Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: nieuw Place of Narration: Twijzelerheide
Ik haw hjir in ein fierderop wenne yn in hûs, doe wie 'k izerkooopman. 2 jier ha 'k dêr tahâlden. Mar wy woenen dêr graech wei. 't Wie dêr net út to hâlden. As wy jouns healweitsienen op bêd leinen, dan gong 't der njonken ús alderheislikst oan wei. 't Wie krekt as smieten se mei grouwe bolstiennen. Altyd wie dat leven dêr, en der wie noait hwat to sjen....
nl.verhalenbank.10675
Froeger wienen 't hjir op 'e heide allegear ljochtsjes by jountiid. Dat neamden se wylde lantearnen. Dat binne letter allegear huzen woarn. Dêr wie 't foartsjirmerije fan.
nl.verhalenbank.34472
As it ûnwarich wie en der wie rein en stoarm op til, dan kommen der allegear ljochtsjes by de reden lâns. Dat woarden letter allegear ljochtsjes by de reden lâns. Dat woarden letter allegear huzen. Ien fan dy ljochtsjes sloech ris in kear fêst yn in hage - dat hat dêr doe wit hoe lang brând. (Dy huzen kommen to stean tusken Frijstêd en Broek yn. Dêr...
nl.verhalenbank.28430
Myn man wie noch in jonge baes, hy wie hjir us op 'e wei mei oaren. Sy praetten hwat, doe hearden se yn 'e Kule timmerjen. Guon seinen: wy sjogge ljochten. Mar dêr stie net in hûs. Letter is dêr boud woarn. Der binne nije huzen yn 'e Kule delset. Myn man hat it sels fan to foaren heard en sjoen.
nl.verhalenbank.23414
Doe't wy famkes wienen, wienen wy jouns wol us by meester op it skoalleplein. Dat wie yn Frijstêd, tusken Broek en Ikkerwâld. Jouns seagen wy allegear ljochtsjes. Dy forskeaten dan fan 't iene plak nei 't oare. Wy fregen meester: "Hwat is dat?" Meester sei: "Dat binne wylde fûgels." Mar ús mem sei: "Dêr matte jim letter mar us om tinke. Op it plak, dêr't...
nl.verhalenbank.22022
By Foppe van der Ploeg syn heit op Koatstermoune bigounen se noait mei nij wurk op mendei. Ek al hienen se 't noch sa drok dat waerd net dien. Der binne kwea-mendagen.
nl.verhalenbank.38656
Us heit hat us in kear in hutte boud by 't hûs. Fan tofoaren sei ús mem: "Hwat giet it der hjir jouns doch oan wei. It giet altyd mar op in timmerjen." Dat sei se tsjin heit. Doe sloech heit letter dat hutsje. Dat wienen de lûden dy't se heard hie.
nl.verhalenbank.22146
35