Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: omen Place of Narration: Sumar
Piter Prikke biwearde altyd, dat er, foardat de tram ried, hy de lantearnen wol oankommen sjoen hie. 't Hienen wylde lantearnen west.
nl.verhalenbank.25627
Myn omke wie boer op 'e Tike. Faker as ien kear is 't gebeurd, dat it dêr yn 'e nacht op in terskjen gong yn 'e skuorre. Dat wie foartsjirmerije, hwant de oare deis tursken se echt.
nl.verhalenbank.21184
Alde Jelle Polderdyk hat yn Grinzer Pein wenne. Dêr is er ek stoarn, yn 't werkhûs. Dy Jelle fortelde heit dat er froeger de tram sjoen hie, dy ried oer de Mearumer heide. Dat wie noch fier foar de tiid dat de tram der echt wie.
nl.verhalenbank.32920
Janke fan Romke-om (Romke Skyt) en Trynmoai tsjinne yn Drachten. Hja rekke dêr yn forwachting. Hja moest in bern ha fan in joad Van Leer út 'e Hounestege. Op in middei wienen Mart en hja op it lân oan 't jirpelsykjen. Doe sei se: "Hark, dêr liede de klokken al." "De klokken?" sei Mart, "ik hear neat." "Ja," sei se, "de klokken. Dy liede al dat se my strak...
nl.verhalenbank.21360
Myn beppe fortelde, dat der hie in man yn Sumar wenne dy seach in bigraffenis. Dat hat west yn 1897. Hy neamde mar op en hy neamde mar op dy't achter it lyk oanroannen, hy koe se allegear by namme. Mar hy wist net hwa't der yn 'e kiste lei. In fjirtsjin dagen letter hied er sels dea west. 't Wie syn eigen bigraffenis, dy't er sjoen hie.
nl.verhalenbank.32916
Yn 'e Pein stie in boerespul yn de Bosk. Op in joun sieten se allegear by de tafel. Doe hearden se ynienen lawaei. Der woarde mei amers wetter smiten en mei luiwagens en biezems. En dat hie sa'n leven jown, dat sy wienen der allegear binaud fan woarn. "Hwat mei dêr wêze," sei de boerinne, "dêr doar ik noait hinne. Hwa fan jimme doart nei de doar ta." Doe...
nl.verhalenbank.32914
Op in kear - 't wie de jouns let - kom ik thús fan 'e sjongforiening. Ik moest earst even nei de W.C., dy wie by de skuorre. Doe seach ik Nero dêr ús houn. Nero wie myn greatste freon altyd, mar doe't ik him op dat stuit seach, woarde ik deabinaud. Hy kom by my mei de sturt tusken de poaten. Ik doarst net nei him to sjen, sa bang wie 'k. Ik smiet de doar...
nl.verhalenbank.32915
It gebeurde faker as iens dat ik jouns let oer Eastemar nei Skûlenburch roan en dan in timmerjen hearde op it plak dêr't nou de dokter wennet, op it Heechsân. Fuort neitiid woarde dêr it 'Hooghof' delset fan Rypke Atsma. Dat timmerjen hat foartsjirmerije west.
nl.verhalenbank.20219
Op in kear sahwat om tolve ûre hinne yn 'e nacht kommen ik en myn wiif Tsjits us by it plak lâns, dêr't nou it nije tsjerkhôf yn 'e Harkema is. Dêr wie doe in reed en dêr seagen wy 2 lytse berntsjes, dy't elkoar by de hân beet hienen. Ik ha myn wiif dêr wei lutsen, hwant dy koe allinne net in stap mear forsette. De berntsjes gongen de reed del.
nl.verhalenbank.20227
In âld man yn Sumar hearde yn 'e nacht in houn spûkgûlen foar in doar. Hy sei: "Hjir stjert yn 't koart ien." Dat wie ek útkom.
nl.verhalenbank.25628
Dyselde man seach ek in bigraffenis fan tofoaren. Hy sei: "Der rint in wyt en in swart hynder foar de wein." Dat leauden se net, hwant dat gong tsjin 't gebrûk yn. Mar 't kòm wol sa út. Troch omstandichheden moest der in wyt hynder by.
nl.verhalenbank.25629
35