Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Us mem hearde ris op in jountiid ien by de doar. Doe seach se dat der twa man ynkommen. Sy seach hiel dúdlik dat dy in baerke delsetten rjocht tsjin 'e muorre oan, hjir yn 'e keamer.
Hja siet yn 't hoekje fan 'e keamer. Sy woarde sa bleek as in doek. It swit bruts har út, sa binaud woarde se. Even letter wie alles wer fuort.
In pear wiken dêrnei kommen...
nl.verhalenbank.25736
Doe't ús mem in famke wie, hearde se bern sjongen en sy seach ek ljochtsjes. Sy rôp beppe der by en sei: "Mat mem hjir us sjen, sa'n moai ljocht is dêr." Sy hearde dúdlik it getrappel fan berneklompkes en dat der sein woarde: "Jullie moeten stil zitten."
Yn werklikheit wie der doe neat. Mar letter hat âlde Warmolts op dat plak in lyts tsjerkje bouwe...
nl.verhalenbank.21222
Der woarde hjir froeger wol gauris sein: Dat hûs mat ek noch us in kear opbrânne; dy en dy ha 't brânnen sjoen.
nl.verhalenbank.25905
Us mem hat wolris forteld, dat guon in lûd hearden dat út it wetter wei kom - dan moest der ien forsûpe.
Even letter kom der ien oanriden en dy rekke yn 't wetter en forsûpte. Ik wyt net mear hwer't dat gebeurde.
nl.verhalenbank.29332
Timmerjen hearden se hiel faek fan to foaren. Dan sei de iene tsjin 'e oare: "Mast ris hearre, sa giet it dêr op in timmerjen." Dat is op forskeidene plakken gebeurd.
nl.verhalenbank.16883
Froeger seagen wy hjir faek wylde lantearnen. Dat wie allegearre foartsjirmerij. Hwant letter kommen dêr de strjitlantearnen.
nl.verhalenbank.19554
Warmolds wie de man dy't hjir yn 'e Harkema it kristendom brocht hat. It wie in boerke. Hy hâldde earst syn preken yn in hokje. Doe wienen der minsken, dy hearden dêr nachts timmerjen. Mar as se der hinne gongen wie der neat to sjen. Ridlik gau dêrnei ha se der in gebouke achter set. Op dat plak stiet nou de herfoarme tsjerke.
nl.verhalenbank.19541
Bareld van der Wyk wenne yn 'e Stûken. Jouns hearden se 't lûd fan in hynder. It wie krekt as skarrele der in hynder om 'e doar. Letter kom yn datselde hûs in man to wenjen mei in hynder.
nl.verhalenbank.16882
Ik ha wol gauris timmerjen heard op plakken, dêr't letter in nij hûs kom. Doe wie'k noch tige jong. Dat is wol sa'n sechstich, sauntich jier lyn.
nl.verhalenbank.20667
Alde Wierd Kooistra syn soan Rinse hat Rapke timmerman (Wijma) formoarde. In maend foardat dat gebeurde hat Wierd syn wiif hwat sjoen. Doe kom der in wein oan sûnder hynders der foar.
't Hat sahwat yn 1912 west. Dy wein treau har en har nichtsje Pôpe Jantsje hast yn 'e hage. Mar der wie yn werklikheit neat.
Fjouwer wiken neitiid hâldde dêr in auto stil...
nl.verhalenbank.21223
Op it plak dêr't nou de grifformearde tsjerke stiet, ha se froeger fan tofoaren psalmsjongen heard.
nl.verhalenbank.21237
Doe't ús mem noch yn 'e hûs wie, wenne se yn in âld húske mei in reiden tek. Dat stie hjir doe allinne. Dit hûs, dêr't wy nou yn wenje en de oare huzen wienen der doe noch net.
Mem en dy hearden nachts altyd timmerjen. Mar der woarde yn werklikheit net timmere. 't Wie foartsjirmerij. Letter kommen der allegearre huzen om harres hinne. Doe hearden se...
nl.verhalenbank.25737
"As ik in houn spûkgûlen hear," seit myn wiif, "dan tink ik: - Hwa sil 't nou wêze? -"
nl.verhalenbank.21141
Der stienen us guon by de Skûlenburchster brêge ûnder Eastemar. 't Wie yn 'e winter en der lei iis. Doe hearden se in stem út 'e Burgumer Mar wei, dy't sei:
"De tijd is verschenen, de man is er niet."
Fuort dêrnei ried der ien op redens yn in wek en forsûpte.
nl.verhalenbank.23941
Yn Droegeham wenne yn myn bernejierren in âld minske, dat hiet fan Willemke. Ik wyt noch dat se us in kear fortelde fan in lûd út it wetter. Der woarde sein: De tijd is verstreken, de man is der niet. Doe wie der even letter ien fordronken.
nl.verhalenbank.26152
Mem hat faek forteld, dat se froeger timmerjen hearden yn 'e Harkema op plakken dêr't dan letter in nij hûs kom to stean.
nl.verhalenbank.29329
Mem en dy wennen flak by de Liuwepoel. Mar as it winter wie mochten se noait op 'e Liuwepoel ride. Dat fortroude pake net. Hwant hy wie ris in kear op in joun by de Liuwepoel lâns kom, doe hearde hy roppen: help. En even letter wer, en doe nochris wer. Trije kear.
"Dêr forsûpt nochris ien," sei pake, "dat màt gebeure."
Mar ik leau net dat der oant diz...
nl.verhalenbank.33417
Der stienen guon oan 'e kant fan 't wetter op 't Blaufallaet. Dêr hearden se in stem, dy kom út it wetter wei. Der woarde sein: "De tijd is der wel, maar de man is der niet."
It duorre mar even, doe kom der in man oanriden, en dy ried pardoes yn it wetter en forsûpte dêr.
nl.verhalenbank.25738
Wy ha 't faek hawn, dat wy dúdlik hearden dat der ien by de doar kom. Mar as wy der hinne gongen wie der net ien to sjen. Mar men koe der fêst fan op oan dat dyselde in skoftsje letter kom.
nl.verhalenbank.23946
As der sawn eksters op 'e foarstrjitte binne, komt der in deaden.
Binne se op 'e achterstrjitte dan komt der in feest.
Ik kom de Wide Pet del, doe skattere der in ekster.
Ik sei: O heden, der is hwat thús.
Ik kom thús, doe wie ús geitsje dea.
nl.verhalenbank.33016