Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
111 datasets found
Dutch Keywords: omen Place of Narration: Harkema
By ljochtmoannewaer hearde ik op in joun hiel dúdlik dat guon mei latten oan 't fêstslaen wienen en doe sei de iene tsjin 'e oare: "In bytsje heger." Mar der wie neat, abslút neat. Ik sei tsjin 't wiif: "Dêr komt in nij hûs, sa en sa." It duorre net lang of sy setten dêr in hûs del.
nl.verhalenbank.27411
By Foanejacht, tusken Warten en Garyp wie in brêge. By dy brêge stie in hûs. Dêr wie ek yn dy buert in oerset. Dêr lei in skipke. Dêr wenne in heit yn mei syn dochter. Op in joun woardde der roppen. Der woe noch ien oerhelle wurde. De faem gong yn 't boatsje. Sy farde nei de oare kant ta. Sy hearde wol dat er hwat yn 'e boat stapte, mar hja seach neat....
nl.verhalenbank.16814
It is us gebeurd dat der in jonkje wie yn Droegeham, dy rôp fan Brân! Brân! Brân! Alle minsken kommen to sjen, mar der wie nergens brân. It bern hâldde fol dat er it sjoen hie en hy wiisde it plak oan. Syn heit joech him in pak op 'e hûd. In pear dagen letter der oan 'e Lytse Wei twa plaetsen op, dêr't dikke Marten en Bosma wenne ha. 't Wie de kant op...
nl.verhalenbank.20829
Knjillis Praamstra fan 'e Harkema wie us in kear op Drachtstermerke. Doe seinen se tsjin him: "Ast wite wolste mei hwa st' trouwe silste, dan kinst har to sjen krije." Doe gong er in tinte yn. Dêr wie in swarte spegel yn. Doe seach er dêr in frommes yn dy spegel. 't Wie in donker frommes, dêr is er ek mei troud. Ik ha har wol kend. As der gjin faem yn 'e...
nl.verhalenbank.17713
Boardzer Bruining fan 'e Boelensloane seach foar de twadde wereldoarloch it Dútse leger fan tofoaren yn ús lân kommen.
nl.verhalenbank.26243
Hja hat wol mear sokke dingen meimakke. Hja hat ek fan to foaren it tikjen en hammerjen heard fan it hûs dêr't wy nou yn wenje. Dat wie wol in jier fan tofoaren.
nl.verhalenbank.20949
De Liuwepoel is ôfgryslike djip. Nachts ha se wolris ien roppen heard om help. Dat lûd kom út 'e poel wei. Dat bitsjut dat der nochris ien yn forsûpe mat.
nl.verhalenbank.23930
Yn 'e Liuwepoel hearden se in kear 'help' roppen. Dêr mat altyd noch ien yn fordrinke, is 't sizzen.
nl.verhalenbank.25760
Op in moarn hearden wy hwat rinkeljen yn 't keukentsje. It wie krekt as woarden alle glêzen dêr ynslein. Wy der hinne, mar der wie neat to sjen. Mar de middeis kom der in great skilderij fan boven. Der siet in glês foar. Dat wie yn gruzels en de faeskes dy't op 'e skoarstienmantel stienen, kommen mei. Dy wiene ek yn diggels. 't Wie 't selde lawaei, dat wy...
nl.verhalenbank.19517
In timmerman út 'e Harkema gong op in moarn ier en bitiid nei syn wurk op Readskuorre. Underweis seach er hoe't se dêr mei in hûs oan 't útsetten wienen. Mar doe't hy der op ta roan en der by kom, wie der neat. Mar op datselde plak setten se letter in hûs.
nl.verhalenbank.27412
Op in kear hienen myn skoanmem en dy to jounpraten west yn 'e Bosk hjir yn 'e Harkema. Sy wienen noch mar in eintsje op stap, doe kommen se in lykstaesje tsjin. 't Wie let op 'e joun. Skoanmem sei: "Dat kin wolris in bern fan Durk Jager wêze", hwant dy wenne dêr, en dat bern wie noait net rjocht goed. Letter gong Durk Jager dêr wei to wenjen, doe sei mem:...
nl.verhalenbank.25761
35