Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
440 datasets found
Place of Narration: Sumar
As men nei de duvelbander ta west hie om drank en men roun oer de Houtsjepaden (= Skeltepaden) by Bouwekleaster (ûnder Harkema), dan rekke dêr de drank altyd stikken.
Oan 'e Godloas Singel spoeke it altyd. (De Godloas Singel roan fan 'e rykswei ôf by Swartkrús via Kûkherne nei 't Skilige Pypke en dan op Dokkum yn)
nl.verhalenbank.21126
Heit kom ris by in âld man op 'e Harste, dy't siik wie. Hoe giet it? frege heit. It komt net goed. Ei, dat falt wol hwat ta, net? Né jonge, dat falt net ta, sei de âld-man. Myn dagen binne teld. De stienûle hat ta de skoarstien ynroppen "In deze maand zult gij sterven." Dyselde moanne ìs er ek stoarn.
nl.verhalenbank.12261
Op it Pasterije-lân spûke it dat it hwat die. Sa roun dêr ek in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr makken se hjir op 'e heide de bern faek bang mei.
Op 'e Tike wie in jonge bitsjoend. Se hellen Piter Poes der by. Dy makke mei de lodde in goatsje om it strjitsje hinne by de foardoar. Doe die er dêr hwat yn 'e groun, dat er mei modder bistoppe.
Ik en myn kameraed sieten op in nacht by in âld minske ta de krúslanders. It âld minske lei op bêd. Mar hja wist de oare deis wol to sizzen hwa't har krúslanders stellen hie. Hja hie 't sjoen sûnder dat se út it bêd wei west hie.
Hjir dwars oer woarde alle jounen timmere. Mar as men der by kom wie der neat to sjen. Letter kom dêr in hûs to stean. Doe seinen de minsken: "Sjoch, dàt hat dat timmerjen west."
Piter Poes wie duvelbander en wenne op Sumarreheide. Op in kear moest er nei in frou ta fanwege tsjoenderij. Hja wienen drok oan 't praten, doe sei de frou: "Ik mat even nei de panne mei sûpenbrij, oars siedt dy oer." Piter Poes sei: "Wachtsje, 'k sil wol even mei." Doe stie de brij in hiel ein boppe de panne, en dochs sea se net oer.
nl.verhalenbank.25624
Op de Harste stiet in hûs: It earrebarrenêst. Dêr hearden se froeger alle nachten de tsjerne gean. En dochs wie der neat.
Myn bruorren Tamme en Wytse hienen elk in faem yn Drylst to wenjen. Dêr hienen se ris togearre op 'e fyts hinne west. Doe't se weromkamen yn 'e neinacht, doe wienen se sahwat oan 'e Wergeaster mar ta, by Idaerd, doe hie Wytse ynienen sein: "Sjoch, dêr is in fanke, dy rint dêr by 't foarste tsjil fan myn fyts lâns." Fuort dêrnei hie Tamme itselde fanke...
Tichte by de Drachtster Pipe is Teadehoekje, by de Slingerwei. Dêr spûket it. Dêr op 'e hoeke ha se froeger in fékoopman formoarde. Dat wie Teade. Hy hie nei de merk ta west dêr't er in koe forkocht hie. 't Jild hied er yn 'e bûse hawn. Dat hienen se him ûntstellen. Letter seagen guon dêr yn 'e nacht in man oer de wei hinne krûpen mei in koe oan 't tou....
nl.verhalenbank.36260
Ruerd Veenstra is letter troud en hy kom yn 'e stêd to wenjen. Op in snein kochten hy en syn maet in glês bier yn in kroech. Dêr siet doe krekt in roerich ploechje jonkfolk. Dy wienen och sa lestich. Hja hellen de messen ta de bûsen út en wienen drok en healwiis. 't Bigoun Ruerd to forfelen. Ruerd sei tsjin syn maet: "Ik hie der wol sin oan om dat folkje...
nl.verhalenbank.36248
Biesterveld Heit en dy ha wol ferteld oer Biesterveld. Dat moat in troch ende wer troch grutte boef west hawwe. It wie oars mar in plat keardeltsje, mar hy stie foar ien moard net. Hy kaam út 'e bûtenlannen; se seinen wol fan út Hongarije. Hy wie hjir hingjen bleaun en moat yn Drachten en op 'e Gerdyk wenne ha. Op 'e Sweach hat er skearbaas west. Se ha...
Pier Thomas Stombrink Te Ljouwert hat ris in grutte hurdriderij west, dêr dienen Adam en Atse ek oan mei. Mar der wie yn dy tiid nóch sa'n ferneamde hurdrider. Dat wie Pier Thomas Stombrink fan Wytgaard. Foardat de hurdriderij begûn, waarden de prizen toand. Dat wienen haloazjes: de earste priis in gouden, de preemje in sulveren en de tredde priis in...
By 't Godloas Tolhûs tusken Beetstersweach en Lippenhuzen spûke it ek. Ek op 'e Mûzegroppewei by Rottefalle spûke it. Op 'e Kleasterloane to Burgum spûke it ek. Dêr kreunde nou en dan hwat.
Spûkgûlet in houn, dan komt der ien to forstjerren. In soad minsken hâlde stellich fol dat it sa is.
Yn Sumar, by 'de Koekoek' bigjint de Grabbeloane. Dêr spoeke it altyd. Dêr roan altyd in juffer om. Dêr hat in slot stien, dêr wenne in graef yn. Dêrom hyt it dêr Grabbeloane. Dêr is alris in kear in rydtúch mei in juffer der yn samar yn 'e groun sûnken.
Piter Poes seach mear as in oar. Hy wie by minsken yn 'e kost. It hûs dêr't se yn wennen, moest fortimmere wurde. Piter Poes sei: "Der matte ek noch sinten yn sitte." En wrachtich, der kom in partij jild út it ûleboerd wei.
Alde Jochums Antsje wenne dêr't nou de widdou Popma wennet. Dy wie mei de helm geboaren en moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
Wylde lantearnen seagen wy froeger faek oer de heide. As wy ûndogens wienen, sei heit: Pas op, jonkje, oars sil 'k de wylde lantearnens der yn litte.
0