleats stiet yn 'e brân. Hein v.d. Burg wurke by Anders Reitsma. Hy...
nl.verhalenbank.20624
35