Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
De frou fan Melle van der Wal, dy't nou op 'e Tike wennet, wenne alear op 'e Harste. Dêr hearde se op in nacht tige klear dat der timmere woarde. In skoft letter kom der op dat plak in herberch to stean. Dat wie it nije café fan Teunissen.
nl.verhalenbank.33250
Ritske Bottinga wie frijmitseler. Dy moest alle jierren hwat nijs bouwe. Hy moest altyd mar timmerje oan 't hûs. Die er it net, dan moest hy der sels oan.
nl.verhalenbank.25432
By de Wopkepoel yn 'e Harkema stie in hûs, dêr wenne âlde dôve Tryn yn. Op in joun stienen wy bûten, ik mei noch in pear maten - 't wie noch fóár myn trouwen - doe gong it dêr hiel bot op in timmerjen. Wy hearden it dúdlik.
Even letter is dêr in nij hûs kom. Der kôm Fokke fan Mekke Nicolai yn to wenjen.
nl.verhalenbank.33287
Hjir oan 'e Bethlehemsreed hearden guon ris yn 'e nacht dat it op in timmerjen gong. Letter kom der op dat plak in hûs to stean. 't Wie foartjirmerije.
nl.verhalenbank.28328
Alde Thomas Clare wie kaertlizter.
Ik ha 't ris meimakke, doe sieten der twa jonge froulju. Ik siet der flak by, mar sy koenen my net sjen.
Mar ik koe alles hearre.
"Dû hast in swarten," sei Klare, "dy loert op dy."
"Nòch ien, dy wol der tusken."
"D_ is wòl fortroud, d_ nèt."
"Jimme krije èk hwat nijs, beide in nije fyts."
Hja krigen beide in poppe.
nl.verhalenbank.25142
Yn 'e droom hear ik faek in stem. Dy dielt my dan it ien of oare mei. Dêrtroch wyt ik fan alles, hwat der gebeure sil.
Ik haw trije beppesizzers, dy moesten alle trije in pop ha. Dy stem sei tsjin my: Twa derfan dat wurde jonges. Se komme allebeide Anders to hiten. (Ik wist net dat de heiten fan 'e manlju beide Anders hieten)
Tsjin 'e trêdde beppesizzer...
nl.verhalenbank.21442
To Surhuzum wienen guon dy hearden timmerjen en smiten mei balken. Mar der wie neat to sjen. Doe seinen se: "Dêr komt grif in nij hûs." En 't wie ek sa. De pleats fan Jan IJes waerd dêr letter boud.
nl.verhalenbank.27782
Froeger waerden der jouns faek twa ljochtsjes sjoen oer de dyk. Dan seinen se: "Dêr komme mei de tiid huzen to stean."
Mar dy huzen steane der noch net.
Wol sil dêr in nije wei komme, tsjin 'e Skieding oer, dêr't wy wenne ha.
nl.verhalenbank.32012
Ik wenne op 'e Koatstertille, dat is nou sahwat in jier of tsien lyn, tink. Dêr hearde ik forskeidene jounen achter elkoar, as ik op bêd lei, hammerjen en timmerjen, altyd op itselde plak. Mar dêr gebeurde doe noch neat.
Doe moest dêr in nij brêgehûs komme. Dat kom op itselde plak, dêr't ik it timmerjen heard hie.
't Wienen krekt deselde lûden.
nl.verhalenbank.25220
Der wie in boer, dy hie in hiel âld plaets. Dy wie wol sa min. Mar dy boer hie gjin jild om in nijen sette to litten.
"Hoe krij ik in nije plaets", sei er faek yn him sels.
Dan roan er op 'e wei om jouns en dan prakkesearre er mar.
Op in kear wie dat wer it gefal. Doe kom dêr in man oan.
"Hwerom bistû hjir alle jounen op 'e wei?" sei dy.
"Dat sil 'k jo...
nl.verhalenbank.27437
Der wennen minsken yn Grinzer Pein. De man en de frou leinen op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe sei de iene tsjin 'e oare: "Hwat giet it hjir dochs op in timmerjen."
Sy hearden klear dat der mei planken smiten woarde.
Sy hienen mar ien buorman, dy wenne oan 'e lofter kant. Mar it timmerjen kaem fan 'e rjochtse kant, en dêr stienen gjin huzen.
Hja der ôf om...
nl.verhalenbank.24659
Yn Surhuzum seagen se froeger op in plak in wylde lantearne. Letter kom der op datselde plak in buorkerij to stean.
nl.verhalenbank.27807
Op 't sté, dêr't nou de plaets fan Tsjalling Wiersma stiet, ha se fan tofoaren timmerjen heard, foardat de plaets der stie.
Sy ha dêr sneins en deis trochtimmere oan dy pleats. It sizzen is, dat sa'n plaets iens opbrânne mat, omdat der op snein oan timmere is. Mar it is noch net gebeurd.
nl.verhalenbank.19902
Ds. Warmolds hat in houten tsjerkje sette litten yn 'e Harkema. Dat wie ûnder 'e Smoarhoeke. Foardat se mei 't bouwen bigongen hearden guon it psalmsjongen dêr al op dat plak.
nl.verhalenbank.27783
Ik haw hjir in ein fierderop wenne yn in hûs, doe wie 'k izerkooopman. 2 jier ha 'k dêr tahâlden. Mar wy woenen dêr graech wei. 't Wie dêr net út to hâlden.
As wy jouns healweitsienen op bêd leinen, dan gong 't der njonken ús alderheislikst oan wei. 't Wie krekt as smieten se mei grouwe bolstiennen. Altyd wie dat leven dêr, en der wie noait hwat to sjen....
nl.verhalenbank.10675
Wylde lantearnen seach men meast boppe de heidefjilden.
As de minsken ien seagen, seinen se: "Sjoch, dêr komt wer in nij hûs."
nl.verhalenbank.26112
Jan Tuinstra, hjir to Ikkerwâld, hearde op in nacht iderkear timmerjen. In wike letter woarde der by him achterhûs in great hok delset.
nl.verhalenbank.23068
Warmolds wie in jonge man. Syn heit wie herfoarme dominé yn Surhuzum. Hja hearden dêr fan 'e rare tastânnen yn 'e Harkema, dat dêr alhielendal net in tsjerke wie en it folk neat fan God ôfwiste. De jonge Warmolts sei: Dêr mat foroaring yn komme. Doe gong er nei de Harkema ta om to sjen hwer't de tsjerke stean moest. Doe kom er op in keal oarde. Dêr wie 't...
nl.verhalenbank.34514
Op 'e Houtsjepaden yn 'e Sumarreheide wienen froeger us in pear murdejagers. 't Wie yn 'e nacht. Doe't se by in wâl wienen, tochten se: "Hea, dêr is noch in ljocht." Sy woenen der hinne, mar sy koenen noait by dat ljocht komme. Sy prebearren 't fan alle kanten, mar sy bleauwen wol fjouwer kampen fan dat ljocht ôf.
Ien fan dy murdejagers, dat wie Binne...
nl.verhalenbank.23040
Op it plak dêr't nou Koos Landheer syn hûs stiet, hearden se fantofoaren hyltyd timmerjen.
Koarte tiid dêrnei waerd it hûs dêr delset.
nl.verhalenbank.20401